Urbanus I wie de santjinde paus fan 'e Tsjerke fan Rome.

Urbanus I
   hillige
persoanlike bysûnderheden
berteplak Rome
stjerdatum 23 maaie 230
stjerplak Rome
paus fan Rome
foargonger Kallikstus I
opfolger Pontianus
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
Eastersk-Otterdokse Tsjerke
patroan fan wynboeren, Maastricht, Toledo, Troyes, Valensia

Paus Urbanus I waard berne yn Rome en ferstoar op 23 maaie 230. Yn 222, it jier wêryn't keizer Elagabalus fermoarde waard, folge er paus Kallikstus op en nei syn dea waard er opfolge troch paus Pontianus.

Oer syn libben is net folle bekend. Hy wurdt tradisjoneel ferbûn mei Sesilia fan Rome, de patroanhillige fan 'e muzyk. De namme Urbanus betsjut de "beskaafde".

It pontifikaat fan paus Urbanus I wie oer it generaal rêstich ûnder keizer Aleksander Sevearus, dy't ferdraachsum foar kristenen oer wie. Yn 'e tiid fan Urbanus I bleau it skisma yn 'e tsjerke oanhâlden, dy 't mei de opposysje fan Hippolitus tsjin de pausen Sefyrinus en Kallikstus feroarsake waard. Hoe't Urbanus I foar Hippolytus oer stie, is ûnbekend.

 
Paus Urbanus I liet de begraffenis fan Sint-Sesilia yn 'e Romeinske katakomben.

Troch de relatyf grutte frijheid fan 'e kristlike mienskip ûnder it regear fan Sevearus groeide de Tsjerke fan Rome. Dêrfandinne waard oannommen dat Urbanus in betûfte bekearder wie. Leginden skriuwe oer grutte oantallen bekearingen, lykas Valerius, de man fan 'e hillige Sesilia, en syn broer Tibertus. Boppedat soe Urbanus neffens de 5e-iuwske Passio S. Caeciliae en oare lettere boarnen as martler troch ûnthalzing ûnder keizer Aleksander Sevearus stoarn wêze. In ferhaal wol ha dat Urbanus in ôfgodsbyld troch syn gebed falle litten hat en dat er dêrnei mei leaden kûgels gisele waard, foardat er troch ûnthalzing ombrocht waard. Mar oars as dy fromme tradysje ha wol, ferstoar Urbanus net de martlersdea.

Urbanus waard nei alle gedachten yn 'e katakomben fan Kallikstus begroeven. Dêr waard syn grêfplaat yn Grykske letters fûn.

In pauslik dekreet oer jeften fan 'e leauwigen wurdt neffens in Romeins breviarium oan paus Urbanus taskreaun:

De jeften fan 'e leauwigen oan 'e Hear meie allinnich brûkt wurde foar tsjerklike doelen en foar it algemien belang fan 'e kristlike mienskip, om't it de konsekrearre jeften binne fan 'e leauwigen, de boetes fan 'e sûnders en it erfdiel fan 'e earmen.

Urbanus I wurdt fereare as in hillige. Benammen yn Dútsktalige lannen en de Elzas wurdt er fereare as de beskermhillige fan wynboeren, wyngerds en kûpers. Sûnt de 13e iuw is Urbanus I yn bygelyks Rynhessen ien fan 'e populêrste hilligen. Op 25 maaie rûnen de wynboeren dêr eartiids yn prosesjes mei fersierde bylden fan Urbanus troch de doarpen om foar in goede rispinge yn 'e hjerst te bidden. Dy ferearing is lykwols basearre op in 5e-iuwske ferwikseling fan paus Urbanus mei de biskop fan Langres, dy't deselde namme hie.

Hy wurdt oproppen tsjin dronkenskip, jicht, froast, tonger en bliksem. Hy is ek de patroanhillige fan 'e stêden Maastricht, Toledo, Troyes en Valensia.

Syn feestdei is op 25 maaie.

Urbanus wurdt yn 'e keunst fakentiden sittend mei tiara, de pauslike mantel en in swurd dy't nei de grûn wiist ôfbylde. Fierders wurdt er ek fertsjintwurdige mei in pauslike mantel, in miter, in bibel, in pauslik krús en in tros druven ôf- of útbylde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: