Euskirchen
Euskirchen is in middelgrutte Dútske stêd yn it Rynlân en as Kreisstadt sûnt 1827 de bestjoerssit fan it Kreis mei deselde namme yn it súdwesten fan Noardryn-Westfalen.
Euskirchen | |
---|---|
Euskirchen yn noardwestlike rjochting | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Noardryn-Westfalen |
Kreis | Euskirchen |
Sifers | |
Ynwennertal | 58.754 [(31-12-2021) |
Oerflak | 139,49 km² |
Befolkingstichtens | 421 ynw./km² |
Hichte | 160 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Koördinaten | 50° 39' N 6° 47' E |
Webside | www.euskirchen.de |
Euskirchen krige al yn it jier 1302 stedsrjochten en is mei mear as 58.000 ynwenners it sintrum fan in eigen regio mei in eigen fersoarchingsberik fan goed 190.000 minsken.
Dielen fan de âlde stedsmuorre en trije fan de ferdigeningstuorren, dy't eartiids by de stedsfersterkings hearden, steane njonken de hjoeddeiske arsjitektuer. Binnen de âlde midsiuwske stedsmuorren is in fuotgongerssone oanlein.
De memmetaal fan de yn Euskirchen berne ynwenners is ek tsjintwurdich noch jimmeroan it Eifeler Platt, dat him ûnderskiedt fan it yn de omkriten mear brûkte Kölner Platt.
Stedsyndieling
bewurkje seksjeTa Euskirchen hearre njonken de kearnstêd mei de stedswiken Altstadt, Ost-, West-, Nord- en Südstadt nochris 22 oare Stadtteile:
Billig, Disternich, Dom-Esch, Elsig, Euenheim, Flamersheim, Frauenberg, Großbüllesheim, Kessenich, Kirchheim, Kleinbüllesheim, Kreuzweingarten-Rheder, Kuchenheim, Niederkastenholz, Oberwichterich, Palmersheim, Roitzheim, Rüdesheim, Schweinheim, Stotzheim, Weidesheim, Wißkirchen en Wüschheim.
Berne
bewurkje seksje- Karl Eschweiler (1886-1936), roomsk-katolyk geastlike, teoloog en filosoof
- Hermann Emil Fischer (1852-1919), skiedkundige (Nobelpriis 1902)
- Heinz Flohe (1948-2013), fuotballer
- Pieter Jan Verstraete (1956), Flaamsk skiedkundige en biograaf
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Euskirchen fan Wikimedia Commons. |