It Mooring of Bökingharders (Böökinghiirder frasch) is in dialekt fan it Noardfrysk, wat sprutsen wurdt yn de Bökingharde, in streek op it fêstelân rûnom Niebüll (Naibel).

In kaartsje mei de dialekten fan it Noard-Frysk

It Mooring is neamd nei de Risumer Moor, en wurdt begrinze troch it Wiedingharders yn it noarden, it Karrharders yn eastsúdeasten en it Goedharders yn it súdsúdeasten. Mei dizze dialekten en it Halligers foarmet it Mooring it fêstelânske Noardfrysk.

It Mooring hat de lêste desennia min ofte mear de status krigen fan it Lingua Franca foar it hiele Noardfrysk. Dit hie gjin taalkundige basis. It is ek net it grutste dialekt, dat is it Fering. Mar der waarden safolle aktiviteiten oer it dialekt. Ek op it Noardfrysk Ynstitút binne de Mooring sprekkers goed fertsjintwurdige. De eilândialekten hienen altyd al harren eigen ferieningen dy’t harren rjochten op kultivearjen fan de lokale kultuer. Troch de status fan it Mooring krijt it Mooring hieltyd mear oandacht op it Ynternet. It oanbod fan taalkursussen is rom. It Mooring is echt oan it werom kommen. In oantal jierren ferlyn gie it min mei de taal. Mar hjoed te dei komme er hieltyd mear Mooringsprekkers by. Der wurdt sein dat der op dit momint mear bern binne dy’t it Moorings as memmetaal hawwe as ûnder de tweintigers en tritigers. Yn Risum is in Mooringske basisskoalle.

Keppeling om utens

bewurkje seksje