Bôgesjitten op de Paralympyske Simmerspullen

Bôgesjitten is ien fan de sporten dy’t op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen stean.

Bôgesjitters mei in lichaamlike beheining (útsein dôven) kinne meidwaan oan it bôgesjitten op de Paralympyske Simmerspullen. De wedstrydregels binne bassearre op ynternasjonale FITA-regels, mei in oantal lytse oanpassings. Bôgesjitters kinne meidwaan yn trije klassen, ien foar steande sjitters en twa foar sjitters yn in rolstoel.

Bôgesjitte is sûnt de Paralympyske Simmerspullen 1960 yn Rome in fêst ûnderdiel fan de Simmerspullen. Fan de Spullen fan 1964 ôf steane der ek team-eveneminten op it programma.

It bôgesjitten by de Paralympyske Spullen bart yn in oantal klassen om de wedstriden earlik te hâlden, fan 1996 ôf binne de klassen as folgjend yndield:

  • W1: sjitters mei in tetraplegie, as ferlykbere beheining, yn in rolstoel. Sjitten mei mei in recurvebôge of compoundbôge.
  • W2: sjitters mei in Dwerslesy, as ferlykbere beheining, yn in rolstoel. Sjitten moat mei n recurvebôge.
  • Steand: sjitters dy’t steand as fanôf in stoel sjitte. Sjitten moat mei in recurvebôge.

Keppeling om utens

bewurkje seksje


Sport op de Paralympyske Simmerspullen
Hjoeddeiske sporten: Atletyk | Bankdrukken | Basketbal | Blinefuotbal | Boccia | Bôgesjitten | Follybal | Goalball | Hynstesport | Hurdfytsen | Judo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tafeltennis | Tennis
Sporten út it ferline: CP-fuotbal | Dartchery | Gewichtheffen | Hurdsilen | Koersbal | Snooker | Wrakseljen
  ·   ·  


  Bôgesjitten op de Paralympyske Simmerspullen
Rome 1960 | Tokio 1964 | Tel Aviv 1968 | Heidelberch 1972 | Toronto 1976 | Arnhim 1980 | New York en Stoke Mandeville 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 |Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 | Parys 2024 | Los Angeles 2028 |
  ·   ·