Bisdom Linz
It bisdom Linz (Latyn: Dioecesis Linciensis) is in bisdom yn Eastenryk. It falt ûnder de tsjerkeprovinsje (aartsbisdom) Wenen en de grinzen fan it bisdom komme oerien mei dy fan de dielsteat Boppe-Eastenryk.
Skiednis
bewurkje seksjeYn de romeinske tiid hearde in grut diel fan it bisdom ta de provinsje Noricum. Nei't Lauriacum (it tsjintwurdige Lorch) yn it jier 212 in stêd waard soe dêr de sit fan de biskop west ha. Yn it jier 304 ferstoaren 40 kristenen, dêrûnder ek de hillige Floriaan, de martlerdea, dy't nei alle gedachten yn Lauriacum begroeven waarden. Yn de 5e iuw wurdt yn de Vita Sancti Severini in biskop mei de namme Constantius yn Lauriacum neamd.
Nei it Grutte Folkeferfarren ferkundigen iersk-skotske en frankyske misjonarissen it kristendom. Yn 739 stelde Bonifatius de biskopsgrinzen sa fêst, dat Boppe-Eastenryk yn it bisdom Passau kaam te lizzen.
De tsjerklike struktueren hiene fan de Magyaarske ynfallen in soad te lijen. Nei de Slach op it Lechfjild (955) sette biskop Pilgrim útein mei de weropbou. Sûnt 1065 setten de biskoppen Altmann en Ulrich útein mei de ferdieling fan it bisdom yn parochy's.
Yn de tiid fan de reformaasje wie it benammen de adel dy't de nije protestantske lear omearme. Yn de rin fan de tiid waard in grut part fan de befolking protestantsk, mar troch de kontrareformaasje waard Boppe-Eastenryk yn de 17e iuw op 'e nij yn mearderheid katolyk.
Stifting bisdom Linz
bewurkje seksjeKeizer Joazef II twong it bisdom Passau met in dekreet fan 4 july 1784 om ôfstân te dwaan fan de parochy's yn Boppe-Eastenryk en stifte dêrmei it bisdom Linz. Mei de bul fan 28 jannewaris 1785 joech paus Pius VI de tsjerklike goedkarring. De earste biskop fan Linz wie de fikaris fan Passau en helpbiskop fan Freising Ernest Johann Nepomuk von Herberstein.
Katedraal
bewurkje seksje- Fan 1785 oant 1924: Ignatiuskatedraal
- Sûnt 1924: Marije-Untfinzeniskatedraal
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side
|