Mönchengladbach
Mönchengladbach [mœnçn̩ˈɡlatbax] is in kringfrije stêd yn it westen fan de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd leit healwei Düsseldorf en de Nederlânske grins.
Mönchengladbach | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
dielsteat | Noardryn-Westfalen |
Sifers | |
Ynwennertal | 259.665 (31 desimber 2020) |
Oerflak | 170,43 km² |
Befolkingstichtens | 1.500/km² |
Hichte | 70 m |
Oar | |
Koördinaten | 51° 12′ NB, 6° 26′ EL |
Webside | https://www.moenchengladbach.de/ |
Skiednis
bewurkje seksjeNamme en oarsprong
bewurkje seksjeDe oarspronklike namme fan de stêd wie Gladbach, dêr't it hjoed-de-dei noch hieltyd bekend mei is. Om it fan oare plakken mei de namme Gladbach te ûnderskieden, waard yn 1888 de namme München-Gladbach oannommen. Lykwols yn 1950 waard it ta Mönchen-Gladbach feroare, om't der betizing ûntstie om't der tocht waard dat it om in stedsdiel fan de Beierske stêd München wêze soe. Sûnt 1960 wurdt it oaninoar fêst, Mönchengladbach, skreaun.
It plak waard yn 974 stifte om de Abdij fan Gladbach hinne. It waard neamd nei de Gladbach, in smelle beek, dy't hjoed-de-dei foar it grutste part ûndergrûns rint. De abdij en de omlizzende doarpen waarden ien stêd dy't yn 1366 stedsrjochten krige. De stêd Rheydt lei tichteby en is hjoed-de-dei in stedsdiel fan Mönchengladbach.
Iere skiednis
bewurkje seksjeDe ierste delsettings yn de omkriten binne wol sa'n 300.000-400.000 jier âld en der binne fynsten dien fan de Homo erectus en Neändertalers. Der waarden stienmantsjes fûn út it Neolitikum en de brûnstiid.
De skiednis fan Mönchengladbach begûn mei it bouwen fan de munster fan Gladbach en it stiftsjen fan in abdij troch Gero, aartsbiskop fan Keulen en syn kompanjon, de muonts Sandrad fan Trier.
Om de delsetting bloeie te litten, holden de muontsen in merk benoarden de tsjerke yn de tolfde iuw. Gladbach krige stedsrjochten yn 1364-1366. De stêd liet in stedsmuorre fan stien bouwe, dy't ûnderholden wurde moast troch de boargers. Oerbliuwsel fan de muorre binne noch te sjen op de Geroweiher, allyksa as oerbliuwsels fan de "Grouwe Toer", in fersterke toer op de Waldhausener heuvel. Oant de ein fan de achttjinde iuw hearde de stêd by it Greefskip Gulik.
Op 4 oktober 1794 marsearren Frânske troepen troch de stêd hinne, in dei ear't se de boarch fan Gulik oermasteren. Doe't Roomsk-dútske keizer Frâns II fan it Hillige Roomske Ryk de westigge fan de Ryn oan Frankryk ôfstie by de Frede fan Lunéville yn 1801 foel Gladbach ûnder Frânske wetten. Dat betsjutte de ein fan de abdij, en it kleaster waard sletten. Op 31 oktober 1802 ferlieten de lêste 31 muontsen de abdij. De ynhâld fan de grutte bybleteek fan de abdij, dy't wol fier om utens ferneamd wie, waarden yn beslach nommen of ferneatige.
Fan 1798 oant 1814 waard de Mairie Gladbach part fan de Canton Odenkirchen, fan it Arrondissement Krefeld fan it departemint Roer
Lettere ûntjouwings
bewurkje seksjeYn 1815 waard Gladbach in part fan it Keninkryk Prusen en waard it sit fan de lânkring Gladbach, dy't opheft waard yn 1929. Yn 1815 waard Gladbach it de sit fan de gemeente (Bürgermeisterei), dy't yn 1859 ferparte waard yn de Stêd Gladbach en de gemeente Obergeburth, dy't yn 1907 omneamd waard ta München-Gladbach.
Yn 1921 waarden der in stikmannich oanswettende gemeenten by de stêd foege en yn 1929 waard de stêd mei de stêd Rheydt gearfoege ta Gladbach-Rheydt. Fan 1933 oant 1975 waard Rheydt tydlik in selsstannige gemeente, troch tadwaan fan Joseph Goebbels dy't dêr berne waard.
As andert op de Dútske ynvaazje fan Belgje op 10 maaie 1940, waard Mönchengladbach jûns op 11 maaie 1940 troch Britske bommesmiters bombardearre. Dat hie as doel en fersteur de Dútske troepebewegings.
Nei de Twadde Wrâldkriich, ta kompensaasje fan de Dútske besetting fan Nederlân, waard der in útstel dien en anneksearje ferskate Dútske stêden ta it Keninkryk fan de Nederlannen, wêrûnder Mönchengladbach, dy't dan omneamd wurde soe ta Monniken-Glabbeek. Lykwols waarden dy plannen net útfierd.
Nettsjinsteande dat waard de Prusyske Rynprovinsje nei de Twadde Wrâldkriich opheft, en waard de stêd part fan de nije dielsteat Noardryn-Westfalen, dy't oprjochte waard yn 1946.
Geografy
bewurkje seksjeRomtlik gebiet
bewurkje seksjeMönchengladbach leit 16 km bewesten de Ryn yn it Nederrynske Leechflakte. De omkriten fan de stêd is fan flak nei heuveleftich. It heechste punt yn de gemeente is de Rheydter Höhe mei in hichte fan 133 meter. De heuvel is lykwols keunstmjittich, om't der pún fan de Twadde Wrâldkriich nei de kriich ynsmiten waard.
De gemeente Mönchengladbach wurdt begrinzge troch de folgjende gemeenten fan it noardwesten ôf mei de klok mei: Schwalmtal, Viersen en Willich (lânkring Viersen), Korschenbroich en Jüchen (Rhein-Kreis Neuss) en Erkelenz en Wegberg (lânkring Heinsberg).
Stedsyndieling
bewurkje seksjeSûnt 2009 wurdt de gemeente Mönchengladbach in fjouwer (earder tsien) stedsdielen dy't ûnderferparte binne yn 44 distrikten:
- Nord: Am Wasserturm, Dahl, Eicken, Gladbach, Hardt-Mitte, Hardter Wald, Ohler, Venn, Waldhausen, Westend, Windberg
- Ost: Bettrath‑Hoven, Bungt, Flughafen, Giesenkirchen‑Mitte, Giesenkirchen‑Nord, Hardterbroich‑Pesch, Lürrip, Neuwerk‑Mitte, Schelsen, Uedding
- Süd: Bonnenbroich‑Geneicken, Geistenbeck, Grenzland‑Stadion, Heyden, Hockstein, Mülfort, Odenkirchen‑Mitte, Odenkirchen‑West, Pongs, Rheydt, Sasserath, Schloss Rheydt, Schmölderpark, Schrievers
- West: Hauptquartier, Hehn, Holt, Rheindahlen‑Land, Rheindahlen‑Mitte, Wanlo, Wickrath-Mitte, Wickrath‑West, Wickrathberg
Ekonomy
bewurkje seksjeYn de njoggentjinde iuw en earste helte fan de tweintichste iuw wie de tekstylyndustry de wichtichste yndustry yn de stêd. Nei de Twadde Wrâldkriich rûn dy tebek. Neitiids besocht de gemeente yn de mande mei partikulieren de ekonomy yn de stêd op te helpen. Hjoe-de-dei is de tekstyl- meganyske, elektryske yndustry, de logistyk en de sûnenssoarch de fiif wichtichste yndustryen yn de stêd. Ek it bankwêzen is wichtich.
Mönchengladbach hat ek in fuotbalklup dy't yn de Bundesliga spilet: Borussia Mönchengladbach dy't syn thúshaven yn stadion Borussia-Park hat mei in kapasiteit fan 54.057 plakken.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- Museum Abteiberg
- Schloss Rheydt, in boarch yn it stedsdiel Rheydt
- Museum im Wasserturm Rheindahlen
- Museum Altes Zeughaus
- Museum Schloss Wickrath
- Bunter Garten, park mei botanyske tún en arboretum
- Wasserturm Mönchengladbach de monumintale wettertoer fan Mönchengladbach
Stêdebannen
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mönchengladbach fan Wikimedia Commons. |
Noardryn-Westfalen | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster | ||
Landkreise Aken - Borken - Coesfeld - Düren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gütersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Höxter - Kleef - Lippe - Märkischer Kreis - Mettmann - Minden-Lübbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel | ||
Kreisfreie Städte Aken - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Düsseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Mönchengladbach - Mülheim an der Ruhr - Múnster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal | ||
· · |