Us Leaffrou fan Sânwâlden
Us Leaffrou fan Sânwâlden is in merakelse Marijebyltnis dy't fereare wurdt yn de Sint-Fransiskustsjerke yn Boalsert. Hoewol't it byld sels ein 13e iuwsk is (dat ien fan de âldste merakelbylden fan Nederlân is) komt de devoasje sels út folle lettere tiden. Hja stie opsteld yn in kapel op in brêge doe't de stêd ynfallen waard troch de Swarte Heap, oproer meitsjende soldaten fan de hartoggen fan Saksen. Dat barde yn 1515. Wûnderlik genôch bleau it byld sels sparre en krige op dat stuit - en letter - in bysûndere ferearing. Fan dat momint ôf waard der, lykas bygelyks ek yn 's-Hertogenbosch in merakelboek byholden.
Mei de reformaasje waard it byld yn feilichheid brocht by fromme froulju. It bleau ferburgen by de saneamde klopkes oant de 18e iuw, doe't de iepenbiere ferearing ferfette wurde koe, no by de staasje fan de Fransiskanen.
Keppelingen om utens
bewurkje seksje- Maria van Sevenwouden webside Z. Titus Brandsmaparochie;
- Foto's 500-jierrich jubileum en prosesje d.d. 17 maaie 2015.