Bisdom Augsburg
Bisdom Augsburg (Dútsk: Bistum Augsburg, Latyn: Dioecesis Augustana Vindelicorum) is in roomsk-katolyk bisdom mei de haadsit yn Augsburg. It bisdom falt ûnder it aartsbisdom München en Freising en beslacht it súdwestlike diel fan 'e Dútske dielsteat Beieren.
Bisdom Augsburg | ||
![]() | ||
Basisgegevens | ||
Lân | ![]() | |
Aartsbisdom | München en Freising | |
Biskopssit | Augsburg | |
Katedraal | Dom fan Augsburg | |
Patroanhillige | Ulrik, Afra en Simpert | |
Hiemside | bistum-augsburg.de | |
Skiednis | ||
Oprjochting | 6e iuw | |
Hierargy | ||
Biskop | Bertram Meier (sûnt 2020) | |
Statistyk | ||
Oerflak | 13.250 km² | |
Befolking | 2.475.000 (31.12.2021) | |
Wêrfan katolyk | 1.183.000 (31.12.2022; 47,8 %) | |
Dekenaten | 23 | |
Parochy's | 1033 (31.12.2019) | |
![]() | ||
Lokaasje bisdom Augsburg yn Dútslân. |
Skiednis
bewurkje seksjeAugusta Vindelicum (Augsburg) wie de haadsstêd fan 'e Romeinske provinsje Raetia secunda en yn dy tiid sil it kristendom dêr ûntstien wêze. Afra fan Augsburg wie in ierkristlike frou, dy't yn it jier 304 de martlerdea ferstoar. Hja is patroanhillige fan 'e stêd Augsburg en it bisdom Augsburg.
Der binne oanwizings út it jier 565 dat der doe al in bekende Afra-ferearing bestie, dy't mear as regionaal wie. Der kin oannommen wurde dat ek nei de fal fan 'e Romeinske oerhearsking in kristlike mienskip bestean bleau. Opgravings by de domtsjerke fan Augsburg wize op in earste biskopstsjerke yn dy tiid.
De earste biskop fan Augsburg dy't by skiedkundigen mei wissichheid bekend is, is biskop Wikterp (ek Wigbert of Wiggo), dy't yn 772 stoar. Under it bestjoer fan biskop Simpert ûntstiene om it jier 800 hinne de benediktynske kleasters Benediktbeuern, Wessobrunn en Ottobeuren.
Patroanhilligen
bewurkje seksjeDe patroanhilligen fan it bisdom binne biskop Ulrik, Sint-Afra en biskop Simpert.
Haadtsjerke
bewurkje seksjeDe domtsjerke fan Augsburg (of de Marije-Fisitaasjedom) is de katedraal fan it bisdom Augsburg. It is tagelyk de stedstsjerke fan 'e Hillich Hert fan Jezus-parochy.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bisdom Augsburg fan Wikimedia Commons. |
Roomsk-katolike bisdommen en aartsbisdommen yn Dútslân | ||
---|---|---|
Hjoeddeistige bisdommen | Aken • Augsburg • Bamberg • Berlyn • Dresden-Meißen • Eichstätt • Erfurt • Essen • Freiburg • Fulda • Görlitz • Hamburch • Hildesheim • Keulen • Limburch • Magdeburg • Mainz • München en Freising • Múnster • Osnabrück • Paderborn • Passau • Regensburg • Rottenburg-Stuttgart • Spiers • Trier • Würzburg | |
Eardere bisdommen | Bremen • Halberstadt • Lübeck • Minden • Verden | |
· · |