Solingen is in kreisfreie Stadt yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. It leit benoarden Keulen, yn it suden fan it Ruhrgebiet oan de rivier de Wupper. Solingen is ûnderoaren in susterstêd fan Gouda.

Solingen
Schloss Burg
Schloss Burg
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Noardryn-Westfalen
Kreis Siegen-Wittgenstein
Stedsyndieling 5 Stadtbezirke
Sifers
Ynwennertal 166.078 (31 desimber 2023)
Oerflak 89,54 km²
Befolkingsticht. 1.855 ynw./km²
Hichte 221 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 42651, 42653, 42655, 42657, 42659, 42697, 42699, 42719
Koördinaten 51°10'NB, 7°5'EL
Offisjele webside
www.solingen.de
Kaart
Solingen (Noardryn-Westfalen)
Solingen

Solingen wurdt wol "stêd fan messen" neamd, omdat it al fanâlds bekend is fan de fabrikaazje fan swurden, messen, skjirren en skearmessen fan hege kwaliteit, dy't makke wurde troch ferneamde firma's sa as DOVO Solingen, Wüsthof, J. A. Henckels, Böker, Eickhorn-Solingen en tal fan oare fabrikanten. Wilkinson Sword sit dêr ek. Dêrom is Solingen te fergelykjen mei Sheffield en Birmingham yn Ingelân. Sa'n 90% fan alle messen yn Dútslân wurde yn Solingen makke.

Ut de skiednis

bewurkje seksje

Solingen waard foar it earst neamd yn 1067 troch in kronykskriuwer dy't de kontrei mei "Solonchon" oantsjutte. Iere farianten fan de namme binne ek "Solengen", "Solungen" en "Soleggen", mar de namme fan no wurdt al brûkt sûnt de lette 14e en iere 15e iuw.

Solingen wie iuwenlang mar in doarpke. Yn de 15e iuw waard it in fersterke stêd. Under de Twadde Wrâldkriich waard de âlde stêd folslein ferwoastge troch alliearde bombardeminten, yn 1944 stoaren dêrtroch 1.040 minsken.

Yn de Midsiuwen joegen de swurdsmidden de namme Solingen al klank. Swurden út Solingen koenen fûn wurde yn de Angelsaksyske keninkriken fan Brittanje en de kwaliteit fan de wapens waard priizge yn hiel Noard-Jeropa en sy waarden oeral yn Europa ferhannele. Yn it lêst fan de 17e iuw brutsen in tal swurdsmidden út Solingen harren gilde-eed troch harren (geheime) smeikeunst ta te passen yn Shotley Bridge, greefskip Durham, yn Ingelân.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Wenten typysk foar Solingen

Berne yn Solingen

bewurkje seksje
 
Müngstener Brücke, spoarbrêge tusken Solingen en Remscheid.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Noardryn-Westfalen  
Regierungsbezirke

Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster

Landkreise

Aken - Borken - Coesfeld - Düren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gütersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Höxter - Kleef - Lippe - Märkischer Kreis - Mettmann - Minden-Lübbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel

Kreisfreie Städte

Aken - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Düsseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Mönchengladbach - Mülheim an der Ruhr - Múnster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal

  ·   ·