Dorum is in doarp en wie oant 1 jannewaris 2015 in gemeente yn it histoaryske Fryske Lân Woersten yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. It wie in dielnimmende gemeente yn de gearwurkjende gemeente Lân Woersten (Samtgemeinde Land Wursten). Tegearre mei de oare dielnimmende gemeenten Cappel, Midlum, Misselwarden, Mulsum, Padingbüttel en Wremen en de frije gemeente Nordholz waard it yndield yn de nije ienheidsgemeente Woerster Noardseekust. Dorum wie de sit fan de eardere gearwurkjende gemeente en is tegearre mei Nordholz de sit fan de nije gemeente.

Dorum
Bestjoer
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Distrikt Cuxhaven
Boargemaster Klaus Seier (CDU)
Sifers
Ynwennertal 3595 (31 desimber 2005)
Oerflak 24,32 km²
Befolkingsticht. 148 / km²
Hichte 2 m
Oar
Postkoade 27632
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Offisjele webside
www.sglandwursten.de/
It wapen fan Dorum
Loftfoto fan Dorum (2012)
Haven fan Dorum

Dorum en omkriten, it Lân Woersten waard yn de 6e iuw bewenne troch Friezen, doe't Saksen dizze geaen yn 'e 5e iuw ferlieten. Hja wurpen terpen op om harren wentes te beskermjen tsjin oerstreamings. De namme Dorum kaam yn 1312 yn in oarkonde foar. It plak hat dêrfoar Dornem, Thornum, Dorum en Dornem hiten. De namme komt fan it Fryske (en Nederdútske) thorn/dorn-hem, dat wierskynlik doarn-hiem/delsetting betsjut.[1] Op 16 july 1757 baarnde yn in pear oeren tiid in grut part fan it doarp ôf. Yn 1852 waard it Amtsgericht Dorum, it kantongerjocht, oprjochte.

Nijsgjirrich is it wapen fan Dorum. It is spjalte yn twa helten. It lofter helte bestiet út sulver fjild mei dêryn in swarte read bewapene heale earn. De rjochter helte bestiet op syn bart út twa parten. It boppeste part is in yn goud fjild mei in yn swart in Sint-Urbanusfiguer en it ûnderste part is in sulveren klaverblêd yn grien fjild. De heale earn, dy't yn in soad Fryske wapens foarkomt, wiist nei de betsjutting fan Dorum as haadplak fan it Fryske Lân Woersten. De hillige Urbanus is beskermhillige fan de Dorumer tsjerke en it klaverblêd is in sinnebyld fan it gea.

Besjenswurdichheden

bewurkje seksje

Troch Dorum rint de lânwei fan Midlum nei Bremerhaven en it plak leit 6 kilometer fan Bundesautobahn 27. Dorum hat in stasjon oan de spoarwei tusken Cuxhaven en Bremerhaven.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.ndr.de/ndr1niedersachsen/programm/ortsnamenforscher107.html