Boppe-Germaanje

(Trochferwiisd fan Germania Superior)

Boppe-Germaanje (Latynsk: Germania Superior) wie in Romeinske provinsje, dy't oan de noardgrins (de Ryn) fan it Romeinske Ryk lei.

Romeinske provinsje Boppe-Germaanje, om-ende-by 120

Boppe-Germaanje ûntstie neidat keizer Domitianus (81-96) de twa militêre goaen grinzjend oan de Limes, (de Ryn-grins) opwurdearre ta folweardige provinsjes: Neder-Germaanje (mei Colonia Agrippina, it tsjintwurdige Keulen as haadstêd) en Boppe-Germaanje (mei Moguntiacum, it tsjintwurdige Mainz as haadstêd). De taheakking Superior (boppelizzend) komt trochdat Boppe-Germaanje streamop oan de Ryn lei wat Neder-Germaanje Inferior oanbelanget.

De provinsje wie Romeinsk grinsgebiet en makke sa diel út fan de limes. De provinsje hie in soad fersterke plakken en der wienen in protte soldaten.

De Romeinske oanwêzigens soe likernôch yn 406 einigje.

Ferneamde gûverneurs

bewurkje seksje