Hagen is in stêd yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. Hagen is sûnt it jier 1928 in Dútske Großstadt.

Hagen
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Noardryn-Westfalen
Regierungsbezirk Arnsberg
Sifers
Ynwennertal 188.687 (2020)
Oerflak 160,45 km²
Befolkingstichtens 1.176 ynw./km²
Hichte 106 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 51° 21' N 7° 30' E
Webside www.hagen.de

De Fernuniversität Hagen is de iennichste universiteit yn Dútslân dy't foar universitêr ôfstânsûnderwiis oerheidsjild kriget. Sûnt 2012 stiet it predikaat „Stadt der FernUniversität“ op de kombuorden[1].

Troch de yndustrialisaasje yn it Dútske Keizerryk tusken 1871 en 1914 groeide de stêd. Yn 1928 hie de stêd foar it earst mear as 100.000 ynwenners en troch bestjoerlike weryndielingen hie de stêd yn 1939 150.000 ynwenners. Yn de Twadde Wrâldkriich waarden de joadske ynwenners ferdreaun nei konsintraasjekampen en dêr fermoarde. Troch alliearde bombardeminten waard de binnenstêd fan Hagen suver folslein ferneatige en rekken mear as 2.200 ynwenners dea. Mear as 10.000 ynwenners fan Hagen stoaren oan it front.

 
Fernuniversität Hagen

Yn 1974 waard de Fernuniversität Hagen oprjochte en hie yn it stúdzjejier dat dêrop folge 1.330 studinten. Binnen tsien jier hie de universiteit sa'n 30.000 studinten.

Oan it begjin fan de 1980'er jierren wie Hagen it „Liverpool fan de Neue Deutsche Welle“. In protte bekende muzikanten en bands út dizze streaming (lykas Nena en Extrabreit) hawwe har woartels yn Hagen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gebietsänderungen fan it 'Statisches Bundesamt' (lêst sjoen op 1 augustus 2018)

  Noardryn-Westfalen  
Regierungsbezirke

Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster

Landkreise

Aken - Borken - Coesfeld - Düren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gütersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Höxter - Kleef - Lippe - Märkischer Kreis - Mettmann - Minden-Lübbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel

Kreisfreie Städte

Aken - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Düsseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Mönchengladbach - Mülheim an der Ruhr - Múnster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal

  ·   ·