De Laacher See is in mar yn 'e eastlike Fulkaaneifel yn it doarpsgebiet fan Glees, Dútslân tichtby de Abdij Maria Laach. It is de grutste mar fan Rynlân-Palts en waard nei de lêste útbarsting fan 'e fulkaan Laach foarme yn 'e kaldera sa'n 13.000 jier ferlyn. Der bestiet twifel oer de krekte datearring. Mofettes yn it súdeastlike gebiet fan 'e mar binne tekens dat der noch jimmeroan fulkanisme is en der gasútstjit is.

Laacher See
geografy
type wetter mar
lokaasje Fulkaaneifel
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
koördinaten 50° 24' N 7° 16' E
sifers
maks. lingte 1,964 km
maks. breedte 1,186 km
oerflak 3,31 km²
djipste punt 51 m
wetterfolume 103.000.000 m³
kaart
Laacher See (Rynlân-Palts)
Laacher See

It wurd Laach stamt fan it Aldheechdútske lacha, dat besibbe is mei it hjoeddeiske Latynske wurd lacus en it Ingelske wurd lake (mar). See stiet yn it Dútsk foar 'mar' en Laacher See is dus in tautology.

Beskriuwing bewurkje seksje

De ovale mar hat in oerflak fan sawat 3,3 km² en in djipte fan 51 m. De Laacher See leit yn it fulkaangebiet fan 'e Noard-Eifel, tichtby de stêden Andernach (8 km), Bonn (37 km), Koblenz (24 km) en Mayen (11 km). Op 3 km ôfstân leit de oansluting op 'e A61.

 
De oan 'e mar lizzende abdij Maria Laach.

De mar wurdt folslein troch in trochsneed 125 m hege wâl omklamme en hat gjin natuerlike ôfwettering. It is foar it measte grûnwetter dat de mar follet. It oerflak fan 'e mar leit hjoed-de-dei op in hichte fan 275 m, dy't eartiids sa'n 15 meter fluktuearre, sadat lânbou om 'e mar lestich wie. Neffens in rûzing fan 'e geodeet Klaus Greve waard yn 'e midsiuwen ûnder abt Fulbert (1152-1177) de 880 m lange myngong yn 'e rjochting nei it suden boud. Dy myngong, dy't ferneamd waard nei de abt, moast by it folrinnen fan 'e mar de abdij tsjin oerstreamings beskermje. Neffens ûndersyk kin de myngong lykwols al yn 'e Romeinske tiid oanlein wêze. Tusken 1840 en 1845 lieten de famyljes Delius en Von Ammon, de doetiidske eigners fan it sekularisearre kleasterbesit en de mar, sa'n 5 meter djipper parallelle tunnels bouwe om it wetterpeil nei it hjoeddeiske nivo te ferleegjen om sa lân en greide te krijen. Troch de twa ôfwetterstunnels ferlear de mar hast in tredde fan syn wettergebiet.

Geology bewurkje seksje

 
Kaart fan de Laacher See en omjouwing.

Alhoewol't de Laacher See gauris oantsjut wurdt as de grutste maar yn 'e Fulkaaneifel, is it geologysk sjoen gjin maar en ek gjin fulkaankrater, mar in kaldera fol wetter, in bekken dat ûntstie troch it ynsakjen fan it plafond fan 'e lege magmakeamer, dy't ûnder de fulkaan foarme waard. Nei ferrin fan 'e tiid kaam dat bekken fol mei wetter te stean. De Laacher See is njonken it oanbuorjende bekken fan Wehr de grutste kaldera fan Midden-Europa en de iennige dy't mei wetter folle is.

 
Bleatlizzende ôfsetting fan 'e Wingertsbergwand by de Laacher See.

De lêste útbarsting fan 'e fulkaan dy't dizze kaldera makke, fûn likernôch 13.000 jier lyn plak. In stúdzje út 2021 datearret it barren op 13.006 ± 9 jier BP (referinsjejier 1950 n.Kr.). Yn dat ûndersyk metten ûndersikers it oandiel fan 'e radioaktive koalstofisotoop 14C yn 'e beamstammen, dy't by de útbarsting begroeven waarden. Om't dy isotoop yn 'e rin fan 'e tiid ferfalt, kin út syn oandiel yn koalstofhâldende oerbliuwsels de âldens dêrfan berekkene wurde. Kritisi twifelje oan de resultaten, om 't beammen dy't by in fulkaan groeie ek koalstof fan fulkanyske oarsprong yn it weefsel opslaan kinne, wêrtroch it oandiel oan radioaktyf 14C leger wêze soe. Ferlykjende mjittings mei hjoeddeiske beammen hawwe dy krityk noch net befêstigje kinnen. De lagen delslach litte sjen dat de útbarsting yn ferskate fazes plakfûn. De útbarsting duorre in pear dagen en bestie út in plinyske faze, begelaat en beëinige troch freatomagmatyske eksploazjes.

 
Fulkanyske ôfsettings.

Dêrby waard in ûnbidich soad jiske en púmstien de loft útspuid, dy't it gebiet oant yn 'e Ryndelling ûnder in sân meter dikke laach oerduts en sels yn it gebiet by Keulen noch ûnder in meter dikke laach. It útspuide materiaal en de grutte tallen beamstammen soargen foar in ferstopping fan 'e Ryndelling by de Andernacher Poarte. Dêrtroch ûnstie in soarte fan opslachmar, dy't fan it Neuwieder bekken oant yn 'e Bopperyn lei. Nei't dy daam briek, waard de Nederryn troffen troch in grutte floed, wêrfan de effekten noch te sjen binne yn 'e grintlagen.

Net dúdlik is of der yn it Ryndal prehistoaryske delsettings west hawwe, dy't troch de oerstreamingsweach ferneatige binne. Der binne lykwols oerbliuwsels fan minsken yn 'e púmstienlagen fûn, dy't nei alle gedachten flechten foar de útbarsting.

De útbarsting wie oardel kear sa sterk as de útbraak fan de Pinatubo yn 1991 of seis kear sa sterk as de útbraak fan Mount Saint Helens yn 1980. De ôfsettings fan 'e jiskewolken binne oant yn Sweden en Noard-Itaalje delslein en yn kwartêre sediminten werom te te finen.

 
Mofetten oan de noardlike kant fan de Laacher See.

Fulkanologen en geologen geane derfan út dat der fan de Laacher See gjin akuut gefaar útgiet. Fanwegen de lange fulkanyske aktiviteit yn 'e Eifel is in fulkaanútbarsting lykwols net út te sluten, alhoewol't dy net perfoarst yn it gebiet fan 'e Laacher See hoecht te barren. Tusken it optreden fan magma ûnder de Laacher See en syn ûnbidige útbarsting oan it ein fan 'e lêste iistiid sieten teminsten 17.000 jier. Neffens dat lange tiidrek is in nije útbarsting fan 'e fulkaan yn 'e kommende tûzenen jierren hiel wierskynlik. Yn 'e hiele eastlike Eifel fûn yn 'e lêste 450.000 jier alle fiif- oant tsientûzen jier in fulkaanútbarsing plak, in tiidrek dêr't sûnt de lêste útbarsting al lang oer hinne gien is.

Nije ûntwikkelings lykas in lokale ierdskodding yn 2018 lykje op in lichte, stadich tanimmende aktiviteit te wizen. Saakkundigen hâlde de ûntwikkelings goed by en koene fêststelle, dat de magmakeamer noch yntakt is. De tiid fan in útbarsting kin noch hûnderten jierren yn 'e takomst lizze, mar kin likegoed ynienen en ûnferwachts barre.

Ut in yn 2019 publisearre stúdzje waard troch wittenskippers opmakke dat de fulkaan aktyf is en dat de magmakeamer folle wurdt mei magma út 'e boppemantel fan 'e ierde. Der is lykwols gjin earnstige fulkanyske aktiviteit te merkbiten en op it stuit wurdt oannommen dat it nei in útbarsting sa'n 30.000 jier duorret oant de lavakeamer ûnder de Eifel wer hielendal folle is.

 
Laacher See op in iere wintermoarn.

De meast resinte aktiviteit yn 'e regio wie in searje fan seismyske trillings yn in koart skoftke tiid op 28 oktober 2019 om 11:17 oere mei as epysk sintrum Namedy by Andernach, likernôch 4 km fan 'e Laacher See. De trillings bestiene út teminsten seis aparte ierdskoddings mei in maksimale krêft fan 1,6.

Natoergebiet bewurkje seksje

De mar mei syn omjouwing waard op 26 juny 1935 offisjeel in natoerbeskermingsgebiet

Fleantúchwrak bewurkje seksje

Op de boaiem yn it westlik diel fan 'e mar leit sûnt 29 augustus 1942 it wrak fan in Britske fjouwer-motoarige Halifax-bommesmiter en tichteby de boateferhier by de kant mooglik noch in oar wrak. Oant de jierren nei de oarloch wie dat noch te sjen, mar it glied doe fierder de djipte yn.

De abdij makke op 27 april 2007 út namme fan de Verbandsgemeinde Brohltal bekend dat fanwegen eksploazjegefaar it dûken, swimmen, boateferkear en fiskjen yn dat stik ferbean wie. Om de mooglike gevaren te ferkennen fûn fan 2 oant 20 juny 2008 in dûkoperaasje plak ûnder lieding fan de dûkgroep fan de Rynlân-Paltske Eksplosivetsjinst. Der waarden fragminten fan 'e fleanmasine weromfûn, mar it wrak sels of bommen binne net ûntdutsen.

Om 't it sicht op de lokaasje tsjuster en tige min is, bliuwt it ûndúdlik oft der bommen yn of om it wrak fan it fleantúch lizze. It kin net útsletten wurde dat der noch oerbliuwsels fan hydraulyoalje en brânstof yn it wrak sitte; neffens ferslaggen fan tsjûgen foel de masine baarnend yn 'e mar.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Laacher See