Markus Aurelius Antoninus almeast bekend mei syn bynamme "Elagabalus" of "Heliogabalus" (sa. 20311 maart 222), wie in Romeinske keizer fan 218 - 222. Foar de antike en moderne generaasjes stie syn namme symboal foar de ferdoarnens en dekadinsje yn de Romeinske keizertiid en ek foar jammerdearlik orientalyske kulteurynfloeden.

Buste fan Elagabalus, Museum Capitolini yn Rome

Elagabalus krige by syn berte yn 203 de Latynske namme Varius Avitus Bassianus. Syn mem, Julia Soaemias, wie in nichtsje fan de romrofte mem fan keizer Karakalla, Julia Domna. Hy groeide op yn Emesa yn de provinsje Syrje en wie al op jonge jierren belutsen by de sinnekultus fan de god El Gebal, dêr't hy ek syn bynamme oan te tankjen hat.

Hy wie krekt fjirtsjin jier âld doe hy yn 218 ta keizer útroppen waard troch de oanhingers fan de âlde keizerlike famylje dy't de dea fan Karakalla troch Makrinus wreke woenen. It bewâld fan it ryk lit de jonge keizer foar it grutste part oer oan Julia Maesa en sels wijde hy him oan syn eigen Sinnegod, yn de eagen fan Romeinen in bizarre kultus, dêr't er ek haadpryster fan wie.

Hy besocht fan syn god mei de titel fan Deus Sol Invictus in Romeinske oppergod te meitsjen. Ter eare fan him lit er op de Palatyn yn Rome de grutte Tempel fan Elagabal bouwen.

Yn 221 oertsjogge Julia Maesa him syn neef Severus Aleksander ta Caesar (kroanprins) te beneamen, sadat er him alhiel tawije koe oan syn religy.

Nei fjouwer jier it purper droegen te hawwen waard de 18-jierrige keizer tagelyk mei syn mem op 11 maart 222 fermoarde. Syn eigen lyfwacht, de praetorjaanske garde wie dêr by belutsen op oanstichtsje fan Julia Maesa en Julia Mamaea. Harren oerskot waard troch de strjitten fan Rome sleept om dêrnei yn de Tiber smiten te wurden.

 
Auitus Varius Antoninus Heliogabalus, gravuere yn medaillon 1710

De skriuwer fan de Historia Augusta - in neifolger fan Suetonius - feroardiele yn syn biografy it libben fan de ferdoarne jonge keizer, mar beskriuwt wol alle útspattings dy't plak hienen op sawol religieus en sosjaal as op seksueel mêd. Sommige lettere skriuwers wienen sa mooglik noch ferneatiger oer him. Sa neamde de 19e iuwske histoarikus S.W. Stevenson him "...the most cruel and infamous wretch that ever disgraced humanity and polluted a throne..." ("...de wreedste en ferachtlikste stakker dy't ea de minskheid ûntsierde en in troan fersmoarge...").

Keppeling om utens

bewurkje seksje