Haadmenu iepenje

Bôgesjitte op de Paralympyske Simmerspullen

Bôgesjitte is ien fan de sporten dy’t op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen stean.

Bôgesjitters mei in lichaamlike beheining (útsein dôven) kinne meidwaan oan it bôgesjitten op de Paralympyske Simmerspullen. De wedstrydregels binne bassearre op ynternasjonale FITA-regels, mei in oantal lytse oanpassings. Bôgesjitters kinne meidwaan yn trije klassen, ien foar steande sjitters en twa foar sjitters yn in rolstoel.

SkiednisBewurkje

Bôgesjitte is sûnt de Paralympyske Simmerspullen 1960 yn Rome in fêst ûnderdiel fan de Simmerspullen. Fan de Spullen fan 1964 ôf steane der ek team-eveneminten op it programma.

KlassenBewurkje

It bôgesjitten by de Paralympyske Spullen bart yn in oantal klassen om de wedstriden earlik te hâlden, fan 1996 ôf binne de klassen as folgjend yndield:

  • W1: sjitters mei in tetraplegie, as ferlykbere beheining, yn in rolstoel. Sjitte mei mei in recurvebôge of compoundbôge.
  • W2: sjitters mei in Dwerslesy, as ferlykbere beheining, yn in rolstoel. Sjitte moat mei n recurvebôge.
  • Steand: sjitters dy’t steand as fanôf in stoel sjitte. Sjitte moat mei in recurvebôge.

Keppeling om utensBewurkje

Sjoch EkBewurkje