De Roman fan Walewein

De Roman fan Walewein, yn it oarspronklike Midnederlânsk: De Roman van Walewein (ek wol bekend ûnder de titel: De Jeeste van Walewein en het Schaakbord, dy't dr. G.A. van Es der yn 1957 oan joech), is in trettjinde-iuwske Arthurleginde en ridderroman yn 'e foarm fan in epysk gedicht yn 11.198 fersregels, skreaun troch de Flaamske dichters Penninc en Piter Vostaert. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma waard útjûn yn 2010.

De Roman fan Walewein
algemiene gegevens
oarspr. titel De Roman van Walewein
auteur Penninc en Piter Vostaert
taal Midnederlânsk
foarm poëzij
sjenre ridderroman, epos
skreaun 13e iuw
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Roman fan Walewein
publikaasje 2010, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Elikser
oersetter Klaas Bruinsma
ISBN oers. 978-9 08 95 42 434

De Roman van Walewein is de grutste Arthurroman út 'e Midnederlânske literatuer. Hy is skreaun troch twa auteurs. Dejinge dy't him "Penninc" neamt (nei gedachten in "artystenamme" fan immen dy't jildlike middels brek wie), is dermei úteinset, mar briek om regel 7840 hinne syn ferhaal ôf. It is ûndúdlik wêrom't er dat die; men hat wol spekulearre dat it wurk him op 'en doer te mânsk waard of dat er morele beswieren krige tsjin 'e bluodderige gefjochtssênes of de seksuële moraal, of dat er gewoan siik waard en stoar. Yn elts gefal is de roman ôfmakke (troch tafoeging fan 'e lêste 3300 fersregels) troch in oare skriuwer/dichter, dy't himsels Piter Vostaert neamt. Tradisjoneel wurdt derfan útgien dat Penninc syn wurkplan foar syn dea noch oan Vostaert trochjaan kinnen hat en dat dy doe as in soarte fan testamintêr eksekuteur it ferhaal ôfmakke hat, mar oft dat wol echt sa gien is, falt te betwifeljen, ek al om't Vostaert yn syn epilooch Penninc beskrobbet fanwegen it feit dat dy De Roman van Walewein net sels foltôge hat.

De folsleine tekst is mar yn ien hânskrift oerlevere, dat bewarre wurdt yn 'e Universiteitsbibleteek Leien (U.B. Leiden, hs. Letterk. 195-2). Dat hânskrift datearret út 1350, en is dus op syn minsten mear as sechstich jier letter skreaun as it orizjineel fan Penninc en Vostaert. De Universiteitsbibleteek fan Gint hat noch inkele fragminten fan in jonger manuskript (Ms. 1619) op 'e noed. Lang hat men miend dat De Roman fan Walewein in bewurking wie fan in ierder Aldfrânsktalich orizjineel, krekt as Ferguut, mar dêr is men yn 'e tweintichste iuw fan ôfstapt. No leaut men dat it in oarspronklik wurk is, sij it ien dat weromgrypt op in langere tradysje fan Arthurromans mei lyksoartige ferhalen.

De ferneamde keltologe Maartje Draak hat yn it patroan fan De Roman van Walewein, mei syn yninoar gripende syktochten, it type folksferhaal 550 (yn 'e Aarne-Thompson-yndeks fan mûnlinge folkloare) werkend, dat it bekendst is fan it mearke De Goudene Fûgel, fan 'e bruorren Grimm. Yn 1922 wurke de grutte Nederlânske skriuwer Louis Couperus de ferhaalstof fan De Roman van Walewein om ta syn boek Walewein en het Zwevende Schaakbord. Dêryn bliuwt er deunby de oarspronklike ferhaallinen, mar jout er de fertelling in moderner karakter.

Kening Arthur hâldt hôfdei mei syn ridders, dêr't ek Walewein (of Gawain) ûnder is. Nei in rynsk miel sweeft der ynienen in prachtich skaakboerd, fersierd mei goud, ivoar en ealstiennen, it kastiel yn. As it wer ferdwynt, like mysterieus as dat it kommen is, seit Arthur dat er syn hiele ryk en keningskip der wol foar oer hat om dat skeakboerd te besitten. Dêrfandinne dat Walewein útriidt op in kweeste om it ding foar de kening te bemachtigjen.

Nei in pear aventoeren ûnderweis, wêrby't ûnder mear in stikmannich draken befjochtet, berikt er op 't langelêst it kastiel fan 'e eigner fan it skaakboerd, kening Wûnder. Dy wol him it skaakboerd bêst tahawwe, mar dan moat Walewein him yn ruil dêrfoar it magyske Swurd mei de Twa Ringen jaan. Dêrop set Walewein ôf op in kweeste om dat swurd te finen. Uteinlik spoart er de eigner dêrfan op, kening Amoraan. Dy wol him it swurd wol jaan, mar dan moat Walewein him de tsjeppe prinsesse Isabelle bringe om mei te trouwen. Dat Walewein set útein mei in trêde kweeste, diskear nei de prinsesse, dy't er úteinlik, nei in ôfmêdzjende reis, fynt yn it kastiel fan har heit, kening Assentyn, yn it fiere Endi (Ynje).

 
In miniatuer út it manuskript dat de Universiteitsbibleteek Leien op 'e noed hat.

It kastiel is lykwols ûnberikber, om't der in rivier omhinne streamt. Mar Walewein moetet dêr de foks Roges, dat in prins is dy't troch syn styfmem betsjoend is. Dy wiist him in ûndergrûnske gong oan dy't ûnder de rivier troch nei it eilân ta liedt dêr't it kastiel op stiet. Mar hy warskôget Walewein ek dat it him net in protte jaan sil, mei't er dan noch troch de tolve muorren fan it kastiel hinne brekke moat, en dy wurde elk bewekke troch tachtich ridders. Walewein set lykwols troch, en nei't er alle 960 ridders deade hat, stiet er einlings en te'n lêsten each yn each mei kening Assentyn. Tsjin dy tiid is Walewein, dy't dochs al net fris oan it gefjocht begûn wie, skjin ynein, dat it is foar de mânske Assentyn in kâld keunstke om him finzen te nimmen.

Assentyn wol Walewein deadwaan, mar syn dochter Isabelle fersiket om earst mei him prate te meien. Hja rekket daliks sljocht fereale op him, en ek foar Walewein is it leafde op it earste gesicht. Isabelle wit him út syn sel te befrijen, mar har heit trappearret harren as hja oan it koezjen binne en set har dan beide fêst yn foarinoaroer leine tsjerkersellen. It sjocht der net bêst út foar Walewein, mar dan wurdt er beleanne foar in goede die út it ferline, want de geast fan 'e Reade Ridder, in smjunt dy't er holpen hie te deadzjen, mar neitiid ferjeffenis skonken en in kristlike begraffenis jûn hie, komt werom om him en Isabelle frij te litten. Tegearre ûntflechtsje se it kastiel fan kening Assentyn. Se reizgje werom nei it kastiel fan Amoraan, mar lokkigernôch blykt dy krekt stoarn te wêzen, wat Walewein in dilemma tusken leafde en plicht besparret. Mei it Swurd fan 'e Twa Ringen bejouwe se har nei it kastiel fan kening Wûnder, dêr't se it swurd omwikselje foar it skaakboerd. En alsa komt Walewein úteinlik werom oan it hof fan Arthur, mei by him it skaakboerd en de tsjeppe Isabelle. Mar oft Walewein en Isabelle ek trouwe, dat seit de dichter net te witten.

Fryske oersetting

bewurkje seksje

De Fryske oersetting fan De Roman van Walewein ferskynde yn 2010 ûnder de titel De Roman fan Walewein by Utjouwerij Elikser te Ljouwert. De Fryske fertaling is fan 'e hân fan Klaas Bruinsma, dy't der ek in ynformative ynlieding by skreau. Hy basearre him foar syn oersetting op 'e tekstútjefte troch dr. G.A. van Es, by útjouwerij W.E.J. Tjeenk Willink te Swol, út 1957 (ûnder de titel De Jeeste van Walewein en het Schaakbord).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen en Literatuur, op dizze side.