Julia Soaemias
Julia Soaemias Bassiana (180 - 11 maart 222) wie de mem fan de Romeinske keizer Elagabalus en hearske oer it Romeinske Ryk ûnder de minderjierrichheid fan har soan (218-222).
Skiednis
bewurkje seksjeJulia Soaemias wie in dochter fan Julia Maesa, in tige ynfloedrike Romeinske frou fan Syrysk komôf, en Julius Avitus. Har omke wie keizer Septimius Sevearus en se wie de suster fan Julia Mamaea. Sy troude mei Sekstus Garius Marsellus, in Romein dy't ek fan Syryske komôf wie. As leden fan de keizerlike Romeinske famylje wennen sy yn Rome dêr't al har bern berne waarden.
Yn 217 waard har neef keizer Karakalla fermoarde, en waard Makrinus de nije keizer. De famylje fan de fermoarde keizer krige tastimming om nei Syrje werom te gean mei al harren eigendommen. Mar sy lieten lykwols de nijeling net samar op de troan ta en Julia fette tegearre mei har mem it plan op om Makrinus út te wei te romjen en him ferfange te litten troch har eigen soan Farius Avitus Bassianus (Elagabalus) dy't doe trettjin jier âld wie. Sy fersprate it geroft dat Elagabalus de bastertsoan wie fan Karakalla.
Yn 218 stoar Makrinus, en Elabalus waard keizer. Julia waard sa de facto hearsker fan Rome omdat de tsiener him benammen dwaande hâlde mei religieuze saken. Harren bewâld wie net populêr en al gau wie der spul. Julia Soaemias en Elagabalus waarden troch de Praetorjaanske garde fermoarde.
Julia krige letter waard it stimpel opdrukt fan "publike fijân", en har namme waard út de skiednisboeken ferwidere.