Kleef (Kreis)
De Kreis Kleef (Dútsk: Kreis Kleve) is in bestjoerlik distrikt yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen en hat 308.085 ynwenners. It distrikt waard yn syn hjoeddeistige foarm oprjochte yn 1975.
Kleef | ||
Statistyk | ||
Ynwennertal | 308.085 | |
Oerflak | 1232 km² | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Noardryn-Westfalen |
Skiednis
bewurkje seksjeDielen fan Kreis Kleve binne lang in ûnderdiel fan Gelderlân (meast Opper-Gelre) west en de Nederlânske ynfloeden binne dêrom hjir en dêr noch te sjen, bygelyks yn nammen, de arsjitektuer en yn it kreiswapen dêr't de heraldyske linkerhelte (rjochts) de goudene liuw fan Gelre stiet. Oan de súdkant dêrfan wie it ek ta de Nederlannen hearrende hartochdom Gulik (dat is no Jülich). It âlde Opper-Gelre en de fan oarsprong Kleverlânsk pratende befolking yn it Hartochdom Kleef binne yn de twadde helte fan de 19e iuw stadichoan ferdútske. Oant fier yn de 19de iuw waard it Nederlânsk yn dit gebiet as amtstaal brûkt, en oant de Twadde Wrâldoarloch waard it Nederlânsk sels noch yn ûnderskate tsjerken brûkt as tsjerketaal. Adolf Hitler ferbea it Nederlânsk noch langer te brûken fan 1936 ôf oan.
Geografy
bewurkje seksjeKleef leit yn it noardwesten fan Noardryn-Westfalen tsien kilometer besuden de rivier de Ryn, yn it Dútske Nederryngebiet. It grinzet oan de Nederlânske provinsjes Gelderlân, Limboarch yn it westen en oan de Kreisen Borken yn it noarden, Wesel yn it easten en oan Viersen yn it suden. It distrikt kin de meast Nederlânske Kreis fan Dútslân neamd wurde. It dialekt fan Kleef en omkriten, it Kleverlânsk, wurdt taalkundich sels ta it Nederlânsk rekkene.
Stêden en gemeenten
bewurkje seksjeStêden | Gemeenten |
---|---|
Untjouwing ynwennertal
bewurkje seksjeJier | Ynwenners | Boarne |
---|---|---|
1816 | 36.895 | [1] |
1835 | 44.203 | |
1871 | 47.517 | [2] |
1880 | 50.532 | [2] |
1890 | 52.724 | [3] |
1900 | 59.642 | [3] |
1910 | 71.326 | [3] |
1925 | 80.810 | [3] |
1939 | 87.462 | [3] |
1950 | 89.013 | [3] |
1960 | 98.500 | [3] |
1970 | 107.900 | [4] |
1980 | 258.850 | [5] |
1990 | 269.149 | [5] |
2000 | 299.362 | [5] |
2010 | 307.807 | [5] |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Noardryn-Westfalen | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster | ||
Landkreise Aken - Borken - Coesfeld - Düren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gütersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Höxter - Kleef - Lippe - Märkischer Kreis - Mettmann - Minden-Lübbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel | ||
Kreisfreie Städte Aken - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Düsseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Mönchengladbach - Mülheim an der Ruhr - Múnster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal | ||
· · |