Aartsbisdom Salzburg
It Aartsbisdom Salzburg (Latyn: Archidioecesis Salisburgensis) is in aartsbisdom fan de Roomsk-Katolike Tsjerke yn Eastenryk. It aartsbisdom komt oerien mei de grinzen fan de dielsteat Salzburg en it noardeastlike diel fan Tiroal. It is tsjintwurdich nei it Aartsbisdom Keulen it âldste noch besteande aartsbisdom yn de Dútsktalige gebieten.
It bisdom ûnstie yn it jier 739 mei't Bonifatius de tsjerklike grinzen fan Beieren fêstlei en it waard ûnder Karel de Grutte yn 798 in aartsbisdom. Earts biskop fan it bisdom wie de letter hillich ferklearre Rupert. Yn de jierren nei 1328 wie it in prins-aartsbisdom, dêr't de biskop net allinne oer de tsjerke hearske, mar ek wrâldsk gesach útoefene. Dat bleau sa oant yn 1803 de sekularisaasje ynfierd waard en de Tsjerke en polityk fan inoar skieden waard.
De aartsbiskop fan Salzburg is ek de metropolyt fan de tsjerkeprovinsje Salzburg, dêr't njonken it aartsbisdom de bisdommen Feldkirch, Graz-Seckau, Gurk-Klagenfurt en Innsbruck ûnder falle.
It bisdom is yn de folgjende 17 dekanaten ûnderferdield:
- Yn de dielsteat Salzburg: Altenmarkt, Bergheim, Hallein, Köstendorf, Saalfelden, Stadt Salzburg, St. Georgen, St. Johann im Pongau, Stuhlfelden, Tamsweg, Taxenbach, Thalgau;
- Yn de dielsteat Tiroal: Brixen im Thale, Kufstein, Reith im Alpbachtal, St. Johann in Tirol en Zell am Ziller.
Katedraal
bewurkje seksjeDe biskopssit stiet yn de oan de Sint-Virgilius en Sint-Rupert wijde domtsjerke fan Salzburg.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Roomsk-Katolyk Aartsbisdom Salzburg fan Wikimedia Commons. |