Kevelaer is in plak en gemeente yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen yn 'e Kreis Kleef. De stêd leit seis kilometer fan 'e Nederlânske grins ôf en is in wichtich beafeartsplak foar katoliken út Dútslân en Nederlân. De gemeente hie yn 2021 27.955 ynwenners op in oerflak fan 100,48 km². Oanbuorjende stêden binne û.o. Fenlo, Geldern, Goch en Kalkar. De gemeente Kevelaer bestiet njonken Kevelaer sels ek út de plakken Kervenheim, Twisteden, Wetten en Winnekendonk.

Kevelaer
Riedshûs
Riedshûs
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
Dielsteat Noardryn-Westfalen
Kreis Kleef
Stedsyndieling 5 Ortschafte
Sifers
Ynwennertal 27.955 (gemeente) (2021)
Oerflak 100,64 km²
Befolkingsticht. 278 ynw./km²
Hichte 20 m.
Oar
Postkoade 47623 oant 47627
Koördinaten 51° 35' N 6° 15' E
Offisjele webside
www.kevelaer.de
Kaart
Kevelaer (Noardryn-Westfalen)
Kevelaer

De buorskippen Kevelaer en Wetten hearden yn 'e lette midsiuwen ta it greefskip Gelre, dat op 19 maart 1339 in hartochdom waard. De doarpen Kervenheim en Winnekendonk hearden yn dy tiid by it hartochdom Kleef.

Oan it begjin fan de 16e iuw wie Kevelaer noch jimmeroan in lyts heidedoarpke yn it hartochdom. Troch it Ferdrach fan Fenlo fan 12 septimber 1543 waard it hartochdom Gelre yn syn doetiidske foarm opheft en ien fan de 17 provinsjes fan de Spaanske Nederlannen. Mei in weryndieling fan de bisdommen ûnder Margareta fan Parma waarden Kevelaer, Twisteden en Wetten fan it aartsbisdom Keulen nei it nije bisdom Roermond oerhevele. Winnekendonk en Kervenheim bleaune dêrfoaroer yn it aartsbisdom Keulen.

Yn 1578 en letter nochris yn 1633 hearske de Pest yn de kontrijen en ek Kevelaer waard troffen. Yn de oarloch om de Spaanske Nederlannen oermasteren Nederlânske troepen Gelre (Geldern), wêrby't de omlizzende doarpen Kevelaer, Twisteden en Wetten plondere waarden. Mei waard ek it katolisisme ferbean. De parochytsjerke fan it net besette Winnekendonk yn it hartochdom Kleef waard yn 1586 troch de Spanjaarden ûnthillige.

Tritichjierrige Kriich en Westfaalske Frede

bewurkje seksje

In pear jier foar it útbrekken fan de Tritichjierrige Kriich (1618–1648) foel it hartochdom Kleef yn 1614 ta oan it protestantske Kar-Brandenburch. Dwers troch it tsjntwurdich gemeentegebiet rûn doe in nije steatsgrins. Kervenheim en Winnekendonk hearden by it protestantske Brandenburch, wylst Kevelaer, Twisteden en Wetten by de katolike Spaanske Nederlannen hearden. Healwei 1635 teagen earst Nederlânske, dêrnei Spaanske troepen mei Kroatyske hierlingen troch Kevelaer. De Kroaten bestoarmen op 1 augustus de skânsen fan Kevelaer en fermoarden 100 doarpsbewenners. De Kroatenstraße en it saneamde Kroatenkrús yn Kevelaer betinkt dat hjoed-de-dei noch.

Mei de Westfaalske Frede yn 1648 waard it der foar de ynwenners fan Kevelaar en omkriten noch net better op. Jimmeroan wie de befolking wer it slachtoffer fan plonderingen. It útbrekken fan de Hollânske Kriich yn 1672 brocht Kevelaer, Twisteden en Wetten en ek Kervenheim en Winnekendonk de besetting fan Frânske, Keulske en Munsterske troepen. Yn 1689 waard de parochytsjerke fan Winnekendonk op 'e nij plondere en delbaarnd, ek waarden 90 hûzen en pleatsen yn Kervenheim en Winnekendonk ferneatige. In pear jier letter yn de Spaanske Súksesjekriich bestoarmen plonderjende Frânske troepen Kevelaer en fermoarden dêr 80 ynwenners.

Beafeartsplak

bewurkje seksje
 
Byld fan de keapman Hendrick Busman

In foar de skiednis fan Kevelaer tige belangrike datum is 1 juny 1642. Earder hie de keapman Hendrick Busman út Gelre flak foar de Kryst fan 1641 oan de krusing fan de âlde hannelswei fan Amsterdam nei Keulen en Münster nei Brussel trijeris de stim fan de Hillige Jongfaam heard dy't him hiet dat er op dat plak in kapel bouwe moast.

Op 1 juny 1642 wijde de pastoar fan Kevelaer in hillichdomke yn op it plak dêr't Busman de stim fan Marije heart hie. Yn it hillichdom waard in kopergravuere set fan de Mem Gods "Consolatrix Afflictorum" (Treasteres fan de drôvigen), wêrnei't al hiel gau de beafeart fan Kevelaer ynsette.

 
De noch yn de Tritichjierrige Kriich boude Kearsekapel

Prusen en Frânske besetting

bewurkje seksje

Yn 1703 belegeren Prusyske troepen de fêsting Gelre. De belegering duorre sawat in jier, doe't Gelre it ferset lang om let opjoech. Njonken Kervenheim en Winnekendonk, dy't al by Prusen hearden, foelen mei de Frede fan Utert yn 1713 ek Kevelaer, Twisteden en Wetten oan Prusen ta. Tsjerklik bleau Kevelaer by it bisdom Roermond, dat yn dy tiid Eastenryksk waard.

Yn april 1792 begûn de Earste Koälysjekriich tsjin Frankryk, dêr't ek Prusen oan meidie. Noch yn desimber fan itselde jier folge foar Kevelaer en Kervenheim in Frânske besetting. It troch katoliken fereare genedebyld waard foar de besetters ferstoppe yn de Sint-Antoniustsjerke. De Frânsen twongen de bewenners harren bôle en fleis te jaan en wat letter namen hja de Oratoriaanske paters fan it kleaster yn giseling, dy't nei it beteljen fan 3000 oant 4000 daalders wer frijlitten waarden.

Yn 1794 marsjearden de Frânsen op 'e nij it Rynlân yn en hja ferleine doe de steatsgrins oant de Ryn. Alles lofts fan de Ryn waard sûnt 1975 troch Frankryk anneksearre en alles waard neffens Frânsk bestjoer ynrjochte. Kevelaer hearde tenei by it Arrondissement de Clèves (Arrondissemint fan Kleef) fan it Département de la Roer (Roerdepartemint). Trije jier letter waard ek de Mairie Kevelaer oprjochte, dêr't Kevelaer, Kleinkevelaer, Twisteden en Wetten ta hearden.

Yn itselde jier ferbeane de Frânsen de prosesjes yn de iepenloft. Alle weikrusen oan wegen en oan tsjerken waarden ferwidere, itjinge in swiere klap foar it beafeartsplak betsjutte. Yn 1801 waard it bisdom Roermond opheft en waard Kevelaar by it bisdom Aken foege. Wer in jier letter waarden alle kleasters opheft en sa ek it Oratorianer kleaster fan Kevelaer. Troch de sekularisaasje waarden de beafeartsplakken yn Kevelaer, de Genedekapel en de Kearsekapel, fan 1802 oant 1806 steatsbesit.

Mei de delgong fan Napoleon waard Kevelaer yn 1814/1815 troch it Wener Kongres wer Prusysk en waarden der op 'e nij bestjoerlike feroarings trochfierd. Kevelaer hearde no by de Kreis Gelre en de plakken Kervenheim en Winnekendonk, dy't sûnt 1969 by de stêd Kevelaer hearre, foarmen no de Bürgermeisterei Kervenheim.

 
Kevelaer healwei de 19e iuw

Yn 1821 waard Kevelaer tsjerklik weryndield by it bisdom Münster en dat betsjutte de ynfiering fan it Heechdútsk as taal yn 'e Tsjerke en it ûnderwiis. It biskoplike en Prusyske beslút feroarsake lilkens by de befolking want oant dan wie it Heechdútsk in hast bûtenlânske taal. Hja praten dêr in Nederfrankysk dialekt, wylst Nederlânsk de taal yn it offisjele ferkear en de Tsjerke wie. Ek waarden beafearten ferbean, fral beafearten mei oernachtings. Dat ferbod soarge op 'e nij foar in swiere slach foar Kevelaer en waard pas yn 1840 wer opheft.

Yn de jierren 1870 waard troch rykskânsler Otto von Bismarck útein set mei in striid tsjin de Roomsk-Katolike Tsjerke, dy't bekend waard ûnder de namme Kulturkampf. Yn oktober 1873 preke de biskop fan Mainz, Wilhelm Emmanuel von Ketteler, foar mear as 25.000 minsken yn Kevelaer tsjin de wetten dy't yn it ramt fan de Kulturkampf útfeardige waarden. Yn Kevelaer waard beslach lein op tsjerklik besit en plysjes dy't wegeren de opdracht út te fieren krigen dien. Oan de oare kant waarden dyjingen dy't al meiwurken oan it beslach foar twa jier troch de tsjerklike autoriteiten ekskommunisearre.

Yn it jier 1892 bestie de beafeart yn Kevelaer 250 jier, De paus ferliende it genedebyld in gouden kroan en dêrmei krige it genedebyld fan Kevelaer pauslike erkenning. Yn itselde jier stiften Klarissen in kleaster yn Kevelaer.

 
Needjild út Kevelaer (1921)

Yn 'e Earste Wrâldkriich waard Kevelaer in garnizoensstêd, mar útsein de oanwêzigens fan soldaten en it net mear riden fan treinen wiene de gefolgen fan de oarloch foar Kevelaer sels beheind. Dat feroare yn 1918 mei de besetting troch Belgyske troepen, dy't de befolking in soad beheinings opleine. De Belgyske besetting fan Kevelaer duorre oant 1926.

Kevelaer printe yn de tiid fan de ynflaasje fan de Republyk Weimar eigen needjild. De briefkes lieten as motyf it wapen fan Kevelaer sjen, de Genedekapel, de Mem Gods en boeren yn de dracht fan Kevelaer. Polityk wie Kevelaer yn de Weimar-tiid in bolwurk foar de katolike Sintrumpartij.

It Kevelaerer Volksblatt wie de krante fan Kevelaer, dy't him tsjin de opkomst fan it Nasjonaalsosjalisme fersette. Yn 1933 feroaren de politike ferhâldings en yn dat jier waard Adolf Hitler op in riedsgearkomste fan 11 april 1933 unanym it eareboargerskip jûn. Kevelaer hie gjin joadske ynwenners, sadat der gjin joadske ynstellings wiene dêr't de nasjonaal-sosjalisten harren op útlibje koene. Oant it begjin fan 1943 hie Kevelaer noch net te lijen hân fan bombardeminten. Dat hie ek te meitsjen mei de oanwêzigens fan de Marijebasilyk, dy't foar de Britske fleantugen in wichtich oriïntaasjepunt foarme. mar yn 'e nacht fan 8 op 9 april 1943 waarden 300 brânbommen op Kevelaer en omjouwing smiten. Yn 'e hjerst fan 1944 rôpen de autoriteiten op ta in evakuäasje fan de befolking, mar de ynwenners wegeren mei te wurkjen en bleaune yn Kevelaer. Wylst it front tichterby kaam foelen begjin febrewaris 1000 manlju fan de Grüne Polizei Kevelaer binnen om ûnder twang de befolking te evakuëarjen. Op 9, 11 en 15 febrewaris en 1 maart 1945 waard Kevelaer swier bombardearre. Earder wie Winnekendonk al op 28 jannewaris 1945 foar it grutste diel ferneatige. Op 3 maart 1945 waard Kevelaer moarnsier troch de Britten en de Kanadezen ynnommen.

Kevelaer krige fan de minister fan Ynlânske Saken fan de dielsteat Noardryn-Westfalen op 25 maaie 1949 it stedsrjocht.

Yn 1987 besochten paus Jehannes Paulus II, Mem Teresa en kardinaal Joseph Ratzinger Kevelaer.

Yn de Krysttiid fan it jier 1641 hearde de hannelsreizger Hendrick Busman, wylst er by in waarkrús by it doarpke Kevelaer in gebed stie de preuvelemintsjen, immen sizzen Op deze plaats sult gij mij een kapelleken bouwen!. De dagen dêrnei hearde Busman op syn deistige reis fan Weeze nei Gelre op 'e nij dyselde stim, ek wer wylst er op itselde plak stie te bidden. Alhoewol't er net ryk wie, die er wat him sein waard.

 
Genedebyl Kevelaer

In moanne foar Pinkster yn it jier 1642 hie syn frou in nachtlike dream en hja seach yn in grut ljocht in hillich hûske mei in byldnis fan Consolatrix Afflictorum (Treasteres fan de drôvigen). Twa dagen earder hiene der in pear soldaten west, dy't har dat plaatsje besochten te ferkeapjen. Nei't hja har man dêroer fertelde, joech dy har opdracht de soldaten te sykjen en it plaatsje te keapjen.

Ynearsten bleau it ôfbyld yn Gelre, mar op 1 juny 1642 waard it plaatsje nei de kapel brocht. Noch dyselde deis gong in grutte kliber folk út de kontrijen nei de kapel om it ôfbyld sels te sjen. Ek tsjintwurdich steane noch ûnder in wapenskyld de wurden Ano 1642 Hendrick Busman – Mechel Scholt gegev skreaun. Yn 1643 waard foar it earst in prosesje nei Kevelaer organisearre. Yn dy tiid reizge in grutte groep pylgers fan Rees nei Kevelaer. It houten weikrús dêr't Busman stie te bidden waard jimmeroan suteriger, om't pylgers as oantinken stikjes hout ôffiken.

Yn 1647 ûndersocht de synoade fan Fenlo de ferhalen fan Busman en dy fan syn frou. Op in harksitting beskreau Busman wat der bard wie en hy swarde dat syn ferhaal de suvere wierheid wie. Al nei twa sittings erkende de synoade Kevelaer as beafeartsplak, wat neffens it perspektyf fan tsjintwurdich útsûnderlik gau wie. Busman ferstoar op 14 maart 1649. De drost fan Gelre liet it krús yn 1649 frewiderje en hy ferbea de opstelling fan in nij krús. Foar katoliken út it protestantske Nederlân, dêr't it katolisisme út it iepenbiere libben ferballe wie, spile Kevelaer in wichtige rol om't it net fier fan de Nederlânske grins lei.

 
Genedekapel

Neffens de katolike tradysje fan de beafeart waarden yn Kevelaer melding dien fan in soad wûnderlike genêzings. De earste wûnders datearje út de jierren 1642-1643, Yn 1642 soe de lamme Peter van Volbroek út Hassum nei in pylgerreis better woarn wêze. In frommis út Huissen mei de namme Eerutgen Dircks waard nei twa kear in beafeart nei Kevelaer yn 1643 sûnder dokter better fan jierren âlde iepen plakken oan 'e fuotten. Oant de synoade yn Fenlo yn 1647 wiene der noch seis oare wûnders optekene. Alle acht wûnders waarden nei ferifikaasje troch de Tsjerke erkend. Yn de 19e iuw fûnen noch minsten fjouwer oare wûnders plak, lykas de genêzing fan Maria Katharina van Dyck yn 1808 en Agnes Schiefer yn 1849, dy't alletwa lam wiene. Yn 1850 krige de pylger Johannes Weidenbach syn sicht en Agnes Meurssen har spraakfermogen werom.

Oant 1700 naam it tal pylgers jimmeroan fierder ta, sadat de preesters fan Kevelaer de oanrin hast net oan koene. Op guon dagen besochten wol 15.000 pylgers it beafeartsplak. Yn de Frânske tiid waard de beafeart ferbean, mar yn 1809 naam it tal pylgers al wer ta en besochten 140.000 minsken Kevelaer. Twa jier nei't Kevelaar by Prusen foege waard naam it tal pylgers noch mear ta. Yn 1816 waarden al 204 prosesje teld. Mei in sterke reglemintearing fan de beafeart troch Prusen sakke it tal wer nei it nivo yn de Frânske tiid, mar by de fiering fan it 200-jierrich jubileum fan de beafeart yn 1842 reizgen al wer 200.000 pylgers nei Kevelaer en waarden der 254 prosesjes organisearre.

Mei't Kevelaer in 1863 in stasjon krige waard de reis makliker en ek it tal pylgers naam fierder ta. Yn 1913 ferwurke Kevelaer al 600.000 pylgers. Yn 'e Earste Wrâldkriich gyng de beafeart gewoan troch en alle jierren besochten minstens 500.000 pylgers Kevelaer. Fanwegen de Twadde Wrâldkriich waard it 300-jierrich jubileum niet fierd, wylst ek it tal beafeartgongs bot sakke, mar nei de befrijing bloeide de beafeart op 'e nij op en hjoed-de-dei komme alle jierren likernôch 800.000 nei Kevelaer.

Gemeentlike yndieling

bewurkje seksje
 
Wynmûne yn Twisteden

De gemeente Kevelaer bestiet út fiif Ortschafte:

  • Kervenheim
  • Kevelaer
  • Twisteden
  • Wetten
  • Winnekendonk
 
Kapellenplatz 13

Oanbuorjende gemeenten

bewurkje seksje
Weeze Uedem
Bergen (NL)   Sonsbeck
Geldern Issum

Tradisjoneel wurdt yn Kevelaer it Käwels Platt praat. Dat dialekt is in ûnderdiel fan it Kleverlânsk, in dialektgroep dy't nau besibbe is oan de Brabânsk-Limburchske oergongsdialekten yn Noard-Limburch en it Lân fan Cuijk. It hat ek wat fan de dialekten dy't yn Geldern en Kleef praat wurde. Kevelaer leit dúdlik noardlik fan de saneamde Uerdinger liny, dat betsjut dat minsken bygelyks "i" en "ok" sizze en net "i(s)ch" en "ooch/auch".

Hjoed-de-dei wurdt it Kevelaerske dialekt yn haadsaak allinne noch praat troch de âlderein. De jongerein hat it Heechdútsk oannommen as omgongstaal of in mear algemien dialekt. Der binne ferienings dy't krewearje foar it behâld fan it Kevelaersk en alle wiken jout it Kevelaerer Blatt, yn 'e folkstaal faak oantsjut as Kävels Bläche, ek romte oan de streektaal.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Yn 1645-1647 waard in pylgertsjerke boud, de hjoeddeiske Kersekapel. Yn 1654 waard om it hillichdomke dat Busman delsette in barokke koepelkapel boud, de Genedekapel. De grutte Marijebasilyk fan Kevelaer waard yn de 19e iuw boud en waard yn 1923 ferheven ta in basilyk. De tsjintwurdige Sakramintskapel waard yn 1860 boud en tsjinne as bychtkapel foar Nederlânske pylgers.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Kevelaer