Katedraal fan Wells

De Katedraal fan Wells (Ingelsk: Wells Cathedral) is in anglikaanske katedraal yn Wells, Somerset, Ingelân. De katedraal is wijd oan de apostel Andréas en de biskopstsjerke fan it bisdom Bath en Wells. As sit fan it bisdom stiet dêr de biskopstroan of cathedra. De katedraal waard tusken 1175 en 1490 boud en ferfong in âldere tsjerke op it plak, dêr't al sûnt 705 in tsjerke stien hat. Fan de Ingelske katedralen hat de tsjerke in beskieden omfang; de katedraal is lytser as dy fan Lincoln en York, mar grutter as dy fan Oxford en Carlisle. It brede westlike ein en de foarse sintrale toer meitsje fan de katedraal in yndrukwekkend monumint yn it lânskip.

Katedraal fan Wells
Lokaasje
lân Ingelân
regio Súdwest-Ingelân
greefskip Somerset
plak Wells
adres Cathedral Green, Wells BA5 2UE
koördinaten 51° 12' N 2° 38' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Anglikaanske Tsjerke
bisdom Bisdom Bath en Wells
patroanhillige Andréas
Arsjitektuer
boujier 1175-1490
boustyl Gotyk
Webside
Side katedraal
Kaart
Katedraal fan Wells (Somerset)
Katedraal fan Wells

De suvere goatyske arsjitektuer is útfierd yn de saneamde iere Ingelske styl fan de lette 12e en iere 13e iuw. Der ûntbrekke romaanske skaaimerken lykas dy wol yn in soad oare goatyske katedralen foarkomme. De histoarikus John Harvey beskôge de katedraal as it earste, folsleine goatyske bouwurk dat briek mei de lêste romaanske ynfloeden. De bou sette om 1175 útein mei it koer oan it eastlike ein.

It westlike front fan de katedraal is dekorearre mei mear as 300 byldhouwurken. Yn it eastlike ein fan de katedraal is in seldsume grutte samling fan âld brânskildere glês te sjen.

De âldste resten fan in gebou op it plak binne dy fan in let-romeinsk mausoleum, ûntdutsen by opgravings yn 1980. Yn 705 liet de earste biskop fan it bisdom Sherborne ûnder it regear fan kening Ine fan Wessex in abdijtsjerke bouwe. Dy waard wijd oan de hillige apostel Andréas en stie op it plak fan de kleastergong, dêr't noch guon resten sjoen wurde kinne. It doopfont yn it súdlike transept fan de katedraal datearret fan dy tsjerke en is it âldste keunstwurk fan de hjoeddeiske katedraal. Yn 766 skonk Cynewulf, kening fan Wessex, de tsjerke grutte stikken lân. De sit fan it bisdom ferhûze yn 909 fan Sherborne nei Wells.

De earste biskop fan Wells wie Athelm (909), dy't kening Æthelstan kroande. Athelm en syn omkesizzer Dunstan waarden letter aartsbiskoppen fan Canterbury. Nei de Normandyske ferovering liet John de Villula yn 1090 de biskopssit fan Wells nei Bath ferhûzje. De tsjerke wie net langer in katedraal en hie in kolleezje fan sekuliere kannuniken.

Der wurdt fanút gien dat der om 1175 hinne mei de bou fan de katedraal út ein set waard. Alhoewol't it fanwegen de skaal fan de nije tsjerke fan meet ôf oan dúdlik wie dat it as katedraal ornearre wie, ferhûze de sit fan de biskop tuskentiids noch fan Wells nei de abdijen fan Glastonbury en Bath, ear't Wells lang om let de biskopssit waard.

Bou fan de katedraal

bewurkje seksje
 
Plattegrûn fan de katedraal: 1. Westlik front, 2. skip, 3. sintrale toer, 4. koer, 5. retrokoer, 6. Marijekapel, 7. sydskip, 8. transept, 9. eastlik transept, 10. noardlik portaal, 11. kapittelseal, 12. kleastergong
 
Westlike front

De bou fan de katedraal fûn plak ûnder biskop Reginald Fitz Jocelin en waard ferfolge ûnder Jocelin fan Wells, in kannunik dy't yn 1206 biskop waard. It wurk oan de katedraal lei tusken 1209 en 1213 stil, doe't kening Jan ekskommunisearre en Jocelin ferballe wie. De belangrykste dielen fan de tsjerke wiene lykwols foltôge yn de tiid fan de wijing troch Jocelin yn 1239.

Doe't de katedraal, ynklusyf it kapittelhûs, yn 1306 klear wie, die bliken dat it gebou al te lyts wie foar de feroarjende liturgy en de jimmeroan faker foarkommende prosesjes. Biskop Jan Droxford lied in nije boufaze yn. Yn dy boufaze waard de sintrale toer ferhege en oan it eastlik ein de achtsidige Marijekapel (Lady Chapel) tafoege. Syn opfolger Ralf fan Shrewsbury boude fierder mei de eastlike útwreiding fan it koer en retrokoer. Hy hold ek tafersjoch op de oanlis en bou fan de saneamde Vicars' Close oan de noardlike kant fan de katedraal, in strjitte mei oan wjerssiden gebouwen foar de manlju fan it koar om apart fan de ferliedings fan de stêd dêr feilich te wenjen en te wurkjen. De biskop koe net sa goed oerwei mei de befolking fan de stêd, foar in part fanwegen de belestings dy't er oplizze liet en dêrom liet er it biskoplike paleis fersterke mei muorren mei kantelen en in grêft mei ophelbrêge.

 
De 14e iuwske "skjirrebôgen" dy't de fieringstoer ferstevigen

Biskop Jan Harewell sammele jild yn foar de foltôging fan de westlike gevel fan de katedraal. Boumaster Willem Wynford waard foar dat doel yn 1365 oansteld. De mastermitsler hie al earder namme makke mei syn wurk foar de kening yn Windsor, de katedraal fan Winchester en New College fan Oxford. Yn Wells ûntwurp er de westlike tuorren, dêr't de noardwestlike fan net earder as yn de iuw dêrnei boud waard. Yn de 14e iuw fersakken de sintrale pylders ûnder it swiere gewicht fan de fieringtoer, dy't as gefolch fan in ierdskodding in iuw earder skea oprûn hie. Om de pylders te ferstevigjen waarden der troch mastermitsler Willem Joy tusken de arkades sierlike ferbiningsbôgen oanbrocht. De wize wêrop dit dien waard troch in bôge yn spegelbyld op in gewoane bôge te setten wie foar dy tiid sensasjoneel.

Tudor en boargerkriich

bewurkje seksje

Under it bewâld fan Hindrik VII wie de katedraal foltôge en hied er foar it measte it oansjen fan tsjintwurdich. Alhoewol't Wells de ûntbining fan de abdijen tusken 1536 en 1541 troch Hindrik VIII better oerlibbe as oare kleasterkatedralen, brocht it wol in fermindering fan ynkommen. Midsiuwsk koperwurk moast ferkocht wurde en foar it earst waard der in preekstoel yn it skip set. Tusken 1551 en 1568 lei de natoerûndersiker en geastlike William Turner in krûdentún oan, dy't tusken 2003 en 2010 rekonstruearre waard.

Elizabeth I joech it kapittel en it fikarissenkoar in nij hânfêst yn 1591 en rjochte in nij bestjoersorgaan op, besteande út in deken en acht kanunniken mei kontrole oer de tsjerklike besittings en sizzenskip oer tsjerklike saken, mar net langer it rjocht om de dekaan te kiezen (dat rjocht kaam tenei de Kroan ta). De stabiliteit troch it nije hânfêst einige mei it begjin fan de boargerkriich en de ûnthalzing fan Karel. Striid om en by de katedraal soarge foar skea oan it muorrewurk, de oanklaaiing en de ramen fan de katedraal. Yn de tiid fan it Mienebêst Ingelân ûnder Oliver Cromwell waard der gjin deken beneamd en rekke de katedraal yn ferfal. De biskop gyng mei pensioen en guon geastliken krigen net mear om hannen dan wat ûndergeskikte taken.

Yn 1661, nei't Karel II de troan wer krigen hie, waard Robert Creighton, de pastor fan de kening yn ballingskip, beneamd ta deken en twa jier foar syn dea yn 1672 biskop. Hy liet de tsjerke de koperen lessenaar nei en it grutte westlike finster fan it skip. Nei de katedraal krekt restaurearre wie waard by de Monmouth-opstân fan 1685 de westlike gevel fan de katedraal skeind troch puriteinske soldaten. Hja skuorden it lead fan it dak om dêr munysje fan te meitsjen, brieken de ramen, sloegen it oargel en meubilêr fyn en lieten de hynders yn it skip op stâl stean.

Under Thomas Ken, dy't troch de kroan yn 1685 beneamd wie en tsjinne oant 1691, sette in nije restauraasje út ein. Hy wie ien fan de sân biskoppen dy't finzen set waard om't se wegeren de Ferklearring fan Ferdraachsumens, dy't katoliken de mooglikheid joech om wer politike macht yn te nimmen, fan Jakobus II te ûndertekenjen. Troch harren populêriteit waarden se lykwols wer frijlitten.

Fiktoriaanske tiid oant tsjintwurdich

bewurkje seksje

Yn it midden fan de 19e iuw waard in grut restauraasjeprogramma opset. De monuminten ferhûzen nei de kleastergong en de resten fan de midsiuwske fresko's en kalk ferwidere. De arsjitekt Anthony Salvin naam in yngeande restauraasje fan it koer foar syn rekken. De yn de 16e iuw ynbrochte houten galerijen waarden ôfbrutsen en de koerbanken krigen stiennen baldakinen mei modern borduerwurk op de rêch. It midsiuwske doksaal waard yn it sintrum útwreide om it dragen fan it nije oargel moogllik te meitsjen.

De westlike gevel ûndergyng benammen oan it ein fan de 20e iuw restaurearre. It brânskildere glês wurde aldegeduerich renovearre.

Kapittelhûs

bewurkje seksje
 
Ynterieur kapittelhûs
 
Vicar's Close

It kapittelhûs ûntstie oan it ein fan de 13e iuw en waard foltôge om 1310 hinne. It is in twa ferdjippings tellend bouwurk mei in haadkeamer boppe in kelder. Nei de achthoekige keamer rint in trep dy't ûnderweis opsplitst en fierder giet nei de Chain Gate, dy't tagong jout ta de Vicar's Close. It dekorearre ynterieur fan it kapittelhûs hat in palmbeamferwulft mei sterk profilearre ribben. Under de grutte spitsbôgefinsters mei maaswurk binne omrinnend 51 nissen oanbrocht dy't opfleure wurde mei byldhouwurk en kopkes.

De grutte kleastergong waard yn de lette 13e iuw en foar in grut part weropboud fan 1430 oant 1508. It eastlike diel hat twa ferdjippings. De boppeferdjipping is de bibleteek.

Om't de katedraal fan Wells mear sekulier as monastyk wie, ûntbriek foar de kleastergong in praktyske needsaak. Oare sekuliere katedralen hiene dan ek gjin kleastergongen, mar yn Wells en Chichester waarden se wol boud. In ferklearring dêrfoar wurdt socht yn in prosesjefunksje oant estetyske motiven. Krekt as by dy fan Chichester ûntbrekt in noardlike tagong. Yn monastike kleastergongen waard it noardlike diel, dat it meast profitearre fan it sinneljocht winterdeis, faak brûkt as skriptorium.

 
Oersjoch ynterieur
 
Raam yn de Marijekapel

Brânskildere glês

bewurkje seksje

Ek al feroarsaken troepen fan it parlemint skea yn 1642 en 1643, de katedraal fan Wells besit noch jimmeroan ien fan de grutste kolleksjes midsiuwske brânskilderde ramen yn Ingelân. It âldste glês datearret út de lette 13e iuw en is te finen yn de twa ramen westlik fan de trep nei it kapittelhûs. Twa ramen yn it súdlike koerskip stamme út 1310-1320.

Yn de eastlike Marijekapel (Lady Chapel) binne fiif ramen, wêrfan't fjouwer ramen dielen mei brânskildere glês út de jierren 1325-1330 besitte. Der binne û.o. foarstellings fan de lokale hillige Dunstan te sjen. It meast eastlike raam is in rekonstruksje út 1845 fan it orizjineel.

It eastlike raam fan it koer is in grut raam út 1340-1345 mei in foarstelling fan de Beam fan Jesse. Yn it raam waard doe in nije technyk mei sulverkleuring tapast, wêrtroch details yn giel en swart brûkt wurde koene. De kombinaasje fan giel en swart en de tapassing fan de heldere giele kleur joegen it raam de namme "Gouden Raam"(Golden Window). It wurdt flankearre troch twa ramen yn de ljochtbeuk mei twa grutte foarstellings fan hilligen (ek út 1340-1345).

Yn de Katarinakapel (Chapel of St Katherine) wurde de ramen taskreaun oan Arnold fan Nimwegen. De ramen út 1520 komme oarspronklik út de yn de 19e iuw ferneatige Église Saint-Jean-sur-Renelle fan it Frânske Roeaan.

De ramen fan de trije grutte lânsetfinsters yn it westlike diel fan it skip waarden yn 1664 op kosten fan deken Creighton ynbrocht. Yn 1813 waarden se restaurearre en it sintrale diel waard tusken 1925 en 1931 neffens in ûntwerp fan Archibald Keightley Nicholson ferfongen. Fan it haadtransept binne de einramen yn it begjin fan de 20e iuw ynset.

 
Muonts dy't fjochtet mei in draak
 
In kapiteel mei in fruitdief dy troch in boer mei in túnfoarke slein wurdt

It grutste diel fan it byldhouwurk foarmje de bledfoarmige kapitelen. Se fersiere de pylders fan it skip, koer en de transepten. Alhoewol't it byldhouwurk mooglik beynfloede is troch akantus- en wynblêd, kin der net ienfâldich in beskaat type plant idintifisearre wurde. Yn de transepten en nei de fiering binne der tusken it bledwurk in soad lytse figueren te sjen. Te sjen binne û.o. in man mei pine yn 'e mûle en in searje fan fjouwer foarstellings oer it "lean fan de sûne" (Romeinen 6:23); in ferhaal fan fruitdieven dy't hofkesjonge en troch de eigner straft wurde. In oar moai foarbyld is ek in bledkonsole yn it noardlike transept dêr't in hagedis of salamander oer hinne krûpt.

Yn it eastlike diel fan de gebouwen binne der in soad slútstiennen dy't mei goatysk byldhouwurk fersierd binne. Yn it kapitelhûs binne 51 byldhoude nissen mei in grut tal lytse holtsjes mei in grut ferskaat, in soad fan dy kopkes glimkje of laitsje. Bekend yn de trep fan it kapitelhûs is in figuer fan in muonts dy't in draak slacht.

Astronomysk oerwurk

bewurkje seksje

Yn it noardlike transept is in astronomysk oerwurk dat nei alle gedachten út 1325 stamt. It mechanisme, dat datearre wurdt tusken 1386 en 1392, waard yn de 19e iuw ferfongen. It orizjinele mechanisme ferhûze doe nei it Science Museum yn Londen, dêr't it noch altiten wurket. It is nei dat fan de katedraal fan Salisbury it op ien nei âldste besteande oerwurk fan Ingelân.

Misericordes

bewurkje seksje
 
Flearmûs

De katedraal hat ien fan de moaiste samlings miserikordes fan Ingelân. Se stamme út de jierren 1330-1340. Fan de oarspronklik 90 miserikordes bleaune der 65 bewarre (dêrfan 61 yn it koer, trije op oare plakken yn de katedraal en ien yn it Victoria and Albert Museum. Nei't it eastlike ein fan it koer oan it begjin fan de 14e iuw langer makke waard kamen der ek nije koerbanken. Mei de reformaasje gyng in diel fan de miserikordes ferlern. Ien fan de miserikordes fan in jonge dy't in toarne út syn foet lûkt stamt út de 17e iuw. Yn 1848 waard it meubilêr yn it koer herskikt en 61 fan de miserikordes waarden doe op 'e nij yn de rekonstruearre koerbanken oanbrocht.

Gjin fan de miserikordes binne rjochtstreeks basearre op in bibelske ferhaal. De foarstellings binne troch de houtfiker keazen of faaks troch dyjinge dy't foar it sitplak betelle. Sânentweintich miserikordes byldzje bisten út: kninen, hûnen, in jonge hûn dy't in kat byt, in skiep dy't it laam drinke lit, apen, liuwen, flearmûzen en it ier-kristlike motyf fan twa dowen dy't út in kanne drinke. Achttjin miserikordes hawwe in mytologysk ûnderwerp, lykas mearminnen, draken en oare fantasijebisten. Oare miserikordes binne ferhalen, lykas de fokse en de guozzen en it ferhaal fan Aleksander de Grutte dy't troch griffioenen nei de himel brocht wurdt, of hollen fan in biskop, in ingel en in frou.

 
Doopfont, wêrfan't it ûnderste diel noch út de anglo-saksyske tsjerke stamt

Oar meubilêr

bewurkje seksje

Yn de Marijekapel stiet in koperen lessener út 1661. It iken hek fan de kapel yn it noardlike transept is 17e iuwsk. Fierder is der in 14e iuwske kist, dy't brûkt waard om it segel it kapittel en weardefolle dokuminten yn op te berchjen. De troan fan de biskop stamt út 1340 en waard yn 1850 restaurearre. Foar de troan oer stiet de 19e iuwske achthoekige preekstoel. It doopfont yn it súdlike transept stamt oarspronklik út de tsjerke dy't earst op dit plak stiet en hat in deksel út lettere tiid. Yn de Martinuskapel (St Martin's Chapel) wurde de manlju fan Somerset betocht dy't foelen yn de Earste Wrâldkriich.

 
Oargel

De earste fermelding fan in oargel yn de tsjerke stamt út 1310. Yn 1415 waard in lytser oargel oanskaft, nei alle gedachten foar de Marijekapel. Yn 1620 waard in nij oargel boud troch Thomas Dallam, dat yn 1643 ferneatige waard troch soldaten fan Oliver Cromwell. In oargel út 1662 waard fergrutte yn 1786 en nochris yn 1855.

Yn 1909-1910 boude Harrison & Harrison út Durham in nij oargel mei help fan de bêste ûnderdielen fan it âlde oargel. Sûnt dy tiid is it oargel altiten yn ûnderhâld west by itselde oargelbedriuw.

Njonken it gewoane oargel hat de katedraal ek noch in keamerkoargel. It waard boud troch de Skotske oargelbouwers Lammermuir. It stiet ornaris yn it koer, mar it kin nei oare dielen yn de katedraal ferhûze wurde. It wurdt regelmjittich brûkt by de begelieding fan renêssânse en barokke muzyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Wells Cathedral