Hüsem
Hüsem (Dútsk: Husum) is de haadstêd fan Noard-Fryslân yn Sleeswyk-Holstein. Yn Hüsem wennen 22.338 minsken yn 2007 en yn 2010 22.220.
Hüsem Husum | ||
![]() | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 22.220 (2010) | |
Oerflak | 25,82 km² | |
Befolkingstichtens | 861 / km² | |
Hichte | 14 m | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Sleeswyk-Holstein. | |
Kreis | Noard-Fryslân | |
Boargemaster | Rainer Maaß (SPD) | |
Oar | ||
Koördinaten | ||
Webside | www.husum.org – Webside fan de stêd Husum |
De âldste stedskronyk giet werom nei it jier 1252. De Kening Abel fan Denemark besocht in nije belesting yn Noard-Fryslân yn te fieren mar de Friezen wegeren dat. Abel besleat om de Friezen oan te pakken, en stoar yn de striid by Husembro (Hüsembrêge).
Lykas de measte plakken oan de Noardsee, is Hüsem en omkriten ek tige beynfloede troch stoarmfloeden. By de ellindige stoarmfloed fan 1362, de Grote Mandrenke[1], strûpte de stêd ûnder en ûntstie der in ynholte. Dêrfoar lei Hüsem net oan de kust. De stêd die syn foardiel dêrmei en waard in merkplak dat ta in grutte ekonomyske opgong late.
Tusken 1372 en 1398 groeide de befolking fan Hüsem bot en waarden twa doarpen stifte, Oster-Husum (East-Hüsem) and Wester-Husum (West-Hüsem).
De namme Hüsem wurdt yn 1409 foar de earste kear brûkt.
GeografyBewurkje
Hüsem leit oan de Noardsee, 43 km súdeastlik fan Flensboarch.
StedsdielenBewurkje
De wichtichste stedsdielen fan Hüsem binne:
- Innenstadt
- Nordhusum
- Porrenkoog
- Osterhusum, Osterhusumfeld
- Altstadt
- Norderschlag
- Dreimühlen
- Rödemis
- Fischersiedlung
- Neustadt
- Gewerbegebiet Ost
- Kielsburg
- Rosenburg
- Schobüll
- Halebüll
- Hockensbüll
- Lund
MuseaBewurkje
- It Theodor-Storm-Haus is in museum oer Theodor Storm.
- It Noard-Fryske Museum Ludwig-Nissen-Haus hat histoaryske keunst- en kultuerûnderwerpen.
- It Schloss vor Husum kin yn de König-Friedrich-V.-Allee besjoen wurde.
- Skipfeartmuseum.
- It Ostenfelder Bauernhaus is it âldste Dútske iepenloftmuseum
- It Poppenspäler Museum hat Poppeteater as tema.
UnderwiisBewurkje
GymnasiumBewurkje
- Hermann-Tast-Schule, humanistysk gymnasium sûnt 1527.
- Theodor-Storm-Skoalle
Middelbere skoallenBewurkje
- Gesamtschule Husum-Nord
- Ferdinand-Tönnies-Skoalle
- Husum Danske Skole (Deenske skoalle)
BasisskoallenBewurkje
- Iven-Agßen-Schule, sûnt 1619, ien fan de âldste legere skoallen fan Dútslân.
- Boargerskoalle
- Klaus-Groth-Skoalle
- Bornskoalle yn Schobüll
Ferneamde ynwennersBewurkje
Adolf Brütt (1909)
- Hermann Tast (1490−1551), Protestantsk reformator[2]
- Johannes Mejer (1606–1674), kartograaf[3]
- Peter Axen (1635–1707), jurist, filolooch, humanist en diplomaat[4]
- Nicolaus Bruhns (1665-1697), hie in protte ynfloed op Johann Sebastian Bach, wie oargelist yn Hüsum fan 1689 oant 1697.
- Theodor Storm (1817−1888), Dútsk romanskriuwer
- Janina Uhse (1989), aktrise
- Wiebke Puls (1973), aktrise en sjongster
- Fanny zu Reventlow (1871-1918), Dútsk skriuwer en oersetter
- Oskar Vogt (1870-1959), Dútsk neuro-anatoom/breinwittenskipper
- Jan Wayne (* 1974) DJ, sjonger en plateprodusint
- The Destiny Program (earder Destiny), in hardcore/metalcore band op it heden Nuclear Blast neamd