Bath (Ingelân)

Bath is in stêd (city) yn it distrikt Bath en Noard East Somerset, yn it Ingelsk greefskip Somerset.

Bath
Pulteney Bridge, Bath 2.jpg
Sifers
Ynwennertal 83.992 (2011)
Oerflak 29 km²
Befolkingsticht. 2.896 / km²
Hichte maks. 238 m
Polityk
Lân Feriene Keninkryk
Greefskip Somerset
Regio Súd West Ingelân
Oar
Tiidsône (UTC+0)
Simmertiid (UTC)
Offisjele webside
www.cityofbath.co.uk

De stêd leit oan de rivier de Avon en is in drok besocht toeristeplak yn Ingelân.

Al yn de Romeinske tiid (60er jierren fan de 1e iuw) luts de stêd in protte minsken fanwege de genêskrêftige waarme boarnen; Aquae Sulis ('de wetters fan Sulis'). In timpel en termen út dy tiid binne foar in part bewarre bleaun. Edgar fan Ingelân waard kroane yn de Abdij fan Bath yn 973. Yn de 18e iuw waard Bath in modern baaiplak, mei in protte oanrin fan it begoedige diel fan de befolking. Beau Nash, de dandy, mocht dêr graach wêze.

De stêd is omjûn fan hichten. In protte gebouwen binne oplutsen út in witige lokale stiensoarte, de saneamde 'Bath stone'. De elegante 18e-iuwske Georgiaanske boustyl oerhearsket.

De stêd hat syn namme jûn oan in bisdom (Bath and Wells), mar de katedraal stiet yn Wells.

WrâlderfgoedBewurkje

Sûnt 1987 stiet Bath op de Wrâlderfgoedlist fan de UNESCO.[1] Yn 2009 waard der rekkening mei holden dat de erfgoedstatus ynlutsen wurde soe fanwege in wenningbouprojekt fan goed 2000 wenten. De kommissy besleat nei in besite oan de stêd om de status te hanthavenjen.[2]


Berne yn BathBewurkje

StedebannenBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynskriuwing 428
  2. Status blijft