Aartsbisdom Wenen

It aartsbisdom Wenen (Latyn: Archidioecesis Viennensis) is ien fan de twa aartsbisdommen fan de Roomsk-Katolike Tsjerke yn Eastenryk. Yn de Stephansdom stiet de sit fan de aartsbiskop fan Wenen.

Wapen aartsbisdom Wenen

It gebiet fan it hjoeddeiske aartsbisdom foel eartiids foar it measte ûnder it yn 739 troch Bonifatius stifte bisdom Passau. Leopold VI besocht oan it begjin fan de 13e iuw in selstannich bisdom Wenen te stiftsjen, mar de biskop fan Passau wist dêr in skoatteltsje foar te striken. Pas ûnder keizer Freark III slagge it de Habsburgers yn 1469 yn Eastenryk de bisdommen Wenen en Wiener Neustadt te stiftsjen. De bul In supremae dignitatis specula hie de roomsk-dútske keizers it rjocht jûn biskoppen te beneamen, in rjocht dat de Eastenrykske keizers oant 1918 bleaune útoefenjen.

 
De Stefanusdom

It bisdom wie net grutter as it stedsgebiet fan Wenen. De earste biskop wie Leo von Spaur mar hat syn amt nei alle gedachten nea útoefene. It wie mar in earmoedich bisdom en de earste biskop dy't echt yn Wenen residearre wie Georg Slatkonia. It Earste Turkske belis fan de stêd yn 1529 en it opkommende protestantisme ferswakke de posysje fan it bisdom. Benammen ûnder Petrus Canisius en kardinaal Melchior Klesl (biskop fan 1598 oant 1630) brochten de kontrareformaasje op gong. Ferdinand II joech yn 1631 oan biskop Anton Wolfradt en al syn opfolgers de ryksfoarstentitel, dy't hja oant 1918 as foartsbiskoppen fan Wenen droegen.

Wenen krige yn 1722 ûnder paus Innocenius XIII de status fan aartsbisdom. It bisdom Wiener Neustadt waard as suffragaan bisdom ûndergeskikt oan Wenen. Yn 1729 moast it bisdom Passau in lyts diel fan syn grûngebiet oan it aartsbisdom Wenen ôfstean, wylst ek in tal parochy's tusken Wenen en Wiener Neustadt yn de grinzen fan it aarstbisdom Wenen kaam te fallen. Keizer Joazef II twong it bisdom Passau mei in dekreet fan 4 augustus 1784 alle parochy's fan Neder-Eastenryk ôf te stean. It betsjutte foar Wenen in foarse útwreiding fan it gebiet. Dêrnjonken foelen de nij stifte bisdommen Linz en St. Pölten ek ûnder it aartsbisdom Wenen.

Op 2 septimber 1937 kamen de sûnt it Ferdrach fan Saint-Germain yn Tsjechje lizzende parochy's om Feldsberg (Tsjechysk: Valtice) ûnder it bisdom Brünn (Brno) te fallen. It yn it jier 1960 stifte bisdom Eisenstadt is ek in suffragaan bisdom fan Wenen.

  • De katedraal fan it aartsbisdom is de oan de hillige Stefanus wijde Stephansdom yn Wenen. De aartsbiskop fan Wenen residearret yn it aartsbiskoplike paleis foar de dom oer.

It aartsbisdom bestiet út de bisdommen:

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side