Kersekapel (Kevelaer)
De Kersekapel (Dútsk: Kerzenkapelle) is in oan Sint-Michael kapel yn 'e Dútske beafeartsstêd Kevelaer.
Kersekapel
Kerzenkapelle | ||
De kapel yn 2023 | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Noardryn-Westfalen | |
plak | Kevelaer | |
adres | Kapellenplatz | |
koördinaten | 51° 35' N 6° 14' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Münster | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1643-1645 | |
boustyl | gotyk | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe Kersekapel is de âldste beafeartstsjerke yn 'e stêd Kevelaer en waard noch yn 'e tiid fan 'e Tritichjierrige Kriich (1618-1648) tusken 1643 en 1645 boud.
De sealtsjerke is fan binnen 30 meter lang, likernôch 10 meter breed en 15 meter heech. It ienskippige gebou fan bakstien is sûnder toer, mar hat in dakruter. Letter waard noch in sakristy oan 'e tsjerke tafoege.
De patroanhillige fan de tsjerke is de aartsingel Sint-Michael.
Yn 'e kapel steane in soad beafeartskersen, faak fersierd mei wapens fan 'e plakken dêr't se wei komme. Oan 'e noardlike bûtenmuorre fan 'e tsjerke baarne pylgers harren eigen devoasjekersen.
Oargel
bewurkje seksjeYn 'e kapel stiet in oargel, dat yn 1990 troch de oargelboufirma Romanus Seifert & Sohn út Kevelaer boud waard. It oargel stiet efter in âldere oargelkas út it jier 1843, dat troch de oargelbouwer Wilhelm Rütter út Kevelaer boud waard. De disposysje fan it hjoeddeiske oargel is basearre op it âlde Rütter-oargel en bestiet út 24 registers. De traktueren binne mechanysk.
Klokken
bewurkje seksjeYn it ramt fan 'e renovaasje fan 'e klokkestoel yn 'e dakruter waarden yn 2007 twa nij klokken oanskaft, dy't foar in part út it materiaal fan 'e âlde klokken getten waarden. De twa klokken waarden yn 'e klokkejitterij fan 'e benediktynske abdij Maria Laach getten.
Oargel
bewurkje seksje-
Oargel
-
Koer
-
Offerkersen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|