De Sint-Stefanusdom yn de Dútske stêd Passau is de sit en haadtsjerke fan it bisdom Passau en stiet op it heechste punt fan de binnenstêd, 13 meter boppe it nivo fan de Donau. De tsjerke waard nei in grutte stedsbrân yn 1668 wer opboud en hat it grutste barokke ynterieur noardlik fan de Alpen. Yn de dom stiet ien fan de grutste oargels fan de wrâld.

Sint-Stefanusdom
bouwurk
Westlik front
Westlik front
lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Beieren
plak Passau
adres Domplatz
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1221–1662
arsjitekt Hans Krumenauer, Ulrich Seidenschwanz (sûnt 1439)
Jörg Windisch (sûnt 1466)
Hans Glapsberger (16e iuw)
boustyl Barok
offisjele webside
Side fan it bisdom

Skiednis bewurkje seksje

Al yn likernôch it jier 450 hat der in tsjerke stien yn Batavis, de doedestiidske namme fan Passau. Sûnt 739 wie de tsjerke fan Passau in katedraal.

De bouaktiviteiten oan de Passauer dom binne oer fiif tiidrekken te ferdielen: de agilolfingyske biskopstsjerke fan 720, de tusken 1280 en 1325 iergoatyske dom, it letgoatyske eastlike diel út 1407-1560 en de tusken 1668 en 1693 barokke nijbou. De stedsbrân fan 1662 hawwe de sichtbere spoaren fan de earste tsjerken ferneatige, allinne it letgoatyske diel fan it eastlike diel fan it datearet fan foar de barokke nijbou.

 
Ynterieur
 
De domtsjerke fanút it suden
 
Preekstoel

De Italjaanske boumaster Carlo Lurago krige opdracht om nei de grutte brân de tsjerke mei behâld fan de noch restearjende goatyske dielen op 'e nij te bouwen. It ynterieur mei it rike stúkwurk en de alteropsetten yn de styl fan de Italjaanske heechbarok ûnstie ûnder de ferantwurdlikens fan Gio­van­ni Bat­tis­ta Car­lo­ne. De fresko's binne ôfkomstich fan Car­po­fo­ro Ten­cal­la. De beide westlike tuorren waarden yn 1898 neffens in ûntwerp fan Heinrich von Schmidt mei in achthoekige opbou en neobarokke sipels foltôge.

Oan de noardlike kant fan de domtsjerke leit de Domhôf. De eardere kleastergong fan de dom mei it goatyske portaal is in restant fan it eartiidske kleaster. Yn 1812 folge de ôfbraak fan it kleaster. Fan de oarspronklik tsien kapellen oan de kleastergong bleaune der fjouwer oer. De útstalde grêfstiennen leine oant de jierren 1961-1962 yn de Andreaskapel (1300), mar binne oarspronklik ôfkomstich út de yn 1812 ôfbrutsen kapellen. De Andreaskapel (ek Herrenkapelle of eartiids Kreuzwegkapelle) is de grutste fan de fjouwer kapellen yn de Domhôf, it is ek ien fan de âldste halletsjerken fan Beieren. Súdlik dêrfan stiet de Sikstuskapel, it lêste rêstplak fan de ryksgreven fan it Ortenburg-skaai. Foar de Andreaskapel oer stiet op de westlike kant fan de Domhôf de Trennbachkapel, rêstplak fan biskop Urbanus fan Trennbach. Ek oan de westlike kant stiet de Lamberg-Kapel (of Salvatorkapel) mei it grêf fan kardinaal Johann Philipp fan Lamberg .

Ynterieur bewurkje seksje

It heechalter mei in skilderij fan de ûnthalzing fan de hillige Stefanus datearret út de jierren 1947-1953 en waard makke troch Josef Henselmann, dy't ek it liturgyske sintrum fan 1961 makke. It ferfong it alter dat oan it begjin fan de 19e iuw ferlern gyng.

De monumintale sydalters waarden tusken 1685 en 1693 troch Giovanni Battista Carlone boud.

Op de rjochter kant fan it haadalter steane (fan foar nei efter):

  • it Marijealter
  • it alter fan Paulus' bekearing (mei in skilderij fan Johann Michael Rottmayr, 1693)
  • it Martinusalter (mei in skilderij fan Johann Carl Resler fan Reslfeld)
  • it Kristus-Berte-alter (it skilderij fan De Oanbidding fan de hoeders is fan Johann Andreas Wolff, 1698)
  • it Sebastiaan-alter (it skilderij De fersoarging fan Sint-Sebastiaan troch Irene is fan Rottmayer)

Oan de lofter kant:

  • it Agnesalter mei it tabernakel (skilderij Martlerskip fan de hillige Agnes is fan Rottmayr)
  • it Trijekeningsalter (skilderij Oanbidding fan de hillige Trije Kenings fan Johann Caspar Sing, 1697)
  • it Katarinaalter (skilderij Sint-Katarina foar de troan fan de Mem Gods fan Johann Carl Resler fan Reslfeld)
  • it Jehannesalter (skilderij Unthalzing fan Jehannes de Doper, Rottmayr, 1693)
  • it Maksimiliaan- en Valentinus-alter (Valentinus fan Passau en Maksimiliaan fan Lorch binne de beskermhilligen fan it bisdom)

De fergulde preekstoel waard tusken 1722 en 1726 troch de Weenske meubelmakker Johann Georg Series boud.

Oargels bewurkje seksje

 
Epistel- haad- en evangeeljeoargel

By de stedsbrân gyngen ferskillende oargels fan de domtsjerke ferlern. Yn 1688 waard troch Leopold Freundt út Passau op de westlike galerij in nij oargel boud. Yn 1715 boude Johann Ignaz Egedacher twa oargels oan de pylders fan de krusing fan de tsjerke. De ryk fersierde oargelkas fan it haadoargel waard nei alle gedachten yn 1731 troch de byldhouwer Joseph Matthias Götz fike. De oare twa oargels hawwe in oargelkas út 1718 fan Joseph Hartmann. By in renovaasje yn 1858 ferhûzen de oargels fan de krusing nei de westlike sydgalerijen en sûnt flankearje se it haadoargel. It Evangeeljeoargel yn it noarden as Frânsk solo- en swelwurk en it Episteloargel yn it suden as Italjaansk-barok oargel. Nei't it haadoargel minder waard, boude Johann Ignaz Egedacher yn 1731 in nij haadoargel. Tusken 1886 en 1890 waard dat oargel ek ferfongen en ek dat oargel wie yn de rin fan de tiid net mear te bespyljen.

De firma Steinmeyer út Oettingen boude yn 1924 it hjoeddeiske oargel, dat mei Pinkster 1928 yn gebrûk nommen waard. Mei 208 registers wie it yn dy tiid it grutste oargel fan 'e wrâld, oant de bou fan it oargel fan de Atlantic City Convention Hall (1929-1932) yn Atlantic City, New Jersey, dat dûbel sa grut wie. Sûnt 1930 waarden de elektryske systemen modernisearre en oant 1971 de disposysje ferbettere.

It koeroargel yn de alterromte fertsjintwurdiget de noarddútske-barokke klankstyl. Boppe it tsjerkeskip is yn de dakkonstruksje in oargelkeamer dêr't it saneamde Fernorgel is ynboud. It lûd fan it oargel kin de tsjerke binnendringe troch it saneamde Hillige Geast-gat en is wat de disposysje oanbelanget let-romantysk fan styl.

Meiïnoar hawwe de oargels 233 registers en 17.794 pipen. Alle fiif oargels kinne fanút ien spyltafel bespile wurde.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side