Sint-Urbanustsjerke (Dorum)
De Sint-Urbanustsjerke (Dútsk: St.-Urbanus-Kirche) is in protestânsk (evangelysk-lutersk) tsjerkegebou yn Dorum, in plak yn it Fryske Lân Woersten yn de Dútske Landkreis Cuxhaven. De tsjerke is wijd oan paus Urbanus I. Tegearre mei de Sint-Willehadustsjerke yn Wremen en de tsjerke fan Imsum, is de tsjerke de haadtsjerke fan de troch Friezen stifte Lân Woersten. De âldste dielen fan de tsjerke datearje út de 13e iuw. In houten tsjerke en in gebou fan dowestien giene oan it hjoeddeiske godshûs foarôf. It gebou en it ynterieur tsjûgje tsjintwurdich noch fan it eartiidske wolwêzen fan de krite.
Sint-Urbanustsjerke St.-Urbanus-Kirche | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
regio | Nedersaksen | |
lânkring | Cuxhaven | |
plak | Dorum | |
koördinaten | 53°41' N 8°34' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Evangelysk-lutherske Tsjerke | |
patroanhillige | Urbanus I | |
Arsjitektuer | ||
boustyl | romanogotyk | |
monumintale status | kultuermonumint | |
Webside | ||
www.kirche-dorum.de | ||
Kaart | ||
Bouwurk
bewurkje seksjeDe Urbanustsjerke is in ienskippige sealtsjerke, wêrfan it tsjerkeskip út rûge granytstiennen bestiet. De finsterkezinen oan de súdkant hawwe in râne mei mitselwurk fan bakstiennen. Eastlik slút him in yn 1510 fergrutte trijeskippich hallekoer oan, dat foar in grut part fan bakstiennen boud waard. De koer, wêrfan de eastlike gevel in tal bline nissen hat, is heger as it skip. In achtkantige opbou op de westtoer waard yn de jierren 1750-1751 op in ûnderbou fan fjild- en bakstiennen dienmakke. De bekroaning mei in achtkantige spits folge yn 1757. It portaal fan de toer is net oarspronklik en stamt út it jier 1920.
Ynterieur
bewurkje seksjeIt ienfâldige tsjerkeskip draacht in balkesouder en wurdt ferljochte troch grutte, trijedielige finsters yn de súdlike muorre, dy tagelyk mei de bou fan de koer yn 1510 oanbrocht waarden. Nei it easten slút him in trijeskippich hallekoer oan. De netferwulten rêste op fjouwer rûne pylders fan bakstien.
- De letgoatyske beskildering yn it koerferwulft toant it Jongste Gerjocht mei sintraal in Kristusfiguer, flankearre troch Maria en Johannes. Ingels sweevje om de sintrale foarstelling en derûnder steane de deaden út harren grêven op. Rjochts dûkt in meunsterlike fisk mei in duvel op.
- It alter waard yn 1670 makke troch Jürgen Heidtman út Otterndorf.
- It moarmeren doopfont komt út 'e 13e iuw. It achtkantige houten lid is fan lettere tiid en stammet likernôch út 1670.
- De polygonale kânsel waard yn de jierren 1681-1620 troch Michael Ringmacher makke, in houtbewurker út Otterndorf.
- In frijsteand sakramintshûs fan Baumberger sânstien datearret út 1524.
- Yn de tsjerke binne twa houten kruzen; in romaanske út de earste helte fan de 13e iuw en in letgoatyske út it midden fan de 15e iuw.
- It piipoargel yn in histoaryske oargelkast út 1765 waard yn meardere fases tusken 1964 en 1984 boud troch de oargelboufirma Hillebrand. It oargel beskikt oer 22 registers, ferdield oer twa manualen en pedaal.
Ofbyldings
bewurkje seksje-
Oargel
-
Koer en alter
-
Muorreskildering Jongste Gerjocht
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory St. Urbanus (Dorum) fan Wikimedia Commons. |