Niebüll
Niebüll (Deensk: Nibøl, Noard-Frysk: Naibel) is in stêd yn it distrikt Noard-Fryslân yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein.
Niebüll | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Sleeswyk-Holstein | |
Distrikt | Noard-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 9.315 (2010) | |
Oerflak | 30,63 km² | |
Befolkingsticht. | 304 / km² | |
Hichte | 3 m | |
Oar | ||
Tiidsône | CET/CEST (UTC+1/+2) | |
Offisjele webside | ||
www.niebuell.de |
It plak waard al yn 1436 neamd, mar bleau iuwenlang net folle mear as in doarp. Earst doe't it eilân Sylt opgong makke as toeristesintrum ûntjoech Niebüll har, mei troch it spoarstasjon, ta in regionaal sintrum. Omdat auto's de Hindenburgdaam, dy't Sylt mei it fêstelân ferbynt, net opmeie, moatte minsken dy't har auto meinimme wolle nei Sylt dy op stasjon Niebüll op de trein sette. Yn 1960 krige Niebüll stedsrjochten. De 18e-iuwske tsjerke hat noch in benei oarpronklik ynterieur út de boutiid.
Susterstêden
bewurkje seksjeBerne yn Niebüll
bewurkje seksje- Carl Ludwig Jessen (1833–1917), keunstskilder
- Reimut Jochimsen (1933–1999), ekonoom en politikus
- Imke Sönnichsen (* 1970), yllustrator
- Synje Norland (* 1982), sjongster