Abdij Maria Laach

De Abdij Maria Laach (Latyn: Abbatia Mariae Lacensis of Abbatia Mariae ad Lacum of Abbatia Lacensis; ôfstammend fan it wurd lacus (= mar): "Abdij fan Marije oan de Mar") is in kleaster yn Glees yn de (lânkring Ahrweiler, Rynlân-Palts) yn Dútslân. De abdij is fan de Beuroner Kongregaasje fan de Benediktynske oarder.

Maria Laach
Marije- en Markusmunster
Marije- en Markusmunster
Lokaasje
lân Dútslân
regio Rynlân-Palts
lânkring Mayen-Koblenz
plak Glees
koördinaten 50° 24' N 7° 15' E
Kleastergegevens
oarde Benediktinen
oprjochting Romaanske arsjitektuer
Webside
Side fan it kleaster
Kaart
Abdij Maria Laach (Rynlân-Palts)
Abdij Maria Laach

It heechmidsiuwske kleasterkompleks leit oan de súdwestlike kant fan de Laacher See, fjouwer kilometer noardlik fan Mendig yn de Fulkaaneifel. De abdij waard as in stifting fan Hindrik II en syn frou Adelheid as Abbatia ad Lacum (Abdij oan de Mar) tusken 1093 en 1216 boud; de hjoeddeiske namme datearret fan 1863.

De kleastertsjerke mei seis tuorren wurdt as ien fan de moaiste monuminten fan de Salyske boukeunst yn Dútslân beskôge. It paradys (atrium, foarhôf) foar de tsjerke is it lêste yn syn soarte noardlik fan de Alpen. De 13e-iuwske kleastergong waard yn 1859 restaurearre. Paus Pius XI joech de tsjerke yn 1926 de status fan basilyk.

 
Grêftombe fan de stifter Hindrik II

Om't hja gjin bern hiene ûnthiet Hindrik II fan Laach foar it sieleheil fan him en syn frou in kleaster te bouwen, dêr't hja ek begroeven wurde soene. Hindrik II wenne oan de eastlike kant fan de Laacher See op syn boarch. Foar it kleaster keas er fanwegen de Beller Bach, dy't foar farsk wetter soarge, en de goede tagonklikens in plak foar de boarch oer oan de westlike kant fan de Laacher See. It stiftingsjier fan it ûnder it patroanaazje fan Marije en Nikolaas sette kleaster is 1093.

 
De romaanske Kleastertsjerke

De earste muontsen kamen út it Maksiminuskleaster by Trier en setten al yn 1093 útein mei it oanlizzen fan de fûneminten fan de tsjerke, it letter tafoege paradys bestie noch net yn de oarspronklike plannen. Doe't Hindrik op 23 oktober 1095 op syn kastiel Laach ferstoar wiene de muorren al trije meter heech. It eastlike koer wie al fierder en al sân meter heech. Grevinne Adelheid wurke fierder oan de bou, mar nei har dea yn maart 1100 stûke it wurk. Op dat stuit tsjinne it eastlike dwersskip as tsjerke, dat noch gjin stiennen ferwulft hie en mei in flak dak ofsletten wie.

 
Paradys
 
Mozaïek grêfplaat fan abt Gilbert (2e helte 12e iuw), tsjinitwurdich Rheinisches Landesmuseum Bonn.

Hindrik's opfolger paltsgreve Siegfried fan Ballenstedt pakte de bou wer op en joech it kleaster as priorij oan de abdij fan Affligem yn it doetiidske lângreveskip Brabân, dêr't it earder al sûnt it begjin as priorij by hearde. Affligem en Maria Laach wiene nammentlik alletwa paltsgrefelike stiftings. Yn 1138 waard Maria Laach in selstannich kleaster; earste abt waard de eardere prior Gilbert fan Affligem, dy't yn 1152 ferstoar en yn de krypte fan de kleastertsjerke byset waard. De tsjerke wie doe al in hiel ein hinne klear en op 24 augustus 1156 waard de tsjerke troch de aartsbiskop fan Trier ynwijd. Yn dy tiid naam ek it grûnbesit fan it kleaster oan de Ryn, de Mûzel en yn de Eifel ta.

 
De Nikolaaskapel

Under de abten Albert (1199–1216) en Gregor (1216–1235) waard it westlike diel foltôge. Tusken 1220 en 1230 waard de noch jimmeroan besteande Nikolaaskapel boud en fierder waard as nij plan it paradys oan de westlike gevel boud. It paradys foarmet mei de westlike muorre fan de tsjerke as in atriumeftige, iepen omfieme fjouwerhoekige romte.

Nei in drege tiid tusken 1247 en 1256 (trije abten dy't ôftreden) makke it kleaster ûnder de alfte abt Diedrich II fan Lehmen ferskillende ferbouwings yn goatyske styl mei. Ek waarden yn it kleasterlibben fernijings trochfierd, sadat lettere skiedkundigen Diedrich II ek wol as twadde kleasterstifter oantsjutten. Abt Diedrich tsjinne it kleaster hast fjouwer dessinia. Under syn opfolger Kuno fan Lösnich (1295-1328) ûndergyng it kleaster in geastlike groei en dêrnei soe it kleaster hast 150 jier in bloeitiid yn 'e mjitte gean.

Yn de tiid nei it Konsylje fan Konstanz waarden de benediktyske herfoarmingsbewegingen jimmeroan sterker útrold. De aartsbiskop fan Trier joech de Benediktynske kleasters opdracht harren by de herfoarmingssinnige Kongregaasje fan Bursfeld oan de sluten en stjoerde yn 1469 de prior Johann Fart fan Deidesheim út de ryksabdij Sint-Maksiminus yn Trier as herfoarmingsabt nei Laach. Under dy abt joech de abdij him lang om let yn 1474 lang ek by de Kongregaasje fan Bursfeld. Under syn opfolgers waard it kleaster mei de yntusken tige útwrydske bibleteek in sintrum fan it monastike humanisme.

De abdijtsjerke besiet yn de 16e iuw 16 oan ferskillende hilligen wijde alters.

 
It barokke heechalter, tsjintwurdich yn de tsjerke fan Kesseling

Tsjin it ein fan de 17e iuw waard fral ûnder de 33e abt Placidus Kessenich (1662–1698) de barok yn it kleaster yntrodusearre. De tsjerke krige in nij barok heechalter (1695), nije alters en in nije preekstoel. Oan it begjin fan de 18e iuw waard it âlde koerstuolte troch nije koerbanken ferfongen. De romaanske finsters waarden fergrutte, mar binne yn de 20e iuw wer yn romaanske foarmen werombrocht. Ek de bibleteek waard barokkisearre. It kleastergebou, it refektoarium en it folsleine skip fan de Nikolaaskapel waard ferfongen troch in nij skip.

Op 6 augustus 1802 waard de abdij yn it ramt fan de sekularisaasje troch it Frânske bestjoer opheft. Al op 27 septimber 1801 wie it besit fan de abdij ûnteigene. Op 10 juny 1802 ferstoar de lêste, noch net wijde mar wol oanwiisde abt fan Maria Laach. Op de dei dat it stjoerleaze kleaster ofheft waard hie it 709 jier âlde kleaster noch mar 17 muontsen. It ûnreplik guod fan de abdij waard oerdroegen oan de Frânske steat en al it replike guod waard yn de kapittelseal en it refektoarium by inoar sammele en op tige krekt byholden listen registrearre. It lân en it replike guod waarden yn de jierren dêrnei yn Koblenz feild; in diel gyng yn it besit fan de steat oer, wylst in oar diel yn partikulier besit oergyng. It Frânske bestjoer struts dêrmei in soad jild op, dêr't fral de heechweardige lânbougrûn fan it kleaster en de wynbergen oan de Mûzel in soad oan bydroegen. It kleasterkompleks soe neffens de plannen fan de Frânsen tenei as finzenis tsjinje. De hingjende proseduere oangeande it lot fan de abdij hat de abdij lang om let foar de ôfbraak behoede. Yn 1815 waard de abdij fanwegen it Kongres fan Wenen prusysk steatseigendom.

Dêrnei waard ferskillende kearen besocht de gebouwen te privatisearjen, mar pas nei't Prusen de kleastertsjerke út de ferkeap helle slagge de feiling fan de gebouwen. Foar 24.900 Prusyske daalders waarden de eardere kleastergebouwen, de mar en it lân ferkocht oan Daniel Heinrich Delius, in hege amtner. Nei syn dea bleau it oant jannewaris 1863 yn it besit fan syn bern, dy't dêr mei harren hûshâldings sa lang wennen. Nei in earnstige brân fan de prelatuer yn 1855 lieten hja de eastlike fleugel troch de Keulse domarsjitekt Ernst Friedrich Zwirner yn neogoatyske werbouwe. Yn 1863 kochten Dútske jezuïeten Maria Laach oan en stiften dêr harren Collegium Maximum. Hja bouden de bibleteek wer op en joegen dêr in soad katolike publikaasjes út. Sûnt dy tiid hat it kleasterkompleks de namme Maria Laach en net mear de sûnt de midsiuwen wenstige namme Laach. Mei de Kulturkampf moast it collegium yn 1892 wer slute en de Jezuïeten beaën doe de abdij oan de Benediktynske oarder oan.

 
It kleaster yn de 19e iuw

Prior Willibrord Benzler fan de aartsabdij Beuron naam it oanbod mei beide hannen oan en krige op 30 augustus 1892 fan keizer Wilhelm II de tastimming foar de oername. Al op 28 novimber 1892 ferhûze er as prior mei in pear muontsen nei Maria Laach en op 1 oktober 1893 waard it kleaster nei 737 ûnder de nije namme Maria Laach foar de twadde kear as abdij konsekrearre. Tagelyk waard prior Willibrord Benzler ta de 42e abt fan de abdij wijd. De benediktinen mochten de kleastertsjerke, dy't pas yn 1923 troch Prusen oan de abdij oerdroegen waard, allinne brûke nei't hja akseptearren dat ek de Protestantske Tsjerke fan de âldprusyske Uny de kleastertsjerke brûke mocht. Yn 'e praktyk wie dat lêste lykwols sûnder betjutting.

De muonts Ludger Rincklake makke tusken 1901 en 1913 de ûntwerpen foar in pear kleastergebouwen en yn de jierren 1928-1929 wreide de arsjitekt Martin Weber it kompleks mei mear gebouwen út.

Yn it jier 1933 flechte de troch de nasjonaalsosjalisten ôfsette boargemaster en lettere bûnskânsler Konrad Adenauer nei it kleaster, dat yn dy tiid troch syn skoalkammeraad Ildefons Herwegen laat waard, en libbe dêr as bruder Konrad. Yn 1934 wie de kleastermienskip mei in ledetal fan 182 op syn grutst. Yn dy tiid ûnstie ek de printerij ars liturgica fan it kleaster. Under abt Ildefons Herwegen begûn it kleaster him yngeand mei liturgysk ûndersyk dwaande te hâlden en yn 1948 folge de stifting fan in eigen ynstitút foar dat teologyske fakgebiet.

Mei twa yn 1937 en 1956 útein sette restauraasjes waard ynearsten de bûtenkant en dêrnei ek it ynterieur fan de abdijtsjerke safolle mooglik yn de oarspronklike steat werom brocht. De abdij waard yn 1984 op de list fan kânshawwers foar it wrâlderfgoed set, mar yn 1993 wer ferwidere. Op snein 27 augustus 2006 fierde de kleastermienskip mei biskop Reinhard Marx fan it aartsbisdom Trier de feestmisse yn it ramt fan it 850-jierrich wijingsjubileum fan de tsjerke. De abdij telde yn 2021 25 muontsen en 2 kleasteroblaten.

Kleastertsjerke

bewurkje seksje

De abdijtsjerke is ien fan de bêst bewarre en moaiste romaanske bouwurken fan Dútslân en stiet yn de tradysje fan de grutte Rynlânske keizerdomtsjerken fan Speyer, Mainz en Worms. Dat komt fral om't de abdijtsjerke praktysk gjin grutte feroarings ûndergyng. Goatyske (spitsen) en barokke (grutte finsters yn de sydskippen) feroarings oan it gebou binne by de 20e-iuwske restauraasjes werom draaid. Nettsjintsteande de lange boutiid foarmet de kleastertsjerke in tige harmonysk gehiel. As boumateriaal tsjinne de brúngiele tufstien út de eigen krite, wite kalkstien út Loataringen, reade sânstien út de omkriten fan Kyll en letter ek grize dowestien út Weibern en basaltlava fan de Veitskopf en Niedermendig. Wylst de daken eartiids mei koper oerdutsen wiene, hawwe dy sûnt de 19e iuw tradisjonele laaien.

 
Mozaïek apsis

De kleastertsjerke hat in dûbel koer en is trijeskippich mei twa transepten. De tsjerke besit seis tuorren. Beide transepten hawwe in toer, in krusingstoer op it eastlike transept en in middentoer op it westlike transept. Beide transepttuorren wurde flankearre fan twa smellere tuorren. De bûtenmuorren binne mei lisenen fersierd. Bysûnder is it letter (1225-1235) oanboude paradys.

Yn de iere 13e iuw waard in stiennen ferwulft oanbrocht, dat it oarspronklik flakke balkenplafond fan it haadskip ferfong. Yn it eastlike koer bleau in 13e iuwsk siboarium bewarre. De 11e abt Theodoric II fan Lehmen (1256-1295, † 1307) skafte it oan foar de nije tombe fan de stifter, dy't earder yn de kleastergong begroeven waard om't de tsjerke noch net foltôge wie. It heechgrêf stie yn it eastlike diel fan it middenskip, mar ferhûze mei it siboarium yn de barokke tiid nei it westlike koer, dat krekt earder ferlege wie. Sûnt 1947 stiet it siboarium yn it eastlike koer oer it alter hinne.

As kening fan Prusen en beskermhear fan de tsjerke skonk Wilhelm II yn 1898 in nij heechalter neffens ûntwerp fan de bekende Berlynske arsjitekt Max Spitta. Dat alter makke nei 1945 plak foar it siboariumalter. Ek droech er sûnt 1905 by oan it oanbringen fan mozaïeken yn de tsjerke. It wie ek syn opdracht om neffens it foarbyld fan de apsis fan de katedraal fan Monreale yn de koepel fan de haadapsis in mozaïek fan Kristus Pantokrator oan te bringen

Yn 1902 waarden de barokke finsters werom brocht yn romaanske finsters. By de restauraasje fan de jierren 1930 waarden alle letgoatyske en barokke eleminten yn de tsjerke ferwidere. De Liuweboarne yn de binnenhôf fan it paradys waard doe troch P. Radbod Commandeur tafoege.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.