Katedraal fan Carlisle

De Katedraal fan Carlisle is in anglikaanske biskopstsjerke yn Carlisle, Kumbria, Ingelân. De tsjerke waard stifte as in augustynske priorij en waard katedraal yn 1133.

Katedraal fan Carlisle
Lokaasje
lân Ingelân
greefskip Kumbria
plak Carlisle
adres 7 Abbey St, Carlisle CA3 8TZ
koördinaten 54° 53' N 2° 56' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Anglikaanske Tsjerke
bisdom Carlisle
patroanhillige Trije-ienheid
Arsjitektuer
boujier 12e-14e iuw
boustyl gotyk
Webside
Side katedraal
Kaart
Katedraal fan Carlisle (Ingelân)
Katedraal fan Carlisle

Fan 'e âlde Ingelske katedralen is it de op ien nei lytste katedraal. Fan it ynterieur binne benammen it stiennen byldhouwurk, de midsiuwske koerbanken en it grutte eastlike goatyske raam it neamen wurdich.

De bou fan 'e katedraal begûn yn 1122 ûnder it bewâld fan kening Hindrik I as in kanunniketsjerke fan 'e oarder, dy't de krekte regels fan de Frânske abdij Arrouaise folge, beynfloede troch de asketyske tradysjes fan 'e Sistersjinzers. Yn dy tiid woarden in soad tsjerken mei in Augustynske grûnslach yn Ingelân boud, om't de aartsbiskop fan Canterbury, Willem fan Corbeil, by de oarder hearde, mar Carlisle is ien fan 'e mar fjouwer augustynske tsjerken dy't in katedraal waard, de measte Ingelske kleasterkatedralen binne benediktynsk.

 
Ynterieur.

Yn 1133 krige de tsjerke de status fan katedraal; de earste biskop fan Carlisle wie Athelwold (1133-1355). Yn 1233 kamen der noch twa oare bruorskippen yn 'e stêd, tichteby de katedraal waarden in dominikaansk en in fransiskaansk kleaster boud. De katedraal waard yn 'e 13e en 14e iuw renovearre en krige in ympuls fanwegen de oanwêzigens fan it hôf fan Edwert I yn 1307.

 
Grêf fan Francis Close, dekaan fan 'e katedraal (1856-1881).

Yn 'e 15e en 16e iuw waarden de kleastergebouwen fernijd. Mei it opheffen fan 'e kleasters yn 1536 en de stifting fan 'e Tsjerke fan Ingelân troch Hindrik VIII as de offisjele steatstsjerke ferdwûnen ek de dominikaanske en fransiskaanske bruorskippen út Carlisle. Krektas oare kleasterkatedralen waarden se tenei bestjoerd troch in sekulier kapittel, lykas dat yn Lincoln en York noch jimmeroan sa is.

De katedraal hie slim te lijen yn 'e tiid fan 'e Ingelske Boargerkriich. It Skotske Presbiteriaanske leger sloopte doe in diel fan it skip fan 'e katedraal om de stiennen te brûken foar de fersterking fan it kastiel fan Carlisle.

Tusken 1853 en 1870 waard de katedraal wer restaurearre troch Ewan Christian.

Totale lingte 73 meter
Totale breedte 43 meter
Hichte yn de tsjerke 22 meter
Hichte fan de toer 33.5 meter

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Carlisle Cathedral