Rheydt
Rheydt is in stedsdiel fan de kringfrije stêd Mönchengladbach yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. Oant 1929 en fan 1933 oant 1974 wie Rheydt in selsstannige gemeente yn de Prusyske Rynprovinsje en yn Noardryn-Westfalen. Op 1 jannewaris 1975 waard de gemeente mei in gemeentlike weryndieling mei de gemeenten Mönchengladbach en Wikrath gearfoege ta de hjoeddeiske gemeente Mönchengladbach.
Rheyd | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
dielsteat | Noardryn-Westfalen |
Gemeente | Mönchengladbach |
Sifers | |
Ynwennertal | 14.389 (31 desimber 2020) |
Oerflak | 1,45 km² |
Befolkingstichtens | 9.937/km² |
Oar | |
Koördinaten | 51° 10′ NB, 6° 27′ EL |
Skiednis
bewurkje seksjeTusken 985 en 999 wikselen de bisdommen Keulen en Luik, wêrûnder de parochiam Reithe ûnderinoar út. De komôf fan de namme is net wis, mar mooglik komt it fan it Aldheechdútske riuti,dat "rûgje" (sa as bygelyks it rûgjen fan beammen) betsjut. It gea fan de Nederryn waard oarspronklik troch Kelten bewenne. Spoaren fan bewenning yn de Romeinske tiid binne lykwols fûn. De Germaanske stamme fan de Ubjers waarden troch de Romeinen tastien dêr nei wenjen te setten.
Rheydt hearde oant de ein fan de fjirtjinde iuw by it Hartochdom Gulik-Berch. Dêrnei ûntjoech Rheydt him suver selsstannich mei syn eigen administraasje.
Nei 1815 waard Rheydt part fan de Prusyske Rynprovinsje en de lânkring Gladbach (Landkreis Gladbach). Yn 1827 waard de stêd in Titularstadt (in lytsere stêd, foar Großstadt oer dy't in grutte stêd is) en yn 1856 krige er folsleine stedsrjochten. Op 1 april 1907 waard Rheydt in kringfrije stêd (Kreisfreie Stadt) yn de Prusyske regio Düsseldorf.
Op 1 augustus 1929 waard Rheydt mei de kringfrije stêd München-Gladbach, de gemeenten Odenkirchen (stedsrjochten sûnt 1856), Giesenkirchen en Schelsen gearfoege ta de krinfrije stêd Gladbach-Rheydt. Lykwols yn 1933 troch tadwaan fan de nazy-propaganda-minister Joseph Goebbels, dy't yn Rheydt berne waard, waard Rheydt wer fan Gladbach ôfspjalte en waard wer in selsstannige gemeente dy't njonken Rheydt ek de plakken Odenkirchen, Giesenkirchen en Schelsen befette.
It weropbouwen fan de swier skeinde binnenstêd folge nei de plannen fan de arsjitekt Alfons Leitl.
Op 12 septimber 1968 berikte de ynwennertal fan Rheydt de 100.000 en waard dêrmei in Großstadt. Yn 1974 foel it ynwennertal der wer justjes ûnder. Op 1 jannewaris 1975 waard Rheydt fannijs mei Mönchengladbach gearfoege.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- Schloss Rheydt, in boarch
Berne yn Rheydt
bewurkje seksje- August Bach (1897-1966), Eastdútsk politikus
- Joseph Goebbels (1897-1945), nazy-minister foar propaganda
- Heinz Sielmann (1917-2006), natoerfilmer
- Sonja Oberem (1973), triatlete en langeôfstânsrinster
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rheydt fan Wikimedia Commons. |