Eiderstedt (Noardfrysk: Ääderstää) is in skiereilân yn Dútslân. It is in ûnderdiel fan Noard-Fryslân yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. It skiereilân is likernôch 30 kilometer lang en 15 kilometer yn de breedte. Eiderstedt is ûntstien troch ynpoldering fan trije eilannen: Eiderstedt (de omkriten fan Tönning), Utholm (om Tating hinne) en Evershop (om Garding hinne). It ynpolderje fan it gebiet begûn om it jier 1000.

In âlde kaart fan Eiderstedt, makke healwei de 16e iuw.

De troch de see ôfsette grûn is tige gaadlik foar lânbou. Hjoed de dei soarget toerisme foar in grutte boarne fan ynkomsten. Benammen oan de westlike kante fan it eilân, oan de Waadsee yn de omkriten fan Sankt Peter-Ording, komme in protte besykers. De Westerhever fjoertoer is in wichtige toeristelûker fan it skiereilân en it meast promininte fan Dútslân. Oare bouwurken dêr't in protte minsken op ôfkomme binne de Eidersperrwerkdaam en it Katinger Watt.

Wichtichste plakken yn it gebiet binne:

 
De fjoertoer fan Eiderstedt by Westerhever.

Oan it begjin fan lânfoarming tusken de ferskate eilannen ûntstienen lântongen dêr't slyk op ôfset waard. Omdat de trije eilannen allegear selsstannige distrikten, in saneamde herad, waard it ûntstiene gebiet ek wol Dreilände (Trije Lannen) neamd. Oan de westkuste fan Eiderstedt, foar Sankt Peter-Ording en Westerhever, lizze inkelde sânbanken en sâltflaktes. Al mei al bestiet it lânskip fan Eidersteds út sa'n 175 hektare dunen. In grut part fan dizze dunen lizze binnen de seediken, hjirtroch komt der gjin nij sân by de dunen wêrtroch se stadichoan ferdwine.

Trochdat Eiderstedt hieltyd bleat stie oan it wetter waarden de ynwenners fan it gebiet twongen om har oan te passen. Der waarden al yn in betiid stadium diken oanlein.

It gebiet waard yn de 8e iuw kolonisearre troch de Friezen. Letter, sûnt de 14e iuw, waard it ûnderdiel fan it Hartogdom fan Sleeswyk.

Yn 1864 kaam it Deenske Hartochdom fan Sleeswyk yn hannen fan de Prusen. De Prusen makken yn 1867 fan Eiderstedt in eigen distrikt (Kreis). Yn 1970, waarden de distrikten Eiderstedt, Hüsem en Súdtondern gearfoege ta it distrikt Noardfryslân.

 
It wapen fan it âlde Dútske kreis Eiderstedt.

Eiderstedt is in Dútsk amt. It is wer ûnderferdield yn 16 ferskate mienskippen:

  1. Garding
  2. Garding, Kirchspiel
  3. Grothusenkoog
  4. Katharinenheerd
  5. Kotzenbüll
  6. Norderfriedrichskoog
  7. Oldenswort
  8. Osterhever
  9. Poppenbüll
  10. Sankt Peter-Ording
  11. Tating
  12. Tetenbüll
  13. Tümlauer Koog
  14. Vollerwiek
  15. Welt
  16. Westerhever

Oan de plaknammen op Eiderstedt is te sjen dat in protte gebieten wûn binne op de Waadsee troch ynpoldering. In protte plaknammen ha koog yn de namme, dat it Dútske wurd foar 'polder' is.

Inkelde foarbylden binne: Wasserkoog, Norderheverkoog, Heverkoog en Holmkoog.

Der binne ek in protte plaknammen mei 'deich' (dyk) yn de namme.

Keppeling om utens

bewurkje seksje