Salzburg (dielsteat)

Salzburg is in Eastenrykske dielsteat. De dielsteat grinzget oan de dielsteat Tiroal yn it westen en suden, Opper-Eastenryk yn it noardeasten, Stiermarken yn it easten, Karinsje yn it súdeasten en East-Tiroal yn it suden. Yn it súdwesten dielt Salzburg de bûtegrins mei Itaalje (Súd-Tiroal) en yn it noardwesten mei Dútslân (Beieren). Haadstêd is Salzburg.

Salzburg
Flagge Wapen
Lokaasje
Geografy
Soarte gebiet dielsteat (Bundesland)
Lân Eastenryk
Haadstêd Salzburg
Oerflak 7.154,56 km²
Befolking
Ynwennertal 558.410 (2020)
Befolkingstichtens 78 / km²
Bûtenlanners 17,7 (2020)
Polityk
Landeshauptmann Wilfried Haslauer (ÖVP)
Regearjende partijen ÖVP, Grüne, NEOS
Ferdieling sitten yn
   dielsteatsparlemint

   (Landtag, 36 sitten)
ÖVP: 15 fan 36
SPÖ: 8 fan 36
FPÖ: 7 fan 36
Grüne: 3 fan 36
NEOS: 3 fan 36
Lêste ferkiezings 22 april 2018
Folgjende ferkiezings 2023
Sitten yn Federale Ried 4
Oar
Folksliet Land uns’rer Väter
ISO 3166-2 AT-5
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Webside www.salzburg.gv.at

De bewenning fan it gebiet giet werom op de jonge stientiid. Fan de Kelten stamt de âldste namme fan de stêd: Iuvavum. Under de Romeinen wie Iuvavym in bestjoersdistrikt yn de provinsje Noricum. Sûnt Beieren yn de 6e iuw it gebiet oermastere foarme it ûnderdiel fan it hartochdom Beieren.

Troch de stifting (of fernijing) fan it stift St. Peter yn 696 en de bou fan in nonnenkleaster op de Nonnberg yn 713 op de ruïnes fan it Romeinske Iuvavum lei de hillige Rupert de basis foar it bisdom, dat yn 798 it aartsbisdom Salzburg en dêrmei it sintrum fan de Beierske tsjerkeprovinsje waard.

 
Salzburg mei de fêsting Hohensalzburg dêr't fan 1328 oant 1803 de prinsbiskoppen oer it lân hearsken

Likernôch fjouwer iuwen letter slagge aartsbiskop Eberhard II der yn om fan 1200 oant 1246 fan ferskillende provinsjes en jurisdiksjes in unitêre politike entiteit op te bouwen. De erkenning fan de grinzen troch de Beierske hartoch Hindrik XIII wie de earste stap om Salzburg ûnôfhinklik te meitsjen fan it oangrinzgjende hartochdom, ek al foel Salzburg doe noch ûnder Beiersk bewâld. Yn 1328 krige Salzburg mei de ynfiering fan in eigen regionale oarder foar in grut diel selsbestjoer yn it Hillige Roomske Ryk. As aartsbisdom funksjonearre Salzburg as buffersteat tusken Beieren en de Habsburgske lannen.

Yn de 15e en 16e iuw wie net allinne de sâlthannel fan grut ekonomysk belang, mar ek it sykjen nei goud yn de deltes fan Rauris en Gastein. De goudopbringsten wiene foar in koart skoft de grutste yn Sintraal-Europa en de rykdom fan Salzburg naam ta, mar dêrmei ek de sosjale spannings tusken rike boargers en aristokraten en de earme plattelânsbefolking. De spannings lieden mei in autokratyske machtsoername troch de prinsbiskoppen yn 1462-1463 en 1525 ta opskuor. De boereopstannen setten útein yn de berchgebieten en krigen mei it oantsjinjen fan de reformaasje in religieuze ûndertoan, dat liede ta ferskillende weagen fan massale ferballing fan protestanten. De grutste weach fûn plak ûnder prinsbiskop Leopold Anton von Firmian, dy't yn de jierren 1731-1732 likernôch 20.000 protestanten it lân útsette.

 
Hohensalzburg (oarspronklik boud yn de 11e iuw; tsjintwurdich oansjen datearret fan de 16e iuw

Yn 1805 waard Salzburg as in sekularisearre karfoarstendom by it Eastenrykske Ryk foege. Nei in koart skoftke ûnder Beiersk bestjoer fanôf 1810, doe't de regio Salzachkreis hiet, waard it gebiet yn 1816 neffens de útkomsten fan it Kongres fan Wenen wer by Eastenryk foege. Oant 1850 wie it Salzburger Land in diel fan it aartshartochdom Eastenryk boppe de Enns (Opper-Eastenryk), wylst oare gebieten yn it westen Beiersk bleaune. Nei't Salburg yn 1850 in unôfhinklik Eastenryksk kroanlân waard, kaam tsien jier letter it earste Salzburger parlemint (Landtag) foar it earst by inoar.

Nei de ûntbining fan de Eastenryksk-Hongaarske dûbelmonargy yn 1918 waard Salzburg opnommen yn Dútsk Eastenryk en it jier dêrop yn de nije Republyk Eastenryk.

Yn de tiid fan de nasjonaalsosjalistyske diktatuer wie Salzburg njonken Karinsje de ienige Eastenrykske steat dy yn de âlde grinzen bestean bleau as de Reichsgau Salzburg. Nei de kriich foel Salzburg tegearre mei Opper-Eastenryk súdlik fan de Donau en in diel fan Wenen yn de Amerikaanske besettingssône foar't Eastenryk de soevereiniteit as ûnôfhinklike republyk werom krige.

De dielsteat is yn fiif politike distrikten en in saneamde Statutarstadt (Salzburg) ferdield. De distrikten wurde lykas wenst yn Salzburg noch jimmeroan mei gau oantsjut.

 
Gamsfeld, Osterhorngeberchte
 
Unternberg - Schloss Moosham
 
Gasteiner Tal
Kentekenletter(s) Distrikt Gau Oerflak
in km²
Tal ynwenners (2020)
S Salzburg[1] Landeshauptstadt 65,65 155.021
HA Hallein Tennengau 668,35 60.824
SL Salzburg-Omjouwing Flachgau 1004,47 153.492
JO St. Johann im Pongau Pongau 1755,37 81.194
TA Tamsweg Lungau 1019,65 20.251
ZE Zell am See Pinzgau 2641,07 87.628

Gemeenten mei stedsrjochten

bewurkje seksje

Yn de dielsteat Salzburg binne alve plakken mei stedsrjochten. It distrikt Lungau hat gjin stêden.

Stêd Kentekenletter(s) Tal ynwenners (2020)
Salzburg S 155.021
Hallein HA 21.314
Saalfelden am Steinernen Meer ZE 16.705
St. Johann im Pongau JO 11.235
Seekirchen am Wallersee SL 10.951
Bischofshofen JO 10.580
Zell am See ZE 9.879
Neumarkt am Wallersee SL 6.402
Oberndorf bei Salzburg SL 5.804
Mittersill ZE 5.490
Radstadt JO 4.876

Befolkingsûntwikkeling

bewurkje seksje
Jier 1869 1890 1910 1934 1951 1961 1971 1981 1991 2011 2018
Ynwennertal 153.159 173.510 214.737 245.801 327.232 347.292 405.115 442.301 482.365 531.721 552.579

Neffens sifers út 2018 foarmet de Roomsk-Katolike Tsjerke mei 61,2% de grutste tsjerklike mienskip yn de dielsteat. Nochris 2,9% fan de befolking hinget it protestantisme oan en it persintaazje otterdoksen waard op 3,7% rûsd. Net-kristlike mienskippen foarmje de moslims mei 5,6% en de joaden mei 0,01%.

Oer de gearstalling fan de rest fan de befolking binne gjin aktuele sifers. By in folkstelling yn 2001 joech 3,9% in oare leauwe op, 9,6% sei him- of harsels net ta in leauwe te rekkenjen en 3,1% joech gjin ynformaasje.

 
Krampus

Njonken de kristlike tradysjes kent de dielsteat noch in tal foar de streek karakteristike tradysjes. Guon dêrfan wurde tsjintwurdich lykwols allinne noch lokaal fierd. Yn desimber komt lykas yn ús kontrijen Sint-Nikolaas. Ynstee fan Swarte Piten wurdt de hillige begelaat fan Krampus. Yn gruttere plakken binne der optochten, wêrby't de Krampus it oarspronklike uterlik somtiden ynwiksele hat en as fantasyfiguer út de filmyndustry meirint. Yn it Gasteinertal wurdt de tradysje lykwols goed fêstholden en op 5 en 6 desimber rint Sinterklaas dêr mei in ingel mei snobbersguod en echte krampusfigueren by de hûzen del.

Tusken Kryst en Trijekeningen komme de saneamde Glöckler en Perchten, dy't yn optocht de kweade wintergeasten útdriuwe om plak te meitsjen foar it nije jier. Bekend is û.o. de Pongauer Perchtenoptocht.

Yn de simmer wurde yn Zederhaus en Muhr op 24 juny en 29 juny metershege mei blommen fersierde houten peallen yn in prosesje troch it doarp droegen. De tradysje giet werom op in sprinkhoannepleach út 1693, dy't it hiele lân kealfriet.

Simmerdeis binne der ek de Simsonoptochten, optochten mei gigantyske reuzen dy't fral yn de geografyske regio Lungau (distrikt Tamsweg) yn eare holden wurde. De Simsonoptochten fan Lungau binne yn 2010 opnommen yn de List Immaterjeel Kultuererfgoed yn Eastenryk.

Op Rupertikirtag (24 septimber), de feestdei fan de hillige Rupert, binne de pleinen om de dom fan Salzburg ôfset foar de fiering fan in fiif dagen lang folksfeest. Rupertikirtag is ien fan de tradysjerykste folksfeesten fan Eastenryk en wurdt alle jierren troch mear dan 100.000 minsken besocht.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side

  1. Salzburg is as Statutarstadt sawol in gemeente as in distrikt

  Dielsteaten fan Eastenryk  
  Burgenland  Karinsje  Neder-Eastenryk  Opper-Eastenryk  Salzburg  Stiermarken  Tiroal  Vorarlberg  Wenen
  ·   ·