Woerster Noardseekust

Woerster Noardseekust (Dútsk: Wurster Nordseeküste) is in frije gemeente yn de distrikt Cuxhaven yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. De gemeente is ûntstien op 1 jannewaris 2015 nei in weryndieling fan de gemeente Nordholz en de dielnimmende gemeenten Cappel, Dorum, Midlum, Middelwarden, Mulsum, Padingbüttel en Wremen, dy't meiïnoar de gearwurkjende gemeente Samtgemeinde Lân Woersten foarmen. De eardere gearwurkjende gemeente Lân Woersten komt nammers oerien mei it âlde Fryske Lân Woersten. Yn de midsiuwen wurken de gemeenten, of leaver sein de doarpen al gear yn it ramt fan dykbou en wetterhûshâlding. Reden fan de weryndieling wie dat de finansjele posysje fan de gemeenten swak wie en dat sûnder in fúzje de problemen net oprêden wurde koene. Dizze nije gemeente is in frije ienheidsgemeente wurden en dat betsjut dat de gemeente alle taken selsstannich útfiert. Yn tsjinstelling ta in Samtgemeinde, dy't bepaalde taken útbesteget oan de dielnimmende gemeenten. Op 2 novimber 2014 waarden de boargemaster en gemeeenteried keazen. De sit sil yn Dorum en Nordholz bliuwe. De gemeente grinzget yn it westen oan de Noardsee en leit benoarden de mûning fan de rivier de Wezer. Yn it noarden grinzget it oan de stêd Cuxhaven, oan Wanna yn it noardeasten, oan de ek op 1 jannewaris 2015 foarme gemeente Geestland yn it easten en suden en Bremerhaven leit 19 kilometer besuden de gemeente.

Woerster Noardseekust
Lizzing fan Woerster Noardseekust yn distrikt Cuxhaven
Lizzing fan Woerster Noardseekust yn distrikt Cuxhaven
Bestjoer
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Distrikt Cuxhaven
Boargemaster Marcus Itjen (partijleas)
Sifers
Ynwennertal 16.799 (31-12-2013)[1]
Oerflak 182,08 km²
Befolkingsticht. 92 / km²
Hichte 21 m
Oar
Stifting 01-01-2015
Postkoade 27639
Tiidsône CET(UTC+1)
Simmertiid (UTC+2)
Koördinaten 53°47´N 08°36´E

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Webside Woerster Noardseekust

  1. http://www1.nls.niedersachsen.de/statistik/