Emma Lavinia Gifford

Emma Lavinia Gifford (Plymouth, Devon, 24 novimber 1840 - Dorchester, 27 novimber 1912) wie in suffragette en de earste frou fan de Britske skriuwer Thomas Hardy.

Emma Lavinia Gifford mei 25 jier
Grêf fan Emma Gifford, Stinsford, Dorset

Houlik mei Hardy

bewurkje seksje

Emma Gifford moete Thomas Hardy yn 1870 doe't er arsjitekt wie. Hardy wie doe dwaande mei in ferslach oer de tastân fan de tsjerke fan St. Juliot, ûnder Boscastle yn Cornwall. Harren ferkearing wie de ynspiraasje foar syn tredde roman, A Pair of Blue Eyes. Sy boasken earst fjouwer jier letter op 17 septimber 1874 yn St Peters Church, Paddington, yn Londen. It pear gie op houliksreis nei Brighton en farden dêrnei nei Dieppe en reizgen fierder mei de trein nei Rouen en Parys.[1]

Letter libben

bewurkje seksje

De Hardy's koene gjin bern krije, wat harren ferhâlding faaks gjin goed dien hat. Nei tweintich jier houlik publisearre Hardy Jude the Obscure. Emma moast net folle hawwe fan dy roman om reden fan de krityk op religy yn it boek en meidat hja benaud wie dat de lêzer oerienkomsten sjen soe tusken de ferhâlding fan Jude en Sue en harres mei Hardy. Emma en Hardy seagen elkoar hieltyd minder en hy lei it oan mei oare froulju. Yn 1899 luts Emma har hieltyd mear werom en siet hja in protte op de souderkeamer dy't Hardy foar har makke hie op har fersyk, ‘my sweet refuge and solace.’

Frouljus emansipaasje

bewurkje seksje

Emma Gifford wie in warber suffragette en oanhinger fan fouljusemansipaasje; 1907 die hja mei oan in mars yn Londen mei George Bernard Shaw en de frou.

Emma Gifford stoar mei 72 jier yn Max Gate, harren hûs ûnder Dorchester.[2] Op de 26e wie hja net goed wurden. Dokter waard roppen, mar sy woe net lije dat er har ûndersocht. Hertfalen en beklemde galstiennen soene neffens de dokter har dea betsjut hawwe. Trije dagen letter waard hja beïerdige by St Michaels-tsjerke yn Stinsford, Dorset. Thomas Hardy liet op har grêf sette: From her lonely husband, with the Old Affection.[3]

Satires of Circumstance, Thomas Hardy’s fjirde dichtbondel befettet The Poems of 1912-13, in samling gedichten dy't er fuort nei Emma har dea skreau.[4] Nei har dea fûn Hardy in skrift mei de titel "What I Think Of My Husband" yn Emma's souderkeamer. Hy hat de rest fan syn libben spyt hân fan it fertriet dat er har oandie hie.[5]

Teffens ûnduts Thomas Hardy in manuskrip, bûn yn brún papier mei de titel Some Recollections by E.L. Hardy oer har libben foar har houlik.[6]

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Neal Oxborrow, sjoen 2013-06-25
  2. Thomas Hardy Society website, sjoen op 2013-06-25
  3. Thomas Hardy, útjouwer The Penguin Press, troch Claire Tomalin, 2007. ISBN 978-1-59420-118-9
  4. Dorset County Museum, sjoen 2013-06-26
  5. Dorset: Far from the modern crowd, útj. The Telegraph, 17 maaie 2005; sjoen 23 july 2013
  6. Some Recollections, Oxford University Press, troch E. L. Hardy, 1979