Burgenland (Kroatysk: Gradišće, Hongaarsk: Őrvidék) is de meast eastlike dielsteat fan Eastenryk en neffens it tal ynwenners is it ek de lytste dielsteat. Eartiids makke Burgenland diel út fan it Keninkryk Hongarije. Neffens it yn 1920 Ferdrach fan Trianon kaam it gebiet fan de dielsteat oan de nije Republyk Eastenryk ta.

Burgenland

Gradišće / Őrvidék

Flagge Wapen
Lokaasje
Geografy
Soarte gebiet dielsteat (Bundesland)
Lân Eastenryk
Haadstêd Eisenstadt
Oerflak 3.965,2 km²
Befolking
Ynwennertal 294.436 (2020)
Befolkingstichtens 74 / km²
Bûtenlanners 9,2 (2020)
Amtlike taal Dútsk, Hongaarsk, Kroatysk
Polityk
Landeshauptmann Hans Peter Doskozil (SPÖ)
Regearjende partijen SPÖ
Ferdieling sitten yn
   dielsteatsparlemint

   (Landtag, 36 sitten)
SPÖ: 19 fan 36
ÖVP: 11 fan 36
FPÖ: 4 fan 36
Grüne: 2 fan 36
Lêste ferkiezings 26 jannewaris 2020
Folgjende ferkiezings 2025
Sitten yn Federale Ried 4
Oar
Folksliet Mein Heimatvolk, mein Heimatland
ISO 3166-2 AT-1
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Webside www.burgenland.at

Burgenland wie en is yn mannich opsicht in grinslân. Iuwen waard om de streek striid levere troch It Hillige Roomske Ryk mar ek Hongarije makke oanspraken op Burgenland. Yn de 16e en 17e iuw hie Burgenland slim te lijen fan de Turkse agresje. Mear resint lei Burgenland oan it Izeren Gerdyn en lei it wat fansiden, sadat Burgenland it earmhûs fan Eastenryk wie. Mar ek geologyske, botanyske, dierkundige en klimatologyske eigenskippen meitsje fan Burgenland in grins- en oergongsgebiet.

Oant 1918 makke it grûngebiet fan it hjoeddeiske Burgenland diel út fan it Keninkryk Hongarije. De befolking dêrfoaroer bestie benammen út Dútsk en Kroatysk sprekkende boeren en arbeiders, dy't ekonomysk en sosjaal earder ferbûn wiene mei it westlike diel fan de Eastenryksk-Hongaarske dûbelmonargy.

 
Yn de Burg Forchtenstein binne in soad oantinkens te sjen fan de striid tsjin Prusen, de Turken en de Frânsen

Doe't de Habsburchske monargy tsjin it ein fan de Earste Wrâldkriich út inoar begûn te fallen en der in ynternasjonale grins tusken de nije republiken Eastenryk en Hongarije ûnstie, waarden de bewenners konfontearre mei de fraach hoe't it mei harren nasjonaliteit yn it nije lân kaam. Der ûntstie in brede beweging dy't neffens it prinsipe fan selsbeskikking fan de ferskate etnyske groepen yn it Habsburchske Ryk de oansluting fan Dútsk West-Hongarije by Eastenryk easke.

By de fredesûnderhannelings yn Parys kamen de alliearre oerwinners de easken fan de Dútsktalige befolking yn 'e mjitte en yn it fredesferdrach fan St. Germain, ûndertekene op 10 septimber 1918, waard regele dat de grûn dat doe noch ûnoffisjeel Burgenland hiet op lettere datum nei it sluten fan in fredesferdrach mei Hongarije oan Eastenryk tafalle soe.

Hongarije liet it der net by sitte en sette alle diplomatike en politike ynstruminten yn om it ferlies fan grûn tsjin te gean. Doe't dúdlik waard dat de freedsume middels om 'e nocht wiene, besochten Hongaarske partizanen de oerdracht, dy't op 28 augustus 1921 yngean soe, fan de regio oan Eastenryk te dwersbongeljen. Mei help fan Itaalje waard de sitewaasje yn de hjerst fan 1921 wer rêstiger en op 13 oktober 1921 gyng Hongarije mei it Feneesjaanske Protokol akkoard mei de oerdracht fan it Burgenlân oan Eastenryk.

In diel fan it gebiet bleau nei it referindum fan desimber 1921 lykwols by Hongarije. Yn Ödenburg (it Hongaarske Sopron), dat de haadstêd fan Burgenlân wurde soe, en acht oare gemeentes stimde de mearderheid fan de befolking foar Hongarije. De rest fan Burgenlân waard yn 1921-1922 ûnderdiel fan de nije Republyk Eastenryk as in ûnôfhinklike federale steat mei likense rjochten.

 
Winter op it heechste punt fan Burgenland

Burgenland hat in oerflak fan 3.965,2 km² en dielt in 397 km lange steatsgrins mei Hongarije en in lytser diel mei Sloveenje en Slowakije.

Mei 884 meter is de Geschriebenstein de heechte berch fan Burgenland. De steatsgrins rint troch de berchketen dêr't de berch diel fan útmakket. It leechste punt is 114 meter yn de gemeente Apetlon (distrikt Neusiedl am See).

It geografyske sintrum wurdt troch Unterpullendorf (gemeente Frankenau-Unterpullendorf) foarme. In stien jout it krekte plak oan.

Neffens de oerhearskjende lânskipsfoarmen kin Burgenland yn trije lânskippen ferdield wurde:

 
Nasjonale Park Neusiedler See
  • Noard-Burgenland;
  • Sintraal-Burgenland;
  • Súd-Burgenland.

De súdlike dielen fan Burgenland wurde behearske troch berchrêgen (yn it Dútsk Riedel neamd) en deltes mei lytse berchstreamkes. It legere easten en noarden fan Burgenland meitsje diel út fan de Hongaarske leechlannen, dy't op harren beurt wer ta de Euraziatyske steppegurdels rekkene wurde.

De Neusiedler See is de grutste steppemar fan Sintraal-Europa. It wat sâltige wetter is nearne djippper as 2 meter en de iggen binne mei reit beklaaid, dêr't in soad fûgels libje. De Neusiedler See stiet sûnt 2001 op de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.

Tradisjoneel is Burgenland ien fan de ekonomysk minder ûntwikkele gebieten fan Eastenryk. In soad ynwenners fan Burgenland moasten tusken 1850 en 1950 ferhûzje nei Eastenryk en nei de Feriene Steaten, fral nei Chicago, Allentown, New York, mar ek nei Kanada en Súd-Amearika.

Taalmienskippen

bewurkje seksje
 
Dûbeltalich plaknammeboerd

De ferskillende folken wurde as autochtoane taalgroepen troch de oerheid erkend. De kroatysk- en hongaarsktalige Burgenlanders lykas ek Sinti en Roma hawwe dêrom it rjocht harren taal te brûken yn it offisjele skriflike ferkear. In oerheidsbeslút fan 23 maaie 2000 bepaald dat yn plakken mei in oandiel fan in teminsten 25% twatalige befolking (útgeande fan in folkstelling fan 1991) de plaknammebuorden twatalich wêze moatte. De buorden en de grins fan 25% foarmje tsjintwurdich gjin oanlieding mear foar strideraasje; yn de jierren 1970 wiene der lykwols fûle debatten, mar oars as yn Karinsje dochs eskalearre de striid net.

Talen yn it Burgenland (15 maaie 2001)
Taal Part
Eastenryksk Dútsk 90,7 %
Burgenlandkroatyske 06,1 %
Hongaarsk 01,8 %
Kroatysk 00,4 %
Burgenland-Romani 00,1 %
Slowaaksk <0,1 %
Oars 00,9 %

Lykas yn de rest fan Eastenryk is de mearderheid fan de befolking roomsk-katolyk. Patroanhillige fan Burgenland is Martinus fan Tours. Mei 14% is it oandiel fan de protestanten yn ferliking mei de rest fan it lân heech. Eartiids hie Burgenland ek grutte joadske mienskippen, benammen yn Eisenstadt, Mattersburg, Kittsee, Frauenkirchen, Kobersdorf, Lackenbach en Deutschkreutz. Yn 1869 wie yn Lackenbach bygelyks 62% fan de befolking joadsk en tsjin it ein fan de 19e iuw makken de joaden noch in tredde fan de befolking út. Yn 1938 waarden alle joaden út Burgenland ferdreaun en fermoarde.

Befolkingsûntwikkeling

bewurkje seksje
Jier 1869 1890 1910 1934 1951 1961 1971 1981 1991 2011 2018
Ynwennertal 254.301 282.225 292.007 299.447 276.136 271.001 272.319 269.771 270.880 285.685 292.675

Bestjoerlike yndieling

bewurkje seksje

Burgenland bestiet út 171 selsstannige gemeentes en is yn sân politike distrikten en de twa frije stêden Eisenstadt en Rust ferdield.

 
Eisenstadt (Bergkirche)
 
Rust
 
Wynmûne fan Podersdorf
Distrikten en selsstannige stêden
Namme Oerflak (km²) Ynwenners (2020) Kentekenletter(s)
Neusiedl am See 1.038,64 59.990 ND
Eisenstadt-Omjouwing 453,14 43.236 EU
Eisenstadt 42,88 14.816 E
Rust 20,01 1.980 EU
Mattersburg 237,83 40.042 MA
Oberpullendorf 701,44 37.384 OP
Oberwart 732,58 54.192 OW
Güssing 485,34 25.699 GS
Jennersdorf 253,34 17.097 JE
Plakken mei mear as 3.500 ynwenners
(2020)
Rang Namme Ynwenners
01. Eisenstadt 14.816
02. Neusiedl am See 8.585
03. Oberwart 7.600
04. Mattersburg 7.456
05. Pinkafeld 5.924
06. Parndorf 4.858
07. Neudörfl 4.641
08. Jennersdorf 4.111
09. Gols 3.910
10. Güssing 3.667
11. Großpetersdorf 3.547

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Dielsteaten fan Eastenryk  
  Burgenland  Karinsje  Neder-Eastenryk  Opper-Eastenryk  Salzburg  Stiermarken  Tiroal  Vorarlberg  Wenen
  ·   ·  


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side