Euskirchen (Kreis)
De Kreis Euskirchen is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De Kreis Euskirchen leit yn it Regierungsbezirk Keulen.
Euskirchen | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Landkreis |
lân | Dútslân |
bûnslân | Noardryn-Westfalen |
haadplak | Euskirchen |
grutste plak | Euskirchen |
tal gemeenten | 11 |
kenteken | EU, SLE |
Kreisschlüssel | 05 3 66 |
sifers | |
ynwennertal | 197.247 (2022) |
oerflak | 1.248,72 km² |
befolkingstichtens | 158 ynw./km² |
oar | |
stifting | 1816 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 50° 40' N 6° 47' E |
webside | www.kreis-euskirchen.de |
It distrikt waard oarspronklik oprjochte yn 1816.
Skiednis
bewurkje seksjeIt hjoeddeiske Kreis Euskirchen waard oarspronklik as Kreis Lechenich yn 1816 stifte. Op 17 febrewaris 1827 folge de ferhûzing fan it Landratsamt fan Lechenich nei Euskirchen. Tagelyk waard it distrikt omneamd nei de namme Euskirchen. Yn 1932 krige it der in stik by doe't it súdlike diel fan 'e ophefte Kreis Rheinbach by it distrikt foege waard. Op 1 jannewaris 1939 waard de Kreis Euskirchen omneamd yn 'e Landkreis Euskirchen en op 23 augustus 1947 waard de Landkreis in diel fan de doe nije dielsteat Noardryn-Westfalen. Yn 1972 krige Euskirchen der wer in stik by mei it opheffen fan 'e Kreis Schleiden. Op 1 jannewaris 1975 krige de Landkreis syn hjoeddeiske grinzen mei't it de stêd Erftstadt kwytrekke, dat foar it grutste part by de nije Erftkreis (tsjintwurdich Rhein-Erft-Kreis) yndield waard.
Geografy
bewurkje seksjeGeografysk heart it súdwestlike diel fan 'e Kreis Euskirchen by de Eifel. Om't dat gebiet net echt geskikt wie foar de lânbou wie it in earme hoeke. Mear nei it noardeasten wurdt it lânskip flak en dêr waarden eartiids fral sûkerbiten ferboud. Ek waard dêr izererts wûn, mar hjoeddedei foarmet de boskrike omjouwing dêr in attraktyf gebiet foar toeristen.
Stêden en gemeenten
bewurkje seksjeStêden | Gemeenten |
---|---|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kreis Euskirchen fan Wikimedia Commons. |
Noardryn-Westfalen | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster | ||
Landkreise Aken - Borken - Coesfeld - Düren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gütersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Höxter - Kleef - Lippe - Märkischer Kreis - Mettmann - Minden-Lübbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel | ||
Kreisfreie Städte Aken - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Düsseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Mönchengladbach - Mülheim an der Ruhr - Múnster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal | ||
· · |