Bisdom Roermond
It bisdom Roermond (Latyn: Dioecesis Ruremundensis) is ien fan de sân roomsk-katolike bisdommen yn de Nederlânske tsjerkeprovinsje. De grinzen fan it bisdom rinne lyk mei de provinsje Limburch.
Bisdom Roermond | ||
Basisgegevens | ||
Tsjerkeprovinsje | Utert | |
Katedraal | Sint-Kristoffelkatedraal | |
Patroanhillige | Unbesmodzge Untfinzenis fan de Jongfaam Marije | |
Hiemside | bisdom-roermond.nl | |
Skiednis | ||
Oprjochting | I. 1559 II. 1853 | |
Opheffing | I. 1801 | |
Hierargy | ||
Biskop | sede vacante | |
Statistyk | ||
Oerflak | 2.209 km² | |
Parochy's | 285 (2021) dêrnjonken: 1 migrantemienskip | |
Tal tsjerken | 296 (2021) | |
Tal katoliken | 609.000 (2021) | |
Bisdomgebiet (read) |
Skiednis
bewurkje seksjeIt brede kerstenjen fan Limburch fûn plak sûnt de 6e iuw, doe't missybiskoppen yn Maastricht harren sit krigen. Aldere spoaren fan kristlike oanwêzigens geane fierder werom, mar it plattelân bleau noch langer heidensk. Sûnt de 10e iuw hearde it súdlike diel fan it hjoeddeiske bisdom by it bisdom Luik, wylst in diel fan it noarden by it aartsbisdom Keulen hearde. Oant it oantsjinjen fan de reformaasje bleau dat sa.
Op oantrunen fan lânfâld Filips II waarden yn 1559 de bisdommen yn de Nederlannen reorganisearre. Utert waard in aartsbisdom en ûnder Utert foelen de nije bisdommen Dimter, Haarlim, Ljouwert, Grins en Middelburch. It nije bisdom Roermond, dat op 12 maaie 1559 stifte waard, kaam net ûnder it aartsbisdom Utert te fallen, mar ûnder it aartsbisdom Mechelen en bestie út tesnipele dielen fan de bisdommen Luik en Keulen. De earste biskop fan it bisdom wie Wilhelmus Lindanus.
Yn de Frânske tiid waard it bisdom op 29 novimber 1801 opheft. De Frânsen woene gruttere bestjoersienheden en it grutste diel fan it gebiet waard wer by Luik foege, wylst it diel fan it bisdom dat yn it Bataafsk Mienebest foel oant 1853 tafoege waard oan it apostoalysk fikariaat Grave-Nijmegen. Dat diel waard yn 1853 by it bisdom De Bosk yndield.
De Belgysk-Nederlânske skieding yn 1830 makke it needsaaklik dat de nije Nederlânske provinsje Limburch in eigen tsjerklik bestjoer krige. Op 18 desimber 1840 waard it apostoalysk fikariaat Limburch ynsteld. De feroarings fan de grûnwet fan 1848 stiene ek de weropbou fan de tsjerklike hiërargy fan de Roomsk-Katolike Tsjerke yn Nederlân ta. Yn 1853, 42 jier nei de opheffing fan it earste bisdom Roermond, waard it fikariaat Limburch omset yn it twadde bisdom Roermond.
Katedraal
bewurkje seksje- Sint-Kristoffelkatedraal, Roermond
Patroanhilligen fan it bisdom
bewurkje seksjeList biskoppen
bewurkje seksjeEarste bisdom (1559-1801) | ||
---|---|---|
1562-1588 | Wilhelmus Lindanus | |
1588-1596 | Gregogius Gherinx | fikaris-generaal |
1596-1609 | Henricus Cuyckius | |
1609-1611 | Petrus Pollius | fikaris-generaal |
1611-1639 | Jacobus a Castro | |
1639-1645 | Balduinus de Gaule | fikaris-generaal |
1645-1651 | Antonius Bosmane | fikaris-generaal |
1651-1657 | Andreas Creusen | |
1657-1659 | Jacobus van Oeveren | fikaris-generaal |
1659-1666 | Eugenius Albertus d'Allamont | |
1666-1672 | Jacobus van Oeveren | fikaris-generaal |
1666-1669 | Ignaas August Schetz van Grobbendonck | nea inwijd |
1672-1673 | Lancelot de Gottignies | |
1673-1677 | Jacobus van Oeveren | fikaris-generaal |
1677-1700 | Reginaldus Cools | |
1700-1701 | Joannes Antonius Dumont | fikaris-generaal |
1701-1722 | Angelus d'Ongnies et d'Estrees | |
1721-1722 | Franciscus Sanguessa | koadjutor |
1722-1741 | Franciscus Sanguessa | |
1741-1743 | Joannes Franciscus Dispa | fikaris-generaal |
1743-1746 | Josephus Werbrouck | |
1746-1769 | Johannes de Robiano | |
1769-1770 | Arnoldus Ignatius Jacobus Costerius | fikaris-generaal |
1770-1775 | Henricus Kerens | |
1775-1793 | Philippus Damianus Ludovicus van en tot Hoensbroeck | |
1794-1801 | Joannes Baron van Velde tot Melroy en Sart-Bomal | |
Apostoalysk fikariaat Limburch (1840-1853) | ||
1840-1853 | Joannes Paredis | |
Twadde bisdom (1853- ) | ||
1853-1886 | Joannes Paredis | |
1885-1886 | Franciscus Boermans | koadjutor |
1886-1900 | Franciscus Boermans | |
1899-1900 | Josephus Drehmanns | koadjutor |
1900-1913 | Josephus Drehmanns | |
1914-1932 | Laurentius Schrijnen | |
1932 | Guillaume Lemmens | koadjutor |
1932-1957 | Guillaume Lemmens | |
1947-1957 | Antonius Hanssen | helpbiskop, koadjutor (1957) |
1957-1958 | Antonius Hanssen | |
1959-1970 | Petrus Moors | dêrnei oant 1972 as diosesaan administrator |
1965-1972 | Edmond Beel | helpbiskop |
1972-1993 | Joannes Gijsen | |
1982-1997 | Alphons Castermans | helpbiskop |
1984-1985 | Johannes ter Schure | helpbiskop |
1993-desimber 2017 | Frans Wiertz | |
1999- | Everard de Jong | helpbiskop |
2018-2023 | Harrie Smeets |
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Roomsk-katolike bisdommen yn Nederlân | ||
---|---|---|
Jeropeesk Nederlân | Aartsbisdom Utert (metropolitaan aartsbisdom) • Bisdom Breda • Bisdom De Bosk • Bisdom Grins-Ljouwert • Bisdom Haarlim-Amsterdam • Bisdom Roermond • Bisdom Rotterdam • Nederlânsk Militêr Ordinariaat | |
Karibysk Nederlân | Bisdom Willemstêd | |
Eardere bisdommen | Bisdom Dimter • Bisdom Ljouwert • Bisdom Maastricht • Bisdom Middelburch | |
· · |