Unbesmodzge Untfinzenis fan de Jongfaam Marije

De Unbesmodzge Untfinzenis (Latyn: Immaculata conceptio, Nederlânsk: Onbevlekte ontvangenis) is de roomsk-katolike lear dat de jongfaam Marije fan it momint ôf dat se ferwekt waard (dus noch foar har berte), frij fan sûnde wie.

De Onbevlekte Ontvangenis, Peter Paul Rubens

Yn de pauslike bul Ineffabilis Deus fan 1854 naam paus Pius IX it dogma oan fan de ûnbesmodzge ûntfinzenis fan de Jongfaam Marije. De bul folge op in tiid fan de tanimmende folksferearing fan Marije, dy’t fan it begjin fan de 19e iuw ôf oplôge. Karakteristyk foar dy tiid wiene ek de talrike ferskiningen fan de Jongfaam Marije. De ferneamdste Marije-ferskining soe plak fûn ha yn Lourdes, dêr't Marije oant 16 kear ta oan Bernadette Soubirous ferskynde. Neffens it proto-evangeelje fan Jakobus wie Marije frij fan erfsûnde.

De feestdei fan it feest fan de ûnbesmodzge ûntfinzenis is op 8 desimber fêststeld, njoggen moanne foar it âldere feest fan de Berte fan Marije. As dy datum op in advintssnein falt skood de dei op nei 9 desimber. Yn in soad katolike lannen is it in frije dei.

Oare tsjerkenBewurkje

De protestantske tsjerken wize de ûnbesmodzge ûntfinzenis ôf mei in ferwizing nei Bibelteksten dat allinne Jezus sûnder sûnde wie. Ek de otterdokske tsjerken diele de katolike lear fan de ûnbesmodzge ûntfinzenis net.

IkonografyBewurkje

De foarstelling fan Maria Immaculata yn de keunst toant yn 'e regel in steande Marije sûnder it bern Jezus en meastentiids op in moannesikkel en op wolken, fakentiden ek noch op in wrâldbol mei in slang, it Bibelske symboal fan de sûnde. De holle fan Marije wurdt omfieme mei in krâns fan, yn 'e regel tolve, stjerren. Dêrnjonken wurde op skilderijen fakentiden ek roazen of leeljes ôfbylde.

De keunstsinnigens fan de Maria Immaculata berikte in hichtepunt yn de Spaanske Gouden Iuw mei keunstwurken fan û.o. Bartolomé Esteban Murillo, José Antolínez, Jusepe de Ribera, Zurbarán, Juan Carreño de Miranda, Francisco Rizi en Mateo Cerezo.