De Lauwers is de grinsrivier tusken Fryslân en Grinslân, en ek de fuortsetting dêrfan yn de foarm fan it seegat tusken Skiermûntseach en Rottum.

Rin fan de Lauwers
Bopperin fan de Lauwers noardlik fan Peebosk
Slûzen (1882) yn de Lauwers yn Muntsjesyl
Lauwers by Fiskflyt fan de Gerkesbrêge (noarden) ôf
Alde Lauwers by De Leechte (suden)
Syldjip yn Pitersyl (noarden)
Gesicht fan de Friesche Sluis ôf op de mûning fan de Muntsjesylsterryd foar de slûs

Bopperin bewurkje seksje

Tsjintwurdich leit de boarne fan de Lauwers yn it leechfean súdeastlik fan It Surhústerfean. Foar it ôfgraven fan it heechfean lei de boarne lykwols in stik súdliker, yn it gebiet tusken de doetiidske gritenij Smellingerlân en it Westergoa.

Fan de bopperin fan de Lauwers is net mear oer as in foege sleat. De Lauwers wurdt by Strobos krúst troch it Prinses Margrietkanaal, en noardliker troch it spoar fan Ljouwert nei Grins.

Underrin bewurkje seksje

Benoarden it spoar, komt de Aldfeart, dy't likernôch deselde kant út rint, yn de Lauwers út, en dêrmei kriget de Lauwers it oansjen fan in rivier. Nei't de rivier Fiskflyt foarby rint, split er benoarden fan dat plak yn twa earms. De westlike earm, de Alde Lauwers, is de oarspronklike rin fan de rivier. De eastlike, it Syldjip is in kanalisearring oanlein troch de muontsen fan it Kleaster Jeruzalim. Foarby Pitersyl komme de earms wer byinoar. Fan dêr út wei rint de rivier it noarden yn nei Muntsjesyl.

Utrin bewurkje seksje

By Muntsjesyl rûn de Lauwers earder yn de Lauwerssee. Mei it oanwinnen fan nij lân kaam der lykwols ferlet fan in nije syl, de Bûtensyl. Dêr foarby rint de Muntjesylster Ryd nei it noardeasten, oant dy by it Reiddjip komt. Foar it ôfsluten fan it Reiddjip rûnen de riden njonken elkoar nei it noarden, oant de Lauwers yn de omkriten fan de Griene Plaat útkaam yn it Ryddjip. Hjoed-de-dei wurde se fierder laat nei it noardwesten, en komt de Muntsjesylster Ryd fia de Fryske Slûs út yn de Sâltkamper Ril. Fia de Lauwersmar en de Lauwersslûzen hat de Lauwers in ferbining mei de Waadsee, en dêr wei fia it Sâltkamper Leech troch it Fryske Gat mei de Noardsee.

De mûning fan de Lauwers lei earder mear nei it noardwesten. Neffens guon boarnen soe de Lauwers oant likernôch 1300 fia de Lauwerssee lâns de eastkant fan Skiermûntseach (op it plak dêr’t tsjintwurdich it doarp leit) yn de Noardsee útkommen wêze. Yn de 17e iuw wiene it eilân en it seegat al sa fier opskoot dat it wetter doe oan beide kanten by it eilân lâns gong, en yn de 20e iuw is de ferbining mei it eastlik seegat ferdwûn. Ek sûnder dy ferbining hjit lykwols it seegat tusken Skiermûntseach en Rottum noch "Lauwers".

Grins bewurkje seksje

De Lauwers is al iuwen de grins tusken Fryslân en Grinslân. Ek fan de grins dy't yn de Lex Frisionum neamd wurdt, wurdt meast oannaam dat dy de Lauwers oantsjut. Fanwegen de opdieling fan it Fryske gebiet oer dizze line, wurdt de provinsje Fryslân wol oantsjut as Westerlauwersk Fryslân, en de taal dy't dêr sprutsen wurdt as Westerlauwersk Frysk. De grins rint ek troch it seegat; it formele ferrin fan de grins moat derby oanpast wurde oan it kuierjen fan de eilannen.

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje