Wanneljen fan in eilân

It wanneljen fan in eilân is it ferskynsel dat foaral waadeilannen net altiid op presys itselde plak lizzen bliuwe. Troch lânferlies oan ien kant en lânwinst oan in oare liket it eilân te ferskowen. Mar om't it eilân net wier ferskoot bliuwe de doarpen op it eilân op it âlde plak lizzen, wat betsjut dat se op it lêst "fan it eilân ôf falle". Om't lange tiid de eilannen hieltyd nei it easten wannelen, hat Flylân it doarp West-Flylân oan de see ferlern, is fan it Amelân it doarp Sier ferdwûn, en hat Skiermûntseach gjin Westerbuorren mear.

Lange tiid waard tocht dat al ús eilannen nei ferrin fan tiid yn de mûning fan de Eems ferdwine soenen, mar op it ein fan de 20e iuw die bliken dat der ek sânwinst oan de westkant fan de eilannen wêze kin. En soenen in de rin fan millenniums de hjoeddeiske eilannen al nei it easten ferdwine, dan moatte we oannimme dat oan it begjin fan de rige oare eilannen it gat wer folle soenen. Sa binne de Heakse grûnen safolle woeksen dat de Noarderheaks no eins al net mear as in plaat beskôge wurde kin. Sa feroaret it byld fan in weiwannelende rige eilannen yn ien fan eilannen dy't foarby wannele, wylst de rige altyd bliuwt.