It bisdom Rotterdam (Latyn: Dioecesis Roterodamensis) is ien fan de sân bisdommen fan de Nederlânske roomsk-katolike tsjerkeprovinsje. It bisdom omfiemet de provinsje Súd-Hollân en in pear plakken yn de provinsje Utert (Oudewater, Vijfheerenlanden, Woerden en sûnt 2011 Kamerik).

Bisdom Breda
Basisgegevens
Katedraal Sint-Antoniuskatedraal
Patroanhillige Laurentius fan Rome
Hiemside bisdomrotterdam.nl
Skiednis
Oprjochting 1955
Hierargy
Biskop Hans van den Hende
Statistyk
Oerflak 3.000 km²
Parochy's 46 (2021) dêrnjonken: 19 migrantemienskippen
Tal tsjerken 156 (2021)
Tal katoliken 442.000 (2021)
Gebiet (read) bisdom Breda
Gebiet (read) bisdom Breda

Skiednis bewurkje seksje

It bisdom waard stifte op 16 july 1955 troch in ôfsplitsing fan it bisdom Haarlim. It fyftichjierrich jubileum fan it bisdom waard yn 2005 fierd mei in jubileummisse, dêr't ek de doedestiidske prins Willem-Aleksander en prinses Maksima by wiene.

Katedraal bewurkje seksje

As katedraal fan it nije bisdom tsjinne oant 1967 de neogoatyske Sint-Ignatiustsjerke. By de wijing as katedraal waard Laurentius, de patroanhillige fan Rotterdam, tafoege oan de namme. De Laurentius- en Ignatiuskatedraal waard yn 1967 sletten en twa jier letter ôfbrutsen. Sûnt dy tiid is de H.H. Elisabet en Laurentiustsjerke de katedraal fan it bisdom.

Patroanhillige bewurkje seksje

Biskoppen bewurkje seksje

Biskop fan Rotterdam
1956 - 1970 Martinus Jansen
1970 - 1983 Adrianus Simonis 1982 - 1983: Philippe Bär (helpbiskop)
1983 - 1993 Philippe Bär
1994 - 2011 Ad van Luyn 2011: Ad van Luyn (foar fjouwer moanne apostoalysk administrator)
2011 - no (2020) Hans van den Hende

keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Kaski/Radboud Nijmegen: Kearnsifers Roomsk-Katolike Tsjerke (2021)

 
Roomsk-katolike bisdommen yn Nederlân
Jeropeesk Nederlân Aartsbisdom Utert (metropolitaan aartsbisdom) • Bisdom BredaBisdom De BoskBisdom Grins-LjouwertBisdom Haarlim-AmsterdamBisdom RoermondBisdom RotterdamNederlânsk Militêr Ordinariaat
Karibysk Nederlân Bisdom Willemstêd
Eardere bisdommen Bisdom DimterBisdom LjouwertBisdom MaastrichtBisdom Middelburch