Katedraal fan Salisbury

De Katedraal fan Salisbury (Ingelsk: Salisbury Cathedral), formeel bekend ûnder de namme Katedrale Tsjerke fan de Hillige Jongfaam Marije (Cathedral Church of the Blessed Virgin Mary), is in anglikaanske katedraal yn Salisbury, Ingelân. It is ien fan 'e bêste foarbylden fan de iere Ingelske gotyk. It wichtichste diel fan 'e tsjerke waard yn in tiidrek fan 38 jier fan 1220 oant 1258 boud.

Katedraal fan Salisbury
Lokaasje
lân Ingelân
(ser.) greefskip Wiltshire
plak Salisbury SP1 2EJ
adres 6 The Close
koördinaten 51° 3' N 1° 47' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Anglikaanske Tsjerke
bisdom Salesbury (sûnt 1220)
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 1220-1258
boustyl gotyk
monumintale status Listed building Grade I
monumintnûmer 1023581
Webside
Side katedraal
Kaart
Katedraal fan Salisbury (Wiltshire)
Katedraal fan Salisbury

Sûnt 1549 hat de katedraal de heechste tsjerketoer fan it Feriene Keninkryk. Toeristen kinne de 123 meter hege toer beklimme mei de Tower Tour en dêr de âlde stegers besjen. De katedraal hat ien fan 'e âldste noch wurkjende oerwurken fan 'e wrâld en is yn besit fan it bêste eksimplaar fan 'e fjouwer noch besteande kopyen fan 'e Magna Carta.

De katedraal stiet yn in foar Ingelske katedralen typyske close, it distrikt dêr't yn 'e midsiuwen it kapittel en de oan 'e katedraal ferbûne geastliken wennen. De close wurdt omklamme troch in muorre en der binne trije poarten bewarre bleaun, dy't tagong nei de close jouwer.

Yn 2008 waard it 750-jierrich jubileum fan de konsekraasje fan 'e 135 meter lange katedraal fierd.

 
De katedraal fan Old Sarum fanút it westen.

De foargonger fan 'e tsjintwurdige katedraal wie in Normandysk bouwurk, dat yn wat hjoed-de-dei Old Sarum hyt stie, likernôch 3 kilometer noardlik fan it moderne Salisbury. In skeel tusken de doedestiidske biskop Richard en it leger yn Old Sarum late der ta dat de biskop tastimming fan de kening krige om de biskopsit te ferhûzjen nei syn besit yn Merryfield op 'e flakte fan Salisbury. De âlde Sarum-katedraal waard stadichoan ôfbrutsen en it frijkommen boumateriaal waard nei de nije lokaasje, New Sarum (it lettere Salisbury), oerbrocht om dêr de hjoeddeiske katedraal te bouwen. De operaasje waard betelle mei jeften, benammen koarhearen en geastliken yn Súdeast-Ingelân, oan wa't frege waard om alle jierren in fêst bedrach te donearjen oant de katedraal foltôge wie. It krúspunt fan 'e katedraal stiet mei Old Starum en Stonehenge op in saneamde, sabeare-wittenskiplike, leyline, in rjochte line dy't meardere lokaasjes fan geografysk belang meiïnoar ferbynt, alhoewol't Clive L.N. Ruggles ha wol dat it sompige plak pas keazen waard nei't it mear westlik lizzende plak, dat de foarkar hie, net bemachtige wurde koe.

 
Plattegrûn fan 'e katedraal.

De earste stien foar de nije katedraal waard lein op 28 april 1220. Fanwegen de hege wetterstân op 'e nije lokaasje waard de katedraal boud op in fundearring fan mar 1,2 meter djip en yn 1258 wiene it skip, de dwersskippen en it koer al foltôge. Letter waard útein set mei de bou fan in kleaster (1240), in kapittelhûs (1263) en sûnt 1320 in toer mei in 123 meter hege spits. Om't de katedraal yn in koart tiidrek fan mar 38 jier boud waard, is de arsjitektuer yn in unifoarme styl fan 'e iere Ingelske gotyk.

De hege goatyske spits soe yn 'e rin fan 'e tiid in soad swierrichheden opleverje. Tegearre mei de toer foeget de spits 6.397 ton ta oan it gewicht fan 'e katedraal. Sûnder yn 'e rin fan de tiid steunbearen, steunbôgen en ferankeringsizers ta te foegjen, soe de spits itselde lot as dy fan oare grutte tsjerklike gebouwen dield ha en ynstoarte (lykas de abdij fan Malmesbury, 1180-1500; de katedraal fan Lincoln, 1311-1549; de katedraal fan Chichester, 1402-1861). Yn stee dêrfan waard Salisbury nei it ynstoarten fan dy fan Lincoln yn 1549 de heechste tsjerketoer fan it lân.

 
De katedraal mei de yn 1790 ôfbrutsen klokketoer (kopergravuere fan Wenzel Hollar).

De arsjitekt James Wyatt brocht yn 1790 feroarings oan 'e katedraal oan. Sa waarden doe it doksaal ferfongen en de frijsteande klokketoer noardwestlik fan 'e tsjerke ôfbrutsen. Salisbury is ien fan de trije Ingelske katedralen sûnder in folsleine set fan klokken (de oare twa binne de katedraal fan Norwich en de katedraal fan Ely). De midsiuwske klok liedt lykwols alle fearnsoeren.

Op 25 oktober 2018 is der besocht om de Magna Carta út de katedraal te stellen. Tanksij it alarm koe letter in 45 jier âlde man oanholden wurde. Aldergelokst rekke de Magna Carta sels by it brekken fan de glêzen kiste net skansearre.

Restauraasjes en ynterieur

bewurkje seksje
 
Trije-ienheidskapel.

De katedraal fan Salisbury ûnderfûn yn 'e reformaasje en de Ingelske boargerkriich fan 'e 17e iuw hast gjin skea. Dochs waard nei in tiidrek fan trije iuwen yn 'e lette 18e iuw en begjin 19e iuw in restauraasje needsaaklik. Tige drastysk wiene de yngrepen dy't James Wyatt ûnder biskop Shute Barrington fan 1789 oant 1792 útfierde. De frijsteande klokketoer waard ôfbrutsen en hy makke de grûn foar de katedraal lyk om der in gersflakte fan te meitsjen. It midsiuwske doksaal waard troch in neogoatysk doksaal ferfongen en it heechalter ferhûze nei de Trije-ienheidskapel (Trinity Chapel). Twa 15e iuwske kapellen yn 'e perpendicular-styl, dy't oan wjersiden fan 'e Trije-ienheidskapel stiene, waarden ôfbrutsen. Fierders liet Wyatt de midsiuwske ramen foar in grut part fernije. It eastlike finster krige in foarstelling fan 'e Opstanning neffens in ûntwerp fan Joshua Reynolds, dat wer yn 1980 ferfongen waard troch in nij raam fan Gabriel Loire út Chartes mei in foarstelling fan gewissefinzenen. Wyatt liet ek de grêfmonuminten út it koer helje en se tusken de pylders fan it skip opstelle. It grêfmonumint foar Sir Richard Mompesson en syn frou Catharine krige yn 1964 de orizjinele kleuren werom.

 
It ynterieur fan east nei west.

In twadde grutte restauraasje folge yn de jierren 1863–1878 ûnder lieding fan George Gilbert Scott. It heechalter waard no op it âlde plak weromset en fergrutte mei in heech massyf retabel. Yn 1984 waard yn it alter in stien fan 'e earste katedraal fan Old Sarum ynlein. Boppe it heechalter is in fan helder glês emaillearre finster mei de foarstelling fan Moazes mei de slang. Wyatt's doksaal moast wike foar in iepen metalen konstruksje. De resten fan de midsiuwske ramen waarden byinoar brocht en der waarden bypassende neogoatyske ramen ûntwurpen. Ek krige de katedraal gasferljochting, ferwaarming en in nij oargel fan Henry Willis & Sons. Oan it eksterieur liet Scott grutte dielen fan de tsjerke fernije en sa bleau ek Salisbury lykas de measte oare Ingelske katedralen net sparre foar de 19e iuwske restauraasjedrift.

Yn 'e jierren 1959-1960, doe't de neogotyk mear en mear yn ûngenede foel, waard it doksaal fan Scott ôfbrutsen. Ek de gasferljochting en it alterretabel waarden ferwidere. Tagelyk waarden in soad ramen en de Fiktoariaanske flier ferwidere. Sa ûntstie de hjoeddeiske lange iepen sichtas fan west nei east, dêr't de katedraal bekend om stiet. In lêste restauraasje fan 'e toer en de westlike gevel fûn oant it jier 2000 plak.

Arsjitektuer

bewurkje seksje

Westlike ôfsluting

bewurkje seksje
 
De westlike gevel fan de katedraal

De westlike gevel fan 'e katedraal is beynfloede troch dy fan 'e katedraal fan Wells. It bestiet út treptuorren op 'e bûtenste siden mei nei de midden fan it westwurk ta twa steunbearen dy't it grutte sintrale trijedielige finster mooglik meitsje. De twa treptuorren binne mei spitsen bekroane. It sintrale diel wurdt boppe ôfsletten mei in gevel mei lansetfinsters. Tusken de dêrboppe lizzende twa fjouwerpasfinsters is in mandorla ynbrocht mei in byld fan Kristus yn Majesteit. De tagong wurdt flankearre troch lytsere doarren.

 
Gevelbylden.'

Hast mei wissens is fêststeld dat dit diel tagelyk mei de bou fan 'e katedraal ta stân kaam. Dat is te sjen oan 'e wize wêrop de finsters gearfalle mei de romten yn 'e tsjerke. De hiele foargevel is 33 meter heech en breed. Der wurdt sein dat it front op in lytsere skaal boud is as oarspronklik de bedoeling wie. It mist folsleine tuorren lykas dy by oare katedralen sjoen wurde, lykas bygelyks yn Wells, Lincoln en Lichfield.

Yn 73 fan de meiïnoar 130 nissen oan 'e foarkant fan 'e katedraal stiet in stânbyld. Der binne fiif rigen mei nissen dy't fan boppe ôf ingels en aartsingels, âldtestamentyske patriarchen, apostels, evangelisten, martlers, filosofen en op it leechste nivo keningen, preesters en oan 'e katedraal ferbûne persoanen sjen litte. De measte bylden stamme út de midden fan 'e 19e iuw, mar der binne sân út de 14e iuw en ek in tal resintere bylden.

Opfallend oan 'e katedraal is it hege en smelle skip. De muorren binne fan ljochtgrize stien, wylst de pylders fan donkerkleurich moarmer binne. Der binne trije nivo's te ûnderskieden: de hege spitsbôgige arkades, in iepen kreake en in lytse ljochtbeuk. Tusken de pylders steane tombes lykas dy fan William Longespée, de healbroer fan kening Jan en de ûnwettige soan fan Hindrik II, dy't de earste persoan waard om yn 'e katedraal byset te wurden.

Kapittelhûs en Magna Carta

bewurkje seksje

It kapittelhûs is achthoekich en wurdt droegen troch in slanke sintrale pylder. It waard yn 'e jierren 1855-1859 op 'e nij troch William Burges fersierd. De muorren binne boppe de spitsbôgenissen fersierd mei in midsiuwsk fries dat foarstellings en ferhalen út de bibelboeken Genesis en Eksodus toant. Yn it kapittelhûs wurdt ek it bêste fan de fjouwer noch besteande orizjinele eksimplaren fan Magna Carta bewarre. Elias fan Dereham, dy't yn 1215 by de ûndertekeing yn Runnymede oanwêzich wie en de opdracht hie om in pear fan 'e orizjinele eksimplaren te fersprieden, brocht de Magna Carta nei Salisbury. Elias waard letter in koarhear fan Salesbury en hold tafersjoch op 'e bou fan de katedraal.

 
Midsiuwsk oerwurk

It oerwurk fan 'e katedraal datearret út likernôch 1386 en heart ta de âldste noch wurkjende oerwurken fan 'e wrâld. De klok, dy't gjin wizerplaat hat, stie eartiids yn 'e klokketoer dy't yn 1792 ôfbrutsen waard. Nei de sloop ferhûze it oerwurk mei ien fan 'e klokken nei de toer fan 'e katedraal, dêr't er oant 1884 wurke. Dêrnei waard it oerwurk opslein en fergetten, oant er yn 1929 wer op 'e souder fan 'e katedraal "ûntdutsen" waard. Mannichien wie earder wol bekend mei it oerwurk, mar nimmen wist de klok nei wearde te skatten.

Yn 1956 waard de klok hersteld, sa't er wer wurkje koe.

It oargel waard yn 1877 troch Henry Willis & Sons boud. Yn 1934 waard it ynstrumint fan nije traktueren foarsjoen en krige it in nije spyltafel, dêr't in soad nije koppels yn yntegrearre waarden. De oargelbouwers feroaren ek de disposysje wat, it solowurk waard yn in swelkast ûnderbrocht.

Yn 1993 waard it ynstrumint hielendal neisjoen. It piipwurk út 1877 bleau yn de rin fan de tiid foar in grut part yntakt.

It oargel stiet yn it middenskip en is ferdield yn twa dielen oan beide kanten fan it haadskip yn 'e sydnissen nei de sydskippen. It besit 65 registers ferdield oer fjouwer manualen en pedaal. De traktueren binne elektrysk.

De skiednis fan 'e katedraal fan Salisbury jildt as foarbyld foar de histoaryske roman "The Pillars of the Earth" fan Ken Follett. Ek de ferfilming fan it boek fûn foar in diel by de katedraal plak.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Salisbury Cathedral