Katedraal fan Norwich
De Katedraal fan Norwich (Ingelsk: Norwich Cathedral) is in oan de Hillige en Undielbere Trije-ienheid wijde katedraal yn 'e Ingelske stêd Norwich. De katedraal is de biskopstsjerke fan 'e Tsjerke fan Ingelân. Yn Norwich stiet ek de Sint-Jan-de-Doperkatedraal fan it roomsk-katolike bisdom East Anglia.
Katedraal fan Norwich
Norwich Cathedral | ||
Lokaasje | ||
lân | Ingelân | |
greefskip | Norfolk | |
plak | Norwich NR2 2PA | |
adres | Unthank Rd | |
koördinaten | 52° 37' N 1° 18' W | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Anglikaanske Tsjerke | |
bisdom | Norwich (sûnt 1094) | |
patroanhillige | Hillige en Undielbere Trije-ienheid | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1096-1145 | |
boustyl | Romaanske en goatyske styl | |
monumintale status | Grade I listed building | |
Webside | ||
Side katedraal | ||
Kaart | ||
Mei de bou fan 'e tsjerke waard yn 1096 útein set. It boumateriaal wie ôfkomstich út de omkriten fan Caen, Frankryk. Om romte te meitsjen foar de bou fan 'e nije gebouwen en in haven om it boumateriaal oan te fieren moasten in Angelsaksyske delsetting en twa tsjerken ôfbrutsen wurde. De katedraal waard foltôge yn 1145 mei de Normandyske toer en in houten mei lead ôfdutsen spits. Op ferskillende tiden wie it nedich dat de 96 meter hege spits en it eastlike ein op 'e nij boud wurde moasten, mar sûnt de lêste bou fan in stiennen spits yn 1480 hawwe der fierder gjin grutte feroarings mear west. De spits is de op ien nei heechste tsjerketoer fan Ingelân.
Yn 'e grutte kleastergong binne mear as 1.000 rozetten, dêr't in grut tal fan útsnien en dekoratyf beskildere binne. Allinne de kleastergong fan 'e katedraal fan Salisbury is grutter as dy fan Norwich.
By de foltôging wie de 141 meter lange katedraal mei in dwersskip fan 54 meter it grutste gebou fan East Anglia.
Skiednis
bewurkje seksjeNormandyske bou
bewurkje seksjeMei de bou fan 'e katedraal waard krekt nei de Normandyske oermastering fan Ingelân yn opdracht fan Herbert de Losinga yn it jier 1096 útein set. Noch altyd bestiet de katedraal út it âlde boumateriaal, dat út Frankryk helle waard en mei boaten oer de Wensum nei de boulokaasje fearn waard. Ek it grûnplan bleau sûnt de Normandyske tiid hast ûnferoare, útsein dat fan 'e meast eastlike kapel.
De katedraal hat in útsûnderlik lang skip fan fjirtjin traveeën. De transepten hawwe gjin sydskippen en it eastlike ein einiget yn in koeromgong mei apsis. De koeromgong jout tagong ta twa kapellen mei in bysûndere foarm, wêrfan't it grûnplan basearre is op twa inoar krusende sirkels.
De toer boppe de krusing wie it lêste foltôge (1140) boudiel fan 'e Normandyske katedraal. De hjoeddeiske spits stamt út it lêste diel fan 'e 15e iuw.
By in reboelje yn 1272 rekke de katedraal skansearre. Hindrik III liet swiere boetes oplizze. De restauraasje waard foltôge yn 1278 en yn dat jier kaam kening Edward I sels nei Norwich om op 'e advintssnein de katedraal oanwêzich te wêzen by it op 'e nij iepenjen fan 'e katedraal.
Lette midsiuwen
bewurkje seksjeDe bou fan 'e grutte kleastergong, de iennige yn Ingelân mei twa ferdjippings en mei in ferwulft dat dekorearre is mei mear as tûzen rozetten, begûn yn 1297 en einige yn 1430, nei't de Swarte Dea de stêd pleage hie.
De Normandyske houten spits waaide der by in fûle stoarm yn 1362 ôf en mei de fal soarge it foar grutte skea yn 'e eastlike kapel. Dêrfandinne moast de ljochtbeuk fan it koer op 'e nij boud wurde. Dat barde yn 'e perpendicular gotyk. Yn 'e 15e en it begjin fan 'e 16e iuw waarden de houten plafonds fan 'e tsjerke ferfongen troch stiennen ferwulften. It ûnbidich tal fan hûnderten fersierde slútstiennen oerlibben de fernielsucht fan 'e Tudors en oanhingers fan Cromwell. Eltse rozet is dekorearre mei in teologysk ôfbyld; yn it skip byldzje se de wrâldskiednis út fan 'e skepping ôf, yn 'e kleastergong it libben fan Kristus en it Lêste Oardiel.
De spits fan 'e krusingstoer waard yn 1463 rekke troch de bliksem. It feroarsake brân dy't troch it skip raasde en sa fûl wie, dat de krêmkleurige kalkstien út Caen op guon plakken rôze ferkleure. Biskop James Goldwell joech yn 1480 opdracht ta de bou fan in nije, 96 meter hege spits, dy't tsjintwurdich noch altiten de bekroaning fan 'e toer en de op ien nei heechste tsjerketoer fan Ingelân foarmet.
Reformaasje
bewurkje seksjeYn 1643 yn 'e Ingelske Boargerkriich foel in lilke kloft puriteinen de katedraal oan en ferneatigen in soad katolike symboalen. It gebou, dat dêrnei net mear brûkt waard, lei twa dessinia lang yn pún. It oargel en de tsjerklike klean waarden fernield, krúsen en monuminten waarden derhelle, wapens stikken slein en de tsjerkeboeken en fierder alles wat mar brânber wie nei it sintrum fan de stêd brocht om dêrmei in grut freugdefjoer oan te stekken. Dy deis wie de katedraal in drok gearkommen fan musketiers, dy't dêr smookten en dronken as wie de katedraal in herberch woarn en mei harren musketten der yn de katedraal op los skeaten. Yn 'e stiennen fan 'e tombe fan biskop Goldwell is noch jimmeroan ien fan dy kûgels te sjen. Mei de restauraasje fan de monarchy yn 1660 waard ek de katedraal wer opknapt.
19e-20e iuw
bewurkje seksjeIt súdlike transept waard troch Anthony Salvin ferboud yn 1830. Charles Nicholson ûntwurp de yn 'e jierren 1930-1932 boude Marijekapel (Lady's Chapel) op it plak fan 'e 13e-iuwske foaragonger, dy't oan it ein fan 'e 16e iuw ôfbrutsen waard.
Yn 2004 waard op it plak fan it oarspronklike refektoarium oan 'e súdlike kant fan 'e kleastergong in nij refektoarium iepene. Op 4 maaie 2010 iepene keninginne Elizabeth II en de hartoch fan Edinburgh it nije Hostry Visitor & Education Centre, dat no de haadyngong fan de katedraal is. Ek is dêr plak foar tydlike keunstútstallings.
Ynterieur
bewurkje seksjeIt koerstuolte hat in samling fan 61 miserikordes, dy't stamme út trije ferskate perioades: 1480, 1515 en healwei de 19e iuw.
Yn 'e Lukaskapel (St Luke's Chapel) stiet achter it alter in 14e iuwsk skilderwurk dat de namme Despenser Retabel draacht. It is ferneamd nei biskop Henry le Despenser (1369–1406). Troepen fan Despenser wisten yn 1381 mei súkses in opskuor yn Norfolk del te slaan en mooglik dat dêrnei út tankberens de opdracht jûn waard om it wurk te meitsjen. It lit foarstellings sjen fan it lijen, de dea, de ferrizenis en de himelfeart fan Kristus. It retabel waard yn 1847 ûntdutsen en waard oant dy tiid omkeard as tafelblêd brûkt.
It koperen doopfont waard getten fan kommen, dy't earder brûkt waarden by it meitsjen fan sûkelade troch de Rowntree-fabryk yn Norwich. Doe't de fabryk yn 1994 ticht gyng krige de katedraal it doopfont.
Yn 2013 binne argeologen útein set mei it ûntsiferjen fan in grut oerflak oan midsiuwske graffity yn de katedraal. Hûnderten jierren lang lieten minsken harren boadskip achter troch se te skrassen yn 'e muorren fan de katedraal. Argeologen ûntdutsen tusken tekenings fan skippen, bisten, figueren, nammen, mûnen en gebeden ek muzykstikken yn noatebalken, fromme warskôgings en sels ferflokkings tusken de ynskripsjes oan.
Oargel
bewurkje seksjeAl sûnt de 14e iuw hat der in oargel yn 'e katedraal stien. Yn 1899 waard troch Norman& Beard in nij grut fiifmanualich oargel boud. Yn 1938 gyng dat oargel foar in grut part by in brân ferlern. It hjoeddeiske haadoargel waard yn 'e jierren 1940-1942 boud troch Hill, Norman & Beard. De oargelkas yn 'e hjoeddeiske foarm is in ûntwurp fan Stephen Dykes Bower en waard foltôge yn 1950. It ynstrumint hat 105 registers ferdield oer fjouwer manualen en pedaal en heart ta de grutste katedraaloargels fan it lân. Bysûnder is it hegedrukregister Solo Tuba.
Yn 2017 makke de dekaan bekend dat der £2 miljoen frijmakke waard foar û.o. de weropbou fan it oargel.
Grêf Edith Cavell
bewurkje seksjeEastlik fan it koer fan 'e katedraal stiet de Ferlosserskapel (St Saviour's Chapel). Bûten, oan 'e súdlike kant fan 'e Ferlosserskapel, leit it grêf fan 'e Britske ferpleechster Edith Cavell, dy't yn 1915 troch de Dútsers eksekutearre waard om't hja Belgyske kriichsfinzenen holp te flechtsjen.
Poarten
bewurkje seksjeTwa poarten liede nei de katedraal. Ien fan dy poarten, de Etherbert Gate, waard ferneamd nei de Saksyske tsjerke dy't dêr tichteby stie. De oarspronklike poarte waard by de opskuor fan 1272 ferneatige en ferfongen oan it begjin fan 'e 14e iuw. De poarte hat twa ferdjippings, wêrfan't de boppeferdjipping oarspronklik in oan Sint-Ehtelbert wijde kapel wie. De oare poarte is de Erpingham Gate, in poarte út 1420 dy't foar it westlike portaal fan 'e tsjerke oer stiet en tagong jout ta de close.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Norwich Cathedral
|