Abdij fan Bath
De Abdijtsjerke fan Sint-Petrus en Sint-Paulus, yn 'e regel gewoan Bath Abbey, wie oarspronklik de tsjerke fan in benediktynsk kleaster en is hjoed-de-dei in Anglikaanske parochytsjerke fan it Ingelske plak Bath. De tsjerke is registrearre as in Grade-I-gebou, in monumint fan bûtengewoan belang.
Abdijtsjerke fan Sint-Petrus en Sint-Paulus | ||
Lokaasje | ||
lân | Ingelân | |
regio | Súdwest-Ingelân | |
plak | Bath | |
koördinaten | 51° 22' N 2° 21' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Anglikaanske Tsjerke | |
patroanhillige | Petrus en Paulus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1499–1611 | |
boustyl | Gotyk (perpendicular-styl) | |
Webside | ||
www.bathabbey.org | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe abdij waard yn 'e 7e iuw stifte en yn 'e 10e iuw reorganisearre. Tusken de 12e en 16e iuw waard de abdij op 'e nij boud, nei't Bath nei de dea fan Willem de Oermasterer yn 1087 by in machtsstriid tusken syn soannen ferneatige waard. De abdijtsjerke tsjinne ek foar in skoft as katedraal foar it bisdom Bath en Wells.
De grutte romaanske tsjerke wermei oan it begjin fan de 12e iuw útein set waard, rekke yn 'e 15e iuw yn ferfal. Yn 1485 telde de priorij 22 muontsen. Doe't Oliver King, biskop fan Bath en Wells (1495–1503), yn Bath wie skrok er doe't er seach hoe slim as de katedraal der oan ta wie. Hy beskreau ek it brek oan dissipline en loaiens fan 'e muontsen, dy't mar al te graach foar de ferliedings fan it fleis belies joegen. De biskop stjoerde in jier letter in brief oan 'e prior fan Bath en skreau dêryn dat in grut part fan it ynkommen fan 'e priorij bestege wurde moast oan 'e weropbou fan 'e katedraal.
Robert en William Vertue, de mitselders fan 'e kening, krigen de opdracht om de katedraal wer op te bouwen en ûnthieten it moaiste ferwulft fan Ingelân te bouwen en dat der nea wer in moaier ferwulft boud wurde soe yn Ingelân, noch yn Frankryk. Yn harren ûntwerp waard der noch in diel fan wat der oerbleaun wie fan de Normandyske bou yntegrearre yn 'e nijbou. Al yn 'e maitiid fan it jier dêrnei sette it wurk útein. Biskop Oliver King soe sels it resultaat nea meimeitsje, mar de restauraasje fan e katedraal wie noch mar krekt foltôge doe't in pear jier letter alle kleasters yn 1539 ûntbûn waarden.
Nei in restauraasje fan 'e tsjerke waard de abdij yn jannewaris 1539 oerdroegen oan 'e Ingelske kroan, dy't it kompleks ferkocht. Mei de ûntbining fan kleasters yn Ingelân wie der ek in ein kommen oan 'e benediktynske mienskip. De abdijtsjerke rekke syn status as ko-katedraal kwyt en nei de ferwidering fan brûkbere materialen lykas izer, lead en glês waard it krekt restaurearre gebou oan it ferfal oerlitten. Keninginne Elizabeth I fan Ingelân stelde nei jierrenlange ferwaarleazging in fûns yn om 'e tsjerke wer te restaurearjen en beskikber te stellen as parochytsjerke fan Bath.
Under lieding fan George Gilbert Scott fûn yn 'e 19e iuw in belangrike restauraasje plak. It wurk bestie ek yn it oanbringen fan it waaierferwulft, dat net allinne in estetyske tafoeging wie, mar ek de foltôging fan it oarspronklike ûntwerp.
Njonken de religieuze funksje wurde der ek konserten en kulturele eveneminten holden. Ek is der ûnder de tsjerke in museum ynrjochte.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeDe tsjerke hat in krúsfoarmich grûnplan en hat plak foar 1200 minsken. It gebou is ien fan 'e grutste fertsjintwurdigers fan de foar Ingelân typyske perpendicular-styl yn Súdwest-Ingelân.
De abdijtsjerke stiet bekend om syn waaierferwulft. Der binne ferskillende oarlochsmonuminten en monuminten foar minsken dy't in grutte rol yn 'e stêd spile ha yn 'e foarm fan epitafen, sarken en brânskildere ramen.
It gebou telt 52 ramen, dy't meiïnoar 80% fan de muorren yn beslach nimme.
Yn 'e tsjerke steane twa oargels en der hingje 10 klokken yn de toer. Oan 'e westlike gevel is in foarstelling fan ingels, dy't op twa leiders nei de himel klimme, in ferwiziging nei de leider fan Jakob.
Haadoargel
bewurkje seksjeYn 1997 waard mei gebrûk fan histoaryske registers fan 'e firma Johannes Klais út Bonn in nij haadoargel boud, dat yn it noardlike dwersskip stiet. De 62 registers fan it oargel binne ferdield oer fjouwer manualen en pedaal. De spyltraktuer is mechanysk, de registertraktuer elektrysk.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Bath Abbey
|