Beafeart

(Trochferwiisd fan Beafeartsplak)

In beafeart is yn de Roomske tsjerke de tocht nei in plak dat de namme fan in hillichheid hat. It kin wêze dat it plak ferbûn is mei de stifter of in hillige fan in religy, of op oare wize in wichtich plak ynnimt yn de skiednis fan de religy. It kin ek it plak fan in iepenbiering of in religieus boppenatuerlik wûnder wêze.

Beafeart

Lykas de Angelsaksen lutsen al om 800 Fryske pylgers nei Rome ta. Fan koart nei 1500 binne der berjochten oer reizen nei Palestina. Yn Fryslân sels lutsen ûnder oare Dokkum en Marije fan Starum (sjoch Riis) beafeartgongers. Yn de 15e iuw waard de lêste ferfongen troch Us Leaffrou fan Sânwâlden Boalsert. Yn de 16e iuw ek troch Marije fan Ljouwert. Yn Skraard waard it hillich Sakramint fereare, yn Hallum Sint-Freark. Tusken 1580-1875 kamen beafearten hast net mear foar. Dêrnei luts earst Kevelaar, letter de Stille Omgong yn Amsterdam. Yn Fryslân kaam Dokkum wer yn eare. Sûnt 1926 ek yn grutte styl as Nasjonale Beafeart. Ek Boalsert gie wer lûken. Sûnt 1951 komt der op om de tinkdei fan de Slach by Warns hinne (26 septimber) in Fryske Beafeartdei.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sint Bonifatiusboek (Nymwegen, 1927)
  • S. de Vries, De Fryske Leaffrouwe (1947)
  • Th. Lambooy, Onze Lieve Vrouw van Leeuwarden (1951)
  • Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Bedevaart.