Marijebasilyk (Kevelaer)
De Marijebasilyk (Dútsk: Marienbasilika) is in neogoatysk tsjerkegebou yn it Dútske beafeartsplak Kevelaer. De tsjerke stiet tichteby de barokke Genedekapel op it plak dêr't de keapman Hendrick Busman earder in lyts hillichdom bouwe liet, nei't er neffens de tradysje in stim hearde, dy't him hjitte in kapel te bouwen. De Marijebasilyk waard yn 'e 19e iuw boud en krige yn 1923 de status fan basilyk.
Marijebasilyk
Marienbasilika | ||
De basilyk yn 2023 | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Noardryn-Westfalen | |
plak | Kevelaer | |
adres | Kapellenplatz | |
koördinaten | 51° 35' N 6° 14' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Múnster | |
patroanhillige | Marije | |
status | basilyk | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Vincenz Statz | |
boustyl | neogotyk | |
Webside | ||
www.wallfahrt-kevelaer.de | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe neogoatyske tsjerke waard tusken 1858 en 1864 troch Hilger Hertel de Aldere (1831-1890) boud neffens in ûntwerp fan 'e arsjtekt Vincenz Statz (1819-1898). De 90 meter hege toer waard yn 'e jierren 1883-1884 tafoege. Om 1900 hinne folge de kleurrike beskildering fan it dwersskip en it koer.
Troch de bommekriich gyngen de oarspronklike glês-yn-leadramen ferlern. Yn 1946 waarden dy ramen ferfongen; in part dêrfan neffens it ûntwerp fan 'e út Weeze ôfkomstige keunstner Hans Mennekes.
De restauraasje fan 'e op 'e Paryske Saint-Chapelle ynspirearre beskildering fan it ynterieur waard yn 1991 ôfsletten. Dêrmei waard ien fan 'e meast kleurrike tsjerkeynterieuren fan it Rynlân wer yn 'e âlde gloarje werombrocht.
It hjoeddeiske brûnzen portaal fan 'e tsjerke is makke troch de skilder en byldhouwer Willi Dirx.
Beafeart
bewurkje seksjeYn 1884 joech paus Leo oan pastoar Josef van Ackeren (1830-1903) en syn opfolgers it privileezje om yn syn plak fjouwerris yn 't jier de apostoalyske seine te jaan. Kevelaer is it iennige plak yn it Dútsktalige gebiet, dêr't dy seine troch in preester of in biskop op 'e feestdagen Marije-Fisitaasje, Marije-Himelfeart, Marije-Berte en Alderheljen jûn wurdt.
De tsjerke krige yn 1923 de status fan in pauslike basilica minor.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel fan de Mariabasilyk is mei 131 registers it grutste Dútsk-Romantyske oargel fan 'e wrâld. It bestiet út in haadoargel op de westlike galerij en in op ôfstân bespylber ynstrumint op 'e galerij fan it noardlike dwersskip. Grutte dielen fan it oargel stamme út it oargel dat yn 1906-1907 troch de oargelbouwer Ernst Seifert boud waard, dat in earder oargel út 1874 ferfong fan Wilhelm Rütter út Kevelaer. Yn 'e rin fan' e tiid waard it oargel feroare en fergrutte.
It haadoargel oerlibbe de oarloch suver sûnder skansearrings, wylst it oargel yn it dwersskip ferneatige waard. Dielen fan 'e oargelkas waarden lykwols fuort nei de oarloch stellen foar brânhout. Letter folge in provisoaryske restauraasje fan 'e oargelkas.
As ûnderdiel fan in grutskalige restauraasje yn 'e jierren 1976-1981 waard de histoaryske oargelkas rekonstruearre en sa ek it tinnen piipwurk fan it oargel dat yn de Earste Wrâldoarloch oan 'e wapenyndustry ôfjûn wurde moast.
In brân yn 2002 waard de oanlieding om it ynstrumint wer folslein werom te bringen yn 'e histoaryske steat. It yn de Twadde Wrâldoarloch ferneatige oargel yn it dwersskip is ek rekonstruearre, mar sûnder in eigen spyltafel, om't it ynstrumint no de funksje fan koeroargel hat.
Klokken
bewurkje seksjeYn 'e toer hingje 8 klokken; yn 'e dakruter boppe de krusing hinget noch in klok.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedysiden, sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Marienbasilika (Kevelaer) en de:Orgeln der Marienbasilika (Kevelaer)
|