Hajo van Lengen
Hajo van Lengen (Jever, 25 april 1940 is in Eastfrysk histoarikus. Hy wie fan 1979 oant syn pinsjoen yn 2005 de direkteur fan it Ostfriesische Landschaft mei syn sit yn Auwerk. Hy is bekend wurden troch syn grutte mannichte publikaasjes oer benammen de midsiuwske skiednis fan East-Fryslân.
Libben
bewurkje seksjeHajo van Lengen waard berne, en brocht syn jonkheid troch yn Jever en komt fan in famylje dy't syn woartels hat yn East-Fryslân. Nei it talittingseksamen waard er ynskreaun by de Universiteit fan Göttingen dêr't er yn 1960 úteinsette mei de stúdzje skiednis. Al yn de fjirde semester publisearre er yn de Emder Jahrbuch für historische Landeskunde Ostfrieslands in essay oer de skiednis fan de namme East-Fryslân yn de midsiuwen. As studint fan Georg Schnath helle er in doktoraal yn de letterkunde. Tema fan syn doktoraalseksamen wie de skiednis fan it Eastfryske goa Emsigerlân mei de neidruk op it tiidrek fan de iere trettjinde oant de lette fyftjinde iuw.
Nei syn stúdzje kaam van Lengen yn tsjinst by it Ostfriesische Landschaft en yn 1970 krige er de lieding oer de biblioteek fan it Landschaft. Op 1 oktober 1979 waard er direkteur by it Landschaft. Dy funksje soe er hâlde oant syn pinsjoen yn 2005. Ek neitiids bleau Hajo van Lengen warber op it mêd fan ûndersyk nei de skiednis fan East-Fryslân, dêr't er in grutte mannichte wurk oer publisearre.
Wurk en ûndersyk
bewurkje seksjeNijsgjirrich yn it ûndersykswurk fan Van Lengen binne de Friesische Mittelalter (Fryske midsiuwen). Dêr gou syn grutste belangstelling foar de politike feroarings dy't der yn de snuorje fan de Fryske Frijheid plakfûn fan de hearskippij fan de haadlingen nei dy fan de lânshearen. Ek de ûntwikkelingsskiednis fan de stêden yn de frije Fryske Goaen, dy't neffens de stelling fan Van Lengen, "him dúdlik ûnderskiedt fan de rest fan it stêdlik systeem fan de Dútske midsiuwen" waard troch him wiidweidich ûndersocht. Ek de skiednis fan it Eastfryske boarchsysteem heart ta it mêd fan syn ûndersyk.
It doel fan Hajo van Lengen wie en meitsje de Eastfryske skiednis bekend by in breed publyk, sa as bygelyks syn mânske ûntwerpen fan útstallings en lêzings dy't er die. De bekendste útstalling dy't troch Van Lengen ûntwurpen waard, fûn yn 2003 plak en hie it tema: Die Friesische Freiheit des Mittelalters - leben und Legende (de Fryske Frijheid yn de midsiuwen - libben en leginde).
Publikaasjes
bewurkje seksje- as útjouwer: Zur Geschichte des Johanniterordens im friesischen Küstenraum und anschließenden Binnenland (= Die blaue Reihe. H. 15). Heimatbund Oldenburger Münsterland, Kloppenburch 2008, ISBN 978-3-9810290-6-2.
- Die Friesische Freiheit des Mittelalters – Leben und Legende. Utjouwerij en ferkeap troch it Ostfriesische Landschaft, Auwerk 2003, ISBN 3-932206-30-4.
- mei Erik Peters en Wolfgang Schwarz: Die Burg der Beninga zu Wirdum. Archäologische Untersuchungen in den Jahren 1999 und 2000 (= Wegweiser zur Vor- und Frühgeschichte Niedersachsens. H. 23). Isensee, Aldenburch 2002, ISBN 3-89598-921-5.
- as útjouwer: Die „Emder Revolution“ von 1595. Ostfriesische Landschaft, Auwerk 1995, ISBN 3-925365-92-3.
- as útjouwer: Collectanea Frisica. Beiträge zur historischen Landeskunde Ostfrieslands. Walter Deeters foar syn 65e jierdei (= Abhandlungen und Vorträge zur Geschichte Ostfrieslands. Bd. 74). Ostfriesische Landschaft, Auwerk 1995, ISBN 3-925365-86-9.
- mei Eckart Krömer en Heino Schmidt: Ostfriesland (= Schriftenreihe der Niedersächsischen Landeszentrale für Politische Bildung. Landschaften Niedersachsens und ihre Probleme 5, ZDB-ID 585200-6). Rautenberg, Lier 1987.
- Stadtbildung in Ostfriesland im Mittelalter und in der frühen Neuzeit. Yn: Niedersächsisches Jahrbuch für Landesgeschichte. Bd. 52, 1980, ISSN 0078-0561, siden 112–116.
- Geschichte des Emsigerlandes. Vom frühen 13. bis zum späten 15. Jahrhundert. Yn twa dieien (= Abhandlungen und Vorträge zur Geschichte Ostfrieslands. Bd. 53, ISSN 0724-9772). Utjouwerij Ostfriesische Landschaft, Auwerk 1973
Literatuer
bewurkje seksje- Literatuer troch en oer Hajo van Lengen yn it katalogus fan de Nasjonale Biblioteek fan Dútslân
- Heinrich Schmidt, Wolfgang Schwarz, Manfred Tielke (Hrsg.): Tota Frisia in Teilansichten. Festschrift für Hajo van Lengen (= Abhandlungen und Vorträge zur Geschichte Ostfrieslands. Bd. 82). Utjouwerij en ferkeap troch it Ostfriesische Landschaft, Auwerk 2005, ISBN 3-932206-51-7.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Webstee fan it Ostfriesischen Landschaft; oproppen op 1 maaie 2010
- Ferneamde persoanen út Jever, oproppen op 9 oktober 2017.
Boarnen
bewurkje seksje- Heinrich Schmidt: Hajo van Lengen – Würdigung und Glückwunsch. In: Tota Frisia in Teilansichten. Festschrift für Hajo van Lengen. 2005
- Hajo van Lengen: Zur Geschichte des Namens „Ostfriesland“ im Mittelalter. Yn: Jahrbuch der Gesellschaft für bildende Kunst und vaterländische Altertümer zu Emden. Bd. 42, 1962, ISSN 0341-969X, S. 5–15.
- Hajo van Lengen: Geschichte des Emsigerlandes. Vom frühen 13. bis zum späten 15. Jahrhundert. Yn twa dielen (= Abhandlungen und Vorträge zur Geschichte Ostfrieslands. Bd. 53). Utjouwerij Ostfriesische Landschaft, Auwerk 1973.
- Hajo van Lengen: Geschichte Emdens von den Anfängen bis zum Ende des Mittelalters. Yn: Geschichte der Stadt Emden. Band 1: Archäologische Quellen zur frühen Geschichte von Emden (Ostfriesland im Schutze des Deiches. Bd. 10). Rautenberg, Lier 1994, ISBN 3-7921-0545-4, S. 61–159.
- Hajo van Lengen (Hrsg.): Die Friesische Freiheit des Mittelalters – Leben und Legende. Ostfriesische Landschaftliche Verlags- und Vertriebsgesellschaft, Auwerk 2003, ISBN 3-932206-30-4.
- Martin Tielke: Bibliographie Hajo van Lengen. Yn: Tota Frisia in Teilansichten. Festschrift für Hajo van Lengen. 2005, siden 519–524.