Julia Domna (170-217) wie keizerinne fan it Romeinske Ryk fan 193 ôf oant har dea. Sy wie yn har tiid ien fan de machtichste en wichtichste persoanen yn Jeropa en de machtichste frou fan it Romeinske keizerryk. Troch har optrede is it te tankjen dat it Romeinske ryk al net oan it begjin fan it meiïnoar keizerskip fan har twa soannen Karakalla en Geta opspliten waard yn in eastlike en westlik diel. Letter yn de fjirde iuw soe dat dochs noch barre.

Búste fan Julia Domna
Poesjkinmuseum

Yn har libben die sy oan filosofy en tredde op as patroanes fan in tal filosofen. Sy wurdt sjoen as de frou dy't de filosofy werombrocht hat yn it Romeinske Ryk en it in foaroansteande posysje joech. Sy is ek ferneamd om har politike skerpens. [1] Om har hinne sammele sy in kloft filosofen en oare yntellektuelen, fan waans aktiviteiten wy op de hichte brocht binne troch de skriften fan de sofist en redener Lusius Flavius Pilostratus (sa.170-sa.247).[2]

Libben bewurkje seksje

Julia Domna waard berne yn de Romeinske provinsje Syrje as dochter fan Julius Bassianus, hegepryster fan de El Gebal sinnegod kultus fan Emesa. As jonge frou reizge sy nei it westen en troude yn 187 mei de Noard-Afrikaanske Lusius Septimius Severus, dy't letter keizer fan Rome wurde soe. Yn 188 en 189 waard sy mem fan twa soannen, Karakalla en Geta.

Doe't Septimius Severus yn 193 troch de senaat ta keizer útroppen waard, krige sy de titel Augusta (keizerin). Omdat sy altyd mei har man meigong op fjildtochten krige sy yn 195 de titel Mater Castrorum (mem fan de forten of legerkampen).[3] Nei de dea fan Septimius Severus yn 211, soe sy troch de senaat noch mear titels takend wurde, te witten: Mater Senatus en Mater Patriae (Mem fan de Senaat en Mem des Heitelâns).

Doe't harren soannen keizer wurde wienen, woenen dizze net gearwurkje en beslute it ryk op te dielen yn in eastlik part, mei Geta as keizer, en westlik part, mei Karakalla as keizer. Julia Domna kaam lykwols tuskenbeide en ferhindere de opsplitsing mei de wurden: "Jim kinne miskien it ryk wol tusken inoar ferdiele, mar net jim mem".[4]

Yn desimber 211 waard sy troch Karakalla ferrieden neidat sy op syn foarstel in moeting regele hie tusken har soannen mei as doel om de skelen byinoar te lizzen. Lykwols waard nei Geta syn oankomst dizze foar har eagen, miskien sels wol yn har earmen troch soldaten fan Karakalla fermoarde.

Doe't úteinlik ek har âldste soan fermoarde waard (op dat stuit ferbliuw sy yn Syrje), wie sy wanhopich en besocht even selsmoard te dwaan, mar seach dêr fan ôf doe't de nije keizer Makrinus har te kennen joech dat sy al har titels behâlde mocht. Stadich oan sette Julia Domna in kampanje útein tsjin Makrinus. Doe't dy fan har plannen op de hichte rekke, moast sy nei Rome komme dêr't sy har sels tekoart die troch yn hongerstaking te gean.

Fuotnoaten bewurkje seksje

  1. K. Lindemann, art. Julia Domna, Women-Philosophers.com (2008).
  2. art. Julia Domna, yn Encyclopaedia Britannica 6 (1993), side 645. konform Pilostratus, Vita Apollonii I 1.3.
  3. CIL XII 4345, XIV 120.
  4. Herodianus, Ab excessu divi Marci IV 3.8.

Keppeling om utens bewurkje seksje