Stiermarken (Dútsk: Steiermark, Sloveensk: Štajerskais) is in dielsteat fan Eastenryk. De haadstêd en it grutste plak fan de dielsteat is Graz. Fan de njoggen Eastenrykske dielsteaten is Stiermarken mei in befolking fan 1.246.395 (2020) wat ynwennertal oanbelanget de fjirde dielsteat. Wat oerflak oanbelanget is Stiermarken de twadde dielsteat.

Stiermarken
Steiermark (Dútsk) Štajerskais (Sloveensk)
Flagge Wapen
Lokaasje
Geografy
Soarte gebiet dielsteat (Bundesland)
Lân Eastenryk
Haadstêd Graz
Oerflak 16.401,04 km²
Befolking
Ynwennertal 1.246.395 (2020)
Befolkingstichtens 75,79 / km²
Bûtenlanners 11,5 % (2020)
Amtlike taal Dútsk en Sloveensk
Polityk
Landeshauptmann Hermann Schützenhöfer
   (ÖVP)
Regearjende partijen ÖVP en SPÖ
Ferdieling sitten yn
   dielsteatsparlemint

   (Landtag, 48 sitten)
ÖVP: 18
SPÖ: 12
FPÖ: 8
Grüne: 6
KPÖ: 2
NEOS: 2
Lêste ferkiezings 24 novimber 2019
Folgjende ferkiezings 2024
Sitten yn Federale Ried 9
Oar
Stifting 1945
Folksliet Dachsteinlied
ISO 3166-2 AT-6
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Webside www.steiermark.at

Oant it ein fan de Earste Wrâldkriich wie it folle gruttere Hartochdom Stiermarken in kroanlân yn it Keizerryk Eastenryk, sûnt 1867 yn Eastenryk-Hongarije. Sûnt de ynstoarting fan de dûbelmonargy yn oktober/novimber 1918 en it Ferdrach fan Saint-Germain (1919) heart it súdlike diel, likernôch in fearn fan it histoaryske kroanlân, by Sloveenje.

Griene Hert fan Eastenryk

bewurkje seksje

Stiermarken hat as bynamme Grüne Mark en wurdt ek wol it Griene Hert fan Eastenryk neamd. Goed 60% fan it oerflak fan Stiermarken bestiet út bosk en nochris in fearn út greide en wyngaarden. It heechste punt fan Stiermarken foarmet mei 2.995 meter hichte de Dachstein, it leechste punt leit mei 200 meter hichte eastlik fan Bad Radkersburg. Dêrnjonken hat de dielsteat 788 berchtoppen boppe de 2.000 meter.

Yn Stiermarken wurde ferskate dialekten praat, dy't fan plak oant plak fan inoar ferskille. Sûnt 2004 wurde de lytse Sloveenske en Kroatyske mienskippen as autochtoane minderheden erkend. De autochtoane Sloveenske mienskip is de lêste jierren troch immigraasje út Sloveenje wat grutter woarn.

De befolking is foar likernôch 80% roomsk en falt ûnder it bisdom Graz-Seckau, dat mei de grinzen fan de dielsteat oerienkomt. Fierder is der in protestantske (5%) en in islamityske (2%) minderheid. Likernôch 10% fan de befolking jout gjin leauwe op.

Grutste plakken neffens ynwennertal

bewurkje seksje
Plak Ynwennertal
(2020)
Graz 291.072
Leoben 24.471
Kapfenberg 22.609
Bruck an die Mur 15.787
Feldbach 13.450
Gratwein-Straßengel 12.846
Knittelfeld 12.597
Leibnitz 12.437
Deutschlandsberg 11.797
Weiz 11.663

Bestjoerlike yndieling

bewurkje seksje

Stiermarken is ûnderferdield yn 1 Statutarstadt (in selsstannige stêd) en 12 Bezirke (distrikten). Der binne 286 gemeentes, wêrfan 25 stêden en 122 Marktgemeinden.

Distrikt Bestjoerssit Oerflak yn km² Ynwenners Kenteken
Bruck-Mürzzuschlag Bruck an der Mur 2.156.93 98.697 BM (sûnt 01.07.2013; âld: BM resp. MZ)
Deutschlandsberg Deutschlandsberg 864 60.410 DL
Graz Graz 127 291.072 G
Graz-Umgebung Graz 1.084.55 156.070 GU
Hartberg-Fürstenfeld Hartberg 1.224.28 90.606 HF (sûnt 01.07.2013; âld: HB resp. FF)
Leibnitz Leibnitz 749.97 84.756 LB
Leoben Leoben 1.053,49 59.700 LE = Stêd Leoben
LN = alle oare plakke bûten de stêd Leoben
Liezen Liezen 3.318.72 79.652 LI = Bereich Liezen
(âld: tw. BA = Politische Expositur Bad Aussee oant ein 2011)
– dêrfan
Politische Expositur Gröbming
Gröbming 954.85 22.820 GB = Gröbming
Murau Murau 1.385,48 27.543 MU
Murtal Judenburg 1.675.81 71.698 MT (sûnt 01.07.2012; âld: JU resp. KF)
Südoststeiermark Feldbach 982.96 84.036 SO (sûnt 01.07.2013; âld: FB resp. RA)
Voitsberg Voitsberg 678.18 51.044 VO
Weiz Weiz 1.097.94 90.654 WZ
  • Bruck-Mürzzuschlag ûnstie op 1 jannewaris 2013 troch gearfoeging fan de distrikten Bruck an der Mur en Mürzzuschlag.
  • Graz is in selsstannige stêd en tagelyk in distrikt.
  • Hartberg-Fürstenfeld ûntstie op 1 jannewaris 2013 troch gearfoeging fan de distrikten Hartberg en Fürstenfeld
  • Murtal ûnstie op 1 jannewaris 2012 troch gearfoeging fan de distrikten Judenburg en Knittelfeld
  • Südoststeiermark ûnstie op 1 jannewaris 2013 troch gearfoeging fan de distrikten Feldbach en Radkersburg


Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Dielsteaten fan Eastenryk  
  Burgenland  Karinsje  Neder-Eastenryk  Opper-Eastenryk  Salzburg  Stiermarken  Tiroal  Vorarlberg  Wenen
  ·   ·